Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Stimmen fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire

06-04-2022  •  2 reacties  •  De Zware Jongens  •  De toekomst van het Fries

Stim(men) fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire!

In mear sichtber en fanselssprekkend plak foar it Frysk yn Fryslân… Hoe soe dat better kinne dan troch Frysk Feestrepertoire dat eltsenien meisjonge kin en by eltsenien yn de holle sitten bliuwt?

Wy binne de Zware Jongens, twa bekende stimmen fan Fryslân. Twa sangers dy’t net alllinnich yn alle úthoeken fan de provinsje optreden hawwe mar ek yn de rest fan it lân.  Fokko Dam (“Fokko met de bordjes” fan de Blauhúster Dakkapel) en Arie Kuipers, skriuwer fan ûnder oare “Bonkefeart” fan Anneke Douma en it Makkumer befrijdingsliet: “Gretha”.

Om mear minsken gebrûk meitsje te litten fan de Fryske taal, like it ús in goed idee om in tal Frysktalige feestlike ferskes nûmers op te nimmen. Frysktalich feestrepertoire dêr’t elfsenien op in brulloft, op’e merke of yn it kafee mei meisjonge kin. Der hearre seker in pear goeie fideoklips by foar de social media en foar Omrop Fryslân.

Fokko Dam en Arie Kuipers ha tegearre mear as in iuw ûnderfining yn it skriuwen, opnimmen en útfieren fan musyk.  

In goed feestliet is ûnbeheind hâldber en brûkber.

Foar € 15.000,- leverje wy fiif nij skreaune orizjinele musykstikken oan. By ôflevering is it produkt geskikt foar profesjoneel gebrûk op radio en televyzje. Yn dit bedrag binne alle produksjekosten ynbegrepen: fideoklips, studiokosten en it skriuwwurk.

De Zware Jongens hawwe in grut berik. Ús nûmers binne mear as 25 miljoen kear streamd. Op Spotify hawwe wy 140.000 moanlikse harkers. Guon ferskes fan ús ha mear as in miljoen views op YouTube. De provinsje wol graach in soad minsken berikke mei dit projekt. Wy kinne dêr foar soargje mei ús bekendheid en berik.

Wy binne fan miening dat wy mei Frysktalig feestrepertoire in nije doelgroep berikke: foaral de jeugd.

Keunstwurk Balk

07-04-2022  •  1 reactie  •  Harm van Zuiden  •  De toekomst van het Fries

Jierren lyn hawwe skoallebern fan Csg Bogerman it tunneltsje by Balk fersierd mei in grafiti-keunstwurk mei de tekst: Frysk Bloed Tsjoch Op! Dit wie in opdracht fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Dit keunstwurk is spitigernôch troch de nije gemeente de Fryske Marren oersmard mei wytkalk. Yn oerlis mei dizze gemeente mei it keunstwurk wer hersteld wurde.

Hjirfoar is Kunsteducatie Nederland benaderd om profesionele dosinten en grafiti keunstners te leverjen. It gehiel wurdt troch Csg Bogerman Balk útfierd. Ynskatting is dat it projekt tusken de 1500 en 200 euro kost: wytkalkje, 2 workshoplieders in hiele dei, materiaal en fine-tuning efterôf. Doel is om reizigers harren wolkom fiele te litten yn Balk. Miskien is de tekst: Wolkom yn Frysktalich Balk in opsje.

Fryskify: Nij platfoarm foar muzyk fan en troch Fryske grûn!

09-04-2022  •  Geen reacties  •  Mr. Rummble  •  De toekomst van het Fries

Ik wol efkes beneame dat ik allegjer ideeën sjoch dy't op inoar ynheakje of op inoar lykje of as ien útfiert wurde kinne, dêrom de oprop om de koppen byinoar te stekken!

Myn idee is:

In nij online platfoarm om muzyk te learen, te spyljen en te harkjen mei in eigen radio/Tv kanaal om de taal, muzyk en kultuer ûnder de jongerein te kryen en te ferbinen mei de âlderein! Hjir komme wer mear ideeën efter wei sa as Fryskify (Spotify foar Frysk relatjerre muzyk, podcasts en poezy).

