Taal
Dit is in privacyferklearring fan Provinsje Fryslân en hat te krijen mei Stim fan Fryslân.
Wy soargje derfoar dat persoansgegevens, nammentlik jo e-mail adres en mooglik jo brûkersnamme, allinnich sammele en ferwurke wurde foar it gebrûk fan Stim fan Fryslân. Wy geane soarchfâldich om mei jo persoansgegevens en behannelje dy fertroulik. Jo kieze sels jo eigen brûkersnamme, dus jo beslute dêrby sels oft jo werkenber binne op it platfoarm of net. Sammele persoansgegevens wurde troch ús allinnich brûkt sadat jo:
As jo dat net langer op priis stelle, kinne jo jo útskriuwe litte.
Provinsje Fryslân soarget foar passende befeiligingsmaatregels om jo persoansgegevens te beskermjen. Wy ferwurkje dy persoansgegevens op basis fan tastimming. Dy tastimming jouwe jo op it stuit fan it oanmeitsjen fan in akkount.
Jo persoansgegevens wurde net langer bewarre as nedich is foar it doel fan de ferwurking. De bewarterminen fan persoansgegevens binne foar de provinsje mei tapassing fan de Argyfregeljouwing opnommen yn seleksjelisten dy't troch de Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip fêststeld binne.
As oanbelangjende persoan hawwe jo rjocht op besjen yn jo persoansgegevens, it rjocht om dy wizigje of wiskje te litten en it rjocht op data op te freegjen om dy sels trochjaan te kinnen (dataportabiliteit). Binne jo net tefreden oer hoe't Stim fan Fryslân jo persoansgegevens ferwurket? Nim yn dat gefal kontakt op mei de funksjonaris gegevensbeskerming. Komme jo der mei provinsje Fryslân net út, dan hawwe jo de mooglikheid om in klacht yn te tsjinjen by de Autoriteit Persoonsgegevens.
Om Stim fan Fryslân technysk mooglik te meitsjen, wurket de provinsje gear mei Democrateam / Martijn Radstake BV.
Mochten jo fragen of opmerkingen hawwe oer de ferwurking fan jo gegevens, dan kinne jo kontakt opnimme mei: stimfan@fryslan.frl
As jo dit net langer wolle, dan kinne jo jo útskriuwe litte.