Ideeën

Hoe kinne jo it Frysk yn jo fermidden takomst jaan?

Hjoeddeiske faze

De útslach en útfiering

Fazen

Ynformaasje

-

Stim fan Fryslân wol alle ynwenners de mooglikheid jaan better by de plannen en aktiviteiten fan provinsje Fryslân behelle te wêzen. Hawwe jo in idee om de provinsje noch better of moaier te meitsjen? Hawwe jo net allinne in miening oer in aktueel fraachstik, mar wolle jo ek graach aktyf meitinke oer hoe't it oars of better kin? 

De earste útfraach op Stim fan Fryslân giet oer de takomst fan de Fryske taal. In ûnderwerp dat tichteby in soad ynwenners fan ús provinsje leit. Kom mei jo idee, hoe tinke jo de Fryske taal takomst te jaan yn jo fermidden?

Kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok: "De krêft fan it besteansrjocht fan it Frysk sit benammen by de ynwenners fan Fryslân sels, net by wat de oerheid wol of net docht."

Tsjinje jo idee yn (oant en mei 9 april)

-

Hoe kinne jo it Frysk yn jo fermidden takomst jaan? Stim fan Fryslân freget jo om oant en mei 9 april mei ideeën te kommen oer hoe’t jo yn ‘e praktyk it Frysk takomst jaan wolle. Dat kinne jo hiel ienfâldich dwaan. Jou in koarte beskriuwing fan jo idee en besykje yn alle gefallen antwurd op de neikommende trije fragen te jaan:

  • Hoe goed slút jo idee oan op wat de provinsje Fryslân graach foar de Fryske taal berikke wol? De provinsje wol graach in mear sichtber en fanselssprekkend plak foar it Frysk yn Fryslân. It Frysk as ien fan dé Europeeske talen.
  • Foar hokker bedrach tusken de 100 en 15.000 euro is jo idee te realisearjen? Wa moat hjir wat foar dwaan?
  • Hoe grut is it effekt fan it útfieren fan jo idee? Foar jo wyk, jo doarp, stêd of de hiele provinsje?

Wolle jo mear witte oer it proses, de helberheidskontrôle, sjoch 'mear ynformaasje'. Hoe mear stipe as jo foar jo idee fan de ynwenners fan Fryslân witte te krijen, hoe grutter de kâns is dat de provinsje Fryslân kontakt mei jo opnimt om jo idee mooglik te meitsjen. 

As jo it dreech fine om Frysk te skriuwen, sjoch dan op www.frysker.nl foar it ienfâldich neisjen of oersetten fan in tekst.

Fragen? Mail stimfan@fryslan.frl.

Tsjinje jo idee yn

Kin it? (11 april oant en mei 21 april)

-

De provinsje besjocht oft it mooglik is om jo idee út te fieren. Dêrby sjogge wy nei de punten dy’t by stap 2 by mear ynformaasje oanjûn binne. 

  • Hoe goed slút jo idee oan op wat de provinsje graach foar de Fryske taal berikke wol? De provinsje Fryslân wol graach in mear sichtber en fanselsprekkend plak foar it Frysk yn Fryslân. It Frysk as ien fan dé Europeeske talen.
  • Is jo idee te realisearjen foar in bedrach tusken de 100 en 15.000 euro? En hawwe jo dat bedrach nedich foar praktyske útfiering, foar materiaal of werklike oeren foar bygelyks in DTP-er, filmmakker, graffityspuiter of tekener? It bedrach kin net brûkt wurde foar it fergoedzjen fan advysoeren.
  • Hoe grut is it effekt as jo idee útfierd wurdt? Bygelyks, by jo thús Fryske teksten op de húskedoar skilderje hat minder effekt foar de sichtberens fan it Frysk as wannear’t jo dat yn in kafee yn jo doarp dogge.
  • Binne jo as oanfreger 18+ of as jo jonger binne, is der tastimming fan in âlder of fersoarger om jo idee allinne of yn oparbeidzjen mei de provinsje út te fieren?
  • Kin jo idee yn 2022 útfierd wurde en kinne jo dêroer op Stim fan Fryslân oan de ein fan it jier in foto of filmke sette dat op ‘e sosjale media dield wurde kin?

Stimme! (23 april oant en mei 7 maaie)

-

Kies de bêste ideeën om de Fryske taal takomst te jaan! Hjir kinne jo jo stim tusken 23 april oant en mei 7 maaie oan maksimaal trije ideeën tafoegje. Stimulearje safolle mooglik minsken om nei Stim fan Fryslân te kommen om dêr foar jo idee te kiezen of it idee dat jo it measte oansprekt.

De trije ideeën mei de measte stimmen kinne mei finansjele stipe fan de provinsje werklik troch de yntsjinner(s) fan it idee útfierd wurde.

Stimmen telle

-

Op dit momint wurde de stimmen teld.  Yn de rin fan dizze wike folget de útslach

De útslach en útfiering

-

Op 10 maaie is live bekend makke hokker ideeën mei finansjele stipe fan de provinsje werklik útfierd wurde sille om de Fryske taal takomst te jaan. De bernesearje ‘Buurman en Buurman’ yn it Frysk, bekende en besteande popnûmers oersette nei en ynsjonge yn it Frysk én in biblioteek fan Fryske ferhalen. Dy ideeën meie fan de ynwenners fan Fryslân ekstra omtinken jaan oan de Fryske taal. Mei-inoar brochten 1.382 minsken fia Stimfanfryslan.frl harren stim út op 33 ideeën.  

It is de yntsjinners foar it ein fan 2022 slagge de ideeën mei finansjele stipe fan de provinsje út te fieren. 

- Foar it idee oangeande Buurman en Buurman yn it Frysk sjoch hjir foar it resultaat:

Ferdivedaasje TV - YouTube

- Foar it idee oangeande it oersetten fan bekende en besteande popnûmers nei en ynsjonge yn it Frysk sjoch hjir foar it resultaat:

SJONG IT! - YouTube

Foar it idee oangeande in biliotheek fan Fryske ferhalen sjoch hijr foar it resultaat:

- Sjonge en ferhalen

 

Op de foto fan links nei rjochts: Buurman en Buurman (Emiel Stoffers, Hûnekop), deputearre Poepjes,  Sjong it, life (Marysa Dykstra, Anouck Veenstra, Studio Audioshape), Ferhalebank (Meindert Tjerkstra, Annelies Brouwer, Semko)

 

 

Besjoch útslach

De takomst fan it Frysk

Alle ideeën op ‘e kaart

Ideeën

Duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink mei QR code

Moai duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink

08-04-2022  •  RemcoKrol  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee
Fryslan.jpeg

Frysker Fryslân

09-04-2022  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee
IMG-20220401-WA0000.jpg

frysk yn doarp en iepen fjild

01-04-2022  •  doarpbelang deinum en doe en no  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee
Praat mar wer Frysk

Praat mar wer Frysk

09-04-2022  •  Nanne Hoekstra  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee
Twatalige strunkisten

Twatalige strunkisten

08-04-2022  •  Siets81  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee
Ferhalebank

Ferhalebank

08-04-2022  •  Semko  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee
Foto fan de Balkespringer yn Surhuzum

Plaquette Balkespringer Surhuzum

09-04-2022  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee
De Fryske Sjamaan

De Fryske Sjamaan Karavaan

08-04-2022  •  Esther Bosma  •  De takomst fan it Frysk

Bekijk idee