Ga terug

Fryskify: Nij platfoarm foar muzyk fan en troch Fryske grûn!

Mr. Rummble Mr. Rummble  •  09-04-2022  •  Geen reacties  •  De toekomst van het Fries  • 

Ik wol efkes beneame dat ik allegjer ideeën sjoch dy't op inoar ynheakje of op inoar lykje of as ien útfiert wurde kinne, dêrom de oprop om de koppen byinoar te stekken!

Myn idee is:

In nij online platfoarm om muzyk te learen, te spyljen en te harkjen mei in eigen radio/Tv kanaal om de taal, muzyk en kultuer ûnder de jongerein te kryen en te ferbinen mei de âlderein! Hjir komme wer mear ideeën efter wei sa as Fryskify (Spotify foar Frysk relatjerre muzyk, podcasts en poezy).

Hjirby wurd de keppeling makken nei alle 400 Fryske basisskoallen en kin de geawurking yn gong setten wurde mei bygelyks Muzykskoalle it Atrium te Snits. Ek de 11 Fryske fonteinen mei harren poezy en filosofy wurd net hjirby ferjitten en it kin prachtich oanslúte op de metoaden fan Âfuk. 

Myn rol is betinker, ferbiner en ynspirator en wer at ik mar kin de rol dy't nedich is om it project fjirder te bringen!

In foarbyld foar de keppeling tusken jongeren en âlderen soe it ek in prachtich idee wêze om âldere misnken ferhalen fertelle te litten yn it Frysk en dat troch de jongeren wer om sette te litten yn poezy, keunst of in muzyk en theater. Dit neam ik 'de Leagenbank'. Sterke ferhalen dy't liede ta nije jonge kreativiteit!

It maximum bedrach sil net genôch wêze mar in moaie opatap wêze om de start meitsje te kinnen!

Hiel Fryslân sil fan dit plan genietsje kinne omdat it net fést sit oan ien plak.

*Fryskify is noch in wurknamme.

Locatie: De lokaasje is mei nammen op it web en troch hiel Fryslân mar soe fan Koudum útstjoerd wurde kinne!

Uitleg over geschiktheid voorstel

It idee soe mei stipe fan it Fryske publyk útfierd wurde kinne, wol is fan belang dat de yntsjinner fan it idee hjir sels dan ek in rol by nimt om Fryskify (Spotify foar Frysk relatjerre muzyk, podcasts en poezy) mei op te setten. De rol fan de provinsje soe by útfiering beheind wêze ta finansjele stipe (maksimaal 15.000 euro) foar dit idee.

U moet inloggen of een account aanmaken om te kunnen reageren.
    Geen mijlpalen gedefiniëerd