Skip to main content
Skip to content
Ga terug

Betûfte learkrêften foar de Fryske taal- en identiteisûntwikkeling fan de bern!

P Pabû NHL Stenden Ljouwert  •  07-04-2022  •  1 reactie  •  De toekomst van het Fries  • 

As Pabû fan de provinsje wolle wy alle Pabû-studinten yn it leargebiet Taal&Identiteit de kâns jaan op mei te gean op in stúdzjereis fan fiif dagen nei in regio mei in minderheidstaal yn Europa, lykas Wales, Skotlân of Kataloanje .

Op de Pabû  yn ús provinsje wurde leararen fan de takomst oplaat dy’t it Frysk aktyf brûke op de basisskoalle sadat bern ek aktyf it Frysk as fiertaal yn Fryske basisskoalle en as omgongstaal bûten de skoalle brûke. Ut ûnderfining witte wy dat as studinten troch stúdzjereizen yn de kunde komme mei oare Europeeske regio’s dêr’t in minderheidstaal praat wurdt, dat sy har just dan mear bewust wurde fan it Frysk it gebrûk dêrfan. Neist it ûntwikkeljen fan positive hâlding oangeande it gebrûk fan de Fryske taal,  ûntdekke de studinten wat de posysje fan dy minderheidstaal yn it (basis)ûnderwiis is en sjogge hokfoar didaktyk dêr tapast wurdt. Op dizze wize wurde Fryske studinten ek stimulearre har mear te ferdjipjen yn it Frysk, de posysje fan it Frysk en it gebrûk fan it Frysk yn en bûten de skoalle en it Frysk as ien fan de Europeeske talen. Dat is ien fan de wichtichste doelen fan it leargebiet Taal & identiteit op de Pabo dêr’t op jierbasis sa’n 150 studinten yn partisipearje.

Locatie: De Pabû NHL Stenden fan ús provinsje dy't Frysk in fanselssprekkend plak jout yn it kurrikulum!

Voorstel ingediend door: NHL Stenden, Akademy Primêr Underwiis, Pabû

U moet inloggen of een account aanmaken om te kunnen reageren.
  • G

    Ut eigen ûnderfining wit ik hoe wichtich as it is om op jonge leeftyd útwikseling te ha mei fergelikbere twatalige regio's sa as yn Fryslân. Asto hjir wennest fynst it hiel gewoan en wolst der net folle gedoente mei ha. Pas asto sjochst yn in oare regio - benammen wer't it ferbean is - wurdst dysels bewust fan we as Friezen ha. Ik soe dit idee útwreidzje foar alle studinten fan de hegeskoalle, dus net allinnich foar de Pabû studinten.

    Geen likes  | 
    0
    0
    Geen reacties
    Geen mijlpalen gedefiniëerd