Hjirby wurd de keppeling makken nei alle 400 Fryske basisskoallen en kin de geawurking yn gong setten wurde mei bygelyks Muzykskoalle it Atrium te Snits. Ek de 11 Fryske fonteinen mei harren poezy en filosofy wurd net hjirby ferjitten en it kin prachtich oanslúte op de metoaden fan Âfuk. 

Myn rol is betinker, ferbiner en ynspirator en wer at ik mar kin de rol dy't nedich is om it project fjirder te bringen!

In foarbyld foar de keppeling tusken jongeren en âlderen soe it ek in prachtich idee wêze om âldere misnken ferhalen fertelle te litten yn it Frysk en dat troch de jongeren wer om sette te litten yn poezy, keunst of in muzyk en theater. Dit neam ik 'de Leagenbank'. Sterke ferhalen dy't liede ta nije jonge kreativiteit!

It maximum bedrach sil net genôch wêze mar in moaie opatap wêze om de start meitsje te kinnen!

Hiel Fryslân sil fan dit plan genietsje kinne omdat it net fést sit oan ien plak.

*Fryskify is noch in wurknamme.

SJONG IT Live

05-04-2022  •  2 reacties  •  SJONG IT  •  De toekomst van het Fries

Yn 3 groepen fan maksimaal 10 sette amateursjongers / sjongeressen ûnder begelieding fan in singer / songwriter lykas Elske de Walle in besteand popnûmer oer yn it Frysk foar 4 oeren de groep.

Troch in sjongdosint (Marysa Dijkstra) wurde se yn 4 oeren de groep taret op in opname fan it nûmer. Yn Studio Audioshape wurde de nûmers opnommen, mikst en mastere.

Dizze nûmers wurde online dield fia social media lykas YouTube, facebook en Instagram.

Op it poadium fan Neushoorn wurdt in konsert organisearre dêr 't publyk frije tagong hat.

 

Mei dit projekt leare muzikanten it Frysk brûken, is online de Fryske muzyk te beharkjen en is op in live optreden foar publyk omtinken foar de Fryske taal.

Verwachte Kosten: singer-songwriter 1.000 euro / sjongdosint 1.000 / organisaasje en kosten repetysje lokaasje 400 / cd opnames 6.000 euro Konsertkosten Neushoorn 6.000 = totaal 14.400 euro

Fuortendaliks berik fan 30 amateursjongers en publyk by konsert (ferwachtet 150 ), yndirekt ree fia social media skat op 15.000 minsken.

Plaquette Balkespringer Surhuzum

09-04-2022  •  Geen reacties  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De toekomst van het Fries

Yn Surhuzum soenen wy graach in plakette realisearje wolle foar by de Balkespringer. Ferline jier kaam de Balkespringer Surhuzum einlik thús. It keunstwurk De Balkespringer yn Surhuzum waard doe ferpleatst. Wethâlder Max de Haan en de leden fan Pleatslik Belang Surhuzum hjitten op 24 maart 2021 De Balkespringer wolkom op syn nije plak, oan de Doarpsstrjitte foar de Antoniustsjerke, dêr 't er yn 1617 de sprong weage.

In moaie tafoeging foar ús doarp Surhuzum soe in plakette wêze dêr 't op útlein wurdt wat it ferhaal efter dit stânbyld no eins is. Surhuzum is in plakje yn de Fryske Wâlden, wat mei har moaie kûlizelânskip in moaie omjouwing is foar fytsers en kuierders út oare dielen fan it lân. Sa komme der op moaie simmerdagen tal fan toeristen troch ús doarpke fytsen.

Foar it ferbetterjen fan it oansicht fan it doarp Surhuzum en foar minsken fan oare plakken dy 't in besyk oan ús doarp bringe soene wy dêrom besykje wolle om in moaie plakette te realisearjen foar de Balkespringer. De plakette sil nei ferwachting net mear as € 500 kostjen gean.

Understeande tekst soene wy op de plakette pleatse litte wolle. Fansels yn it Frysk, mar as it mooglik is ek yn it Nederlânsk, sadat de ferbining tusken Frysk en Nederlânsk mooglik makke wurde kin.

Knilles Eiberts Syn offisjele namme wie Cornelis Egberts Gayckema, alias Saphias. De âlden fan Knilles wiene Egbert Theunis en Neeltje Annes. De famylje Gayckema is meniste. As boer, ferfeansker of skipper fertsjinje se har brea. Se hearre ta de earste kolonisten fan it Gordykster fean.

