“Doch wêr ' tst bliid fan wurdst”
Binne jo krekt as ik grutsk op jo Fryske woartels? Dizze kâns om de Fryske taal te befoarderjen pak ik dan ek mei beide hannen oan. En wêr begjinst dan? Krekt by de bern!
"Doel is om bern sterk yn 'e skuon stean te litten". Wy geane út ús holle en meitsje safolle mogelyk gebrûk fan ús lichem.
Tink oan ferskate bewegingsfoarmen sa as dûnsje, berneyoga. Mar ek sjonge, muzyk en lytse toanielstikjes.
Der is in soad mooglik yn in jaske dat de bern oansprekt.
Dus Frysk sawol stypje as oanleare! Mar dan yn in nije foarm.
Mei in budget fan 10.000 euro sadat der genôch romte is programma’s te ûntwikkelje wat oanslút by de ynteresse foar bern fan 4 oan’t 12 jier.
Dy programma’s sille wy ynearsten oanbiede oan Fryske skoallen. De rest folget.
Wy sille de skoallen oanbiede om mei-inoar in dei út it projekt út te fieren. De hiele dei ûnderdompelje yn 'e tema's foar elke groep
De krêft sjen litte dat wy "gewoan" dwaan wêr ’t wy Friezen sa goed yn binne. “It gewoan dwaan”!!
Kinne we hjirmei net in geawurking fyne? Sjoch oars efkes by ús plan :) --> https://stimfanfryslan.frl/budgets/1/investments/50