Oer Stim fan Fryslân

Wêrom dit platfoarm? 

It platfoarm Stim fan Fryslân wol ynwenners fan Fryslân op in nije manier in stim jaan binnen ús demokrasy. Mei dit platfoarm wol provinsje Fryslân har ynwenners aktyf by it meitsjen fan plannen en belied behelje. Elkenien kin fia it platfoarm ienfâldich meiprate of útstellen yntsjinje. Provinsje Fryslân hopet mei dit platfoarm ynwenners, oare Fryske oerheden en bedriuwen út te nûgjen kennis en ideeën út te wikseljen en mei-inoar ta karren te kommen. Sa kinne wy mei-inoar ús provinsje noch moaier meitsje. Dit platfoarm is yn gearwurking mei Democratie in Actie (VNG / BZK) ta stân kaam. 

Wat kin ik allegearre mei myn akkount? 

Mei jo akkount kinne jo it petear oangean mei oare ynwenners, meidwaan oan peilingen, behelle wurde by nij belied en jo eigen ideeën tafoegje of reagearje op ideeën fan oare ynwenners. Op it stuit kinne jo yn diskusje gean mei oare ynwenners en sels mei ideeën komme. Fan de oare mooglikheden sille jo ynkoarten ek gebrûk meitsje kinne.

Wêrom moat ik in akkount foar dizze webside oanmeitsje

Troch it oanmeitsjen fan in akkount foar Stim fan Fryslân krije jo in eigen stim op de webside. Allinne mei in akkount kinne jo ideeën en inisjativen ynbringe, stimme en op ideeën reagearje. Wy dogge dat om it anonym reagearjen foar te kommen. Ek soarget it derfoar dat minsken net 10 x in stim útbringe kinne mei ien akkount. Dêrby kinne jo mei in akkount ek op ‘e hichte bliuwe as der nije ûntwikkelingen op Stim fan Fryslân binne. 

Ik haw gjin befêstigingsmail krigen, wat no? 

Jo kinne op ‘en nij  in befêstigingsmail oanfreegje. Ferjit ek net om yn jo spamboks te sjen. Sit de mail wol yn jo ‘ongewenste e-mail’ (spam), mar wurket de link net? It kin wêze dat jo de mail dan nei ’postvak in’ ferpleatse moatte, dan wurket de link as it goed is wol. Slagget it noch hieltyd net? Mail dan nei stimfan@fryslan.frl, dan besykje wy jo sa gau mooglik te helpen.    

Hoe giet Stim fan Fryslân om mei de gegevens dy’t ik efterlit? 

Wy geane soarchfâldich mei jo gegevens om en freegje jo net om mear gegevens efter te litten as echt needsaaklik. Mear