Cornelis giet de skiednis yn as “ de balkenspringer ” fan Surhuzum. Nei ferwoasting troch brân ein tachtiger jierren yn de sechstjinde iuw (80 - jierrige oarloch yn de Spaanske oerhearsking fan 1568 -1648) begjint men mei de werbou fan de tsjerke yn it jier 1614. Yn 1617 is de put klear en yn datselde jier is Cornelis fjirtjin en kenlik in “ bluisterich jongfeint ”. Wy kenne him as de knaap dy 't oer sechstjin balken sprong yn ien loop: goed twa en in heale meter fan inoar ôf. Boppedat meters boppe de begeane grûn. Hy oerlibbet syn gefaarlike stunt want yn 1645 stjert er op 42 - jierrige leeftiid. By de tsjerke is er begroeven. De grêfstien fûnen se werom oan de súdkant fan de tsjerke. Cornelis wie fan berop beurtskipper op Dokkum. ~~~ A.G.IJ.

Freonlike groetnis,

Pleatslik Belang Surhuzum

Betûfte learkrêften foar de Fryske taal- en identiteisûntwikkeling fan de bern!

07-04-2022  •  1 reactie  •  Pabû NHL Stenden Ljouwert  •  De toekomst van het Fries

As Pabû fan de provinsje wolle wy alle Pabû-studinten yn it leargebiet Taal&Identiteit de kâns jaan op mei te gean op in stúdzjereis fan fiif dagen nei in regio mei in minderheidstaal yn Europa, lykas Wales, Skotlân of Kataloanje .

Op de Pabû  yn ús provinsje wurde leararen fan de takomst oplaat dy’t it Frysk aktyf brûke op de basisskoalle sadat bern ek aktyf it Frysk as fiertaal yn Fryske basisskoalle en as omgongstaal bûten de skoalle brûke. Ut ûnderfining witte wy dat as studinten troch stúdzjereizen yn de kunde komme mei oare Europeeske regio’s dêr’t in minderheidstaal praat wurdt, dat sy har just dan mear bewust wurde fan it Frysk it gebrûk dêrfan. Neist it ûntwikkeljen fan positive hâlding oangeande it gebrûk fan de Fryske taal,  ûntdekke de studinten wat de posysje fan dy minderheidstaal yn it (basis)ûnderwiis is en sjogge hokfoar didaktyk dêr tapast wurdt. Op dizze wize wurde Fryske studinten ek stimulearre har mear te ferdjipjen yn it Frysk, de posysje fan it Frysk en it gebrûk fan it Frysk yn en bûten de skoalle en it Frysk as ien fan de Europeeske talen. Dat is ien fan de wichtichste doelen fan it leargebiet Taal & identiteit op de Pabo dêr’t op jierbasis sa’n 150 studinten yn partisipearje.

Buorman en Buorman yn it Frysk (Gurbe en Piebe)

31-03-2022  •  7 reacties  •  Eamel  •  De toekomst van het Fries

Buurman en Buurman, wa is der net grut mei wurden. In Fryske fersie soe echt leuk wêze foar jong en âld. Der bin ek in pear ôfleveringen yn it Grinslanders en dy gongen firaal!

Alle sosjale media hjir oan keppelje. Tik tok FB ensanf. Wa wyt kin wy dit ek op de omrop krije??? De linseensjes lese yn Nederlân by Marc van Selms, van TradeMarcLicensing, dêr mat wy wol út komme kinne. 

Wy kinne de filmkes sels ynprate mei leuke stemkes en leuk montêre.

Eamel 

Oer it realisearjen fan de rjochten is kontakt mei de copyright eigener (Patmat en Boba Studio s.r.o). Der is in earste tastimming foar it meitsjen fan tenminste ien ôflevering en de mooglikheid op mear. It definitif mooglik realisearjen fan dit idee mei totaal maksimaal 15.000 euro is mei ofhinklik fan fierdere ôfspraken mei harren hjiroer. Ek kin besjoen wurde om hjirnjonken ek bêrneboekjes buorman & buorman yn it Frysk út te jaan.

frysk yn doarp en iepen fjild

01-04-2022  •  Geen reacties  •  doarpbelang deinum en doe en no  •  De toekomst van het Fries

