Ga terug

Keunstwurk Balk

Harm van Zuiden Harm van Zuiden  •  07-04-2022  •  1 reactie  •  De toekomst van het Fries  • 

Jierren lyn hawwe skoallebern fan Csg Bogerman it tunneltsje by Balk fersierd mei in grafiti-keunstwurk mei de tekst: Frysk Bloed Tsjoch Op! Dit wie in opdracht fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Dit keunstwurk is spitigernôch troch de nije gemeente de Fryske Marren oersmard mei wytkalk. Yn oerlis mei dizze gemeente mei it keunstwurk wer hersteld wurde.

Hjirfoar is Kunsteducatie Nederland benaderd om profesionele dosinten en grafiti keunstners te leverjen. It gehiel wurdt troch Csg Bogerman Balk útfierd. Ynskatting is dat it projekt tusken de 1500 en 200 euro kost: wytkalkje, 2 workshoplieders in hiele dei, materiaal en fine-tuning efterôf. Doel is om reizigers harren wolkom fiele te litten yn Balk. Miskien is de tekst: Wolkom yn Frysktalich Balk in opsje.

Locatie: It fytstunneltsje is de binnenkomst fan Balk, tichteby de sportfjilden en wurdt in hiel soad brûkt.

U moet inloggen of een account aanmaken om te kunnen reageren.
  • Stim fan Fryslân

    Tank! Kinne jo ek oanjaan hoefolle it idea realisearjen kosten giet? En sil der by de Grafiti ek wat mei de Fryske taal dien wurde? Kinne jo der ek noch wat oer sizze?

    Geen likes  | 
    0
    0
    Geen reacties
    Geen mijlpalen gedefiniëerd