Spulregels
Stim fan Fryslân wol graach foar alle ynwenners fan Fryslân in feilich plak wêze om yn diskusje te gean en ideeën te dielen. Fansels kinne wy fan miening ferskille, mar om it noflik te hâlden hawwe wy in pear dúdlike spulregels.
- We hoopje op in goed petear, wêrby't elke stim like swier telt. As in bydrage lykwols grof of misledigjend is, dan kin de moderator bydragen fuorthelje. Jo kinne ek sels oanjaan as jo wat grof of misledigjend tsjin komme. Dan sjogge wy dêr nei.
- Wy hâlde it petear graach transparant en earlik foar elkenien. Brûkers mei misliedende profilen wurde yn oerlis fuorthelle troch de moderator.
- Ideeën of reaksjes dy't sûnder in dúdlike link mei it petear of idee beskôge wurde kinne as reklame sille fuorthelle wurde troch de moderator.
- As in idee fuorthelle wurdt, kin deselde persoan fansels noch wol in oar idee yntsjinje dat wol oan de spulregels foldocht.
- De moderatoaren kinne as it echt nedich is brûkers, dy't by werhelling de spulregels negearje, blokkearje litte. Fansels is dat net wat wy wolle, want de stim fan Fryslân wol der graach foar elkenien wêze.
Fragen?
Nim dan kontakt mei ús op fia stimfan@fryslan.frl