Doarpsbelang en Deinum Doe en No soene mei Stim fan Fryslân in grutte dream realisearje wolle. De histoarje fan ús doarp, de markante gebouwen it âlde tsjerkepaad fan Deinum nei Blessum en Boksum, wa wit no noch as ynwenner, fytser, toerist of de jonge bern wat der eartiids spile yn dit doarp. De âldere generaasje kin noch it ferske “en yn Deinum stiet de sipel op de toer, sipel op de toer, sipel op de toer.....” Deinum hat noch safolle mear en moais oan ferhalen en histoarje om te fertellen oan al dy minsken dy’t hjir yn it doarp wenje of lâns komme, ynwenners fan de provinsje, Friezen om utens of toeristen. Wisten jo wol dat Sjouke de Zee, tsiismakker yn Deinum wenne en op it fabryk wurke hat? Hoe moai soe it wêze as der in gedicht of ferhaal fan Sjouke ûnderweis foarby komt? Of witte jo eins net wa Sjouke de Zee wie? Kom dan ris nei Deinum!

Dy ferhalen en histoarje stean foar in grut part yn boeken oer it doarp mar wy soene dy ferhalen ûntslute wolle- sichtber meitsje - oan de dyk, by in hûs of in tún yn it doarp, yn it lân hjir om it doarp. Sichtber foar elkenien en yn it Frysk fansels, dat is hjir sa gewoan.

Wat sille we dwaan

We litte buorden mei twatalige ferhalen yn it Frysk en Nederlânsk en mei foto’s meitsje. De ferhalen wurde skreaun troch Doe en No. It gehiel sil opmakke wurde moatte troch in ûntwerper en drukt. De buorden moatte dan te plak yn it doarp, dêr binne we sels handich genôch foar.

 Dizze buorden wolle we in QR-koade meijaan sadat der noch mear eftergrûn ynformaasje te krijen is, dit heart by de ûntwerp kosten. Fierders wolle we ek in boekje mei in kuierroute útjaan, yn it boekje kin it ferhaal wat wiidweidiger ferteld wurde. Te keap yn it doarp by de bakker. Dit is part 1 fan ús dream – de Histoarje sichtber yn ús doarp, foar ús doarp, foar de besikers en toeristen oan ús doarp. Frysk yn de iepenbiere romte! Frysk sichtber foar elkenien!

Wy tinke dat dit tusken de 10.000 en 15.000 euro kostje sil (mei miskien fergunnings derby)

Mocht it tafalle dan soene we ek noch in bankje ûnderweis delsette wolle mei in moaie fryske tekst derop.

Op in letter momint hawwe yn de planning om mei in entûsjaste ferhalen ferteller noch wat filmkes of in podcast op te nimmen. Te sjen fia de site fan Doarpsbelang en te finen op You tube.

 

 

 

“Doch wêr ' tst bliid fan wurdst”

09-04-2022  •  1 reactie  •  Ria Vera  •  De toekomst van het Fries

Binne jo krekt as ik grutsk op jo Fryske woartels?  Dizze kâns om de Fryske taal te befoarderjen pak ik dan ek mei beide hannen oan. En wêr begjinst dan? Krekt by de bern!

"Doel is om bern sterk yn 'e skuon stean te litten". Wy geane út ús holle en meitsje safolle mogelyk gebrûk fan ús lichem.

Tink oan ferskate bewegingsfoarmen sa as dûnsje, berneyoga. Mar ek sjonge, muzyk en lytse toanielstikjes.

Der is in soad mooglik yn in jaske dat de bern oansprekt. 

Dus Frysk sawol stypje as oanleare! Mar dan yn in nije foarm.

 

Mei in budget fan 10.000 euro sadat der genôch romte is programma’s te ûntwikkelje wat oanslút by de ynteresse foar bern fan 4 oan’t 12 jier. 

 

Dy programma’s sille wy ynearsten oanbiede oan Fryske skoallen. De rest folget.

 

Wy sille de skoallen oanbiede om mei-inoar in dei út it projekt út te fieren. De hiele dei ûnderdompelje yn 'e tema's foar elke groep

 

De krêft sjen litte dat wy "gewoan" dwaan wêr ’t wy Friezen sa goed yn binne. “It gewoan dwaan”!!

 

 

 

 

Opfryskjen winkelstrjitten

09-04-2022  •  1 reactie  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.

Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!

Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.

Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.