Taal
Provinsje Fryslân wol dat elkenien alle ynformaasje en tsjinsten op ’e webside fan ’e provinsje maklik lêze en brûke kin. Dêrom wurket de provinsje oan it ferbetterjen fan ’e tagonklikheid fan ’e webside, sadat dy foldocht oan ’e oerheidsstandert Webrjochtlinen ferzje 2 (nivo AA).
Doel fan ’e webrjochtlinen is dat de webside tagonklik is foar safolle mooglik minsken, ek al hawwe dy beheinings of foarkarren. Soks hâldt benammen it neikommende yn:
Komme jo in swierrichheid tsjin mei de tagonklikheid fan dizze webside? Jou dy dan troch oan stimfan@fryslan.frl. Wolle jo de link nei de webside oanjaan dêr’t jo de swierrichheid tsjinkommen binne? Tige tank!
Op ’e webside Digitoegankelijk.nl is mear ynformaasje oer digitale tagonklikheid te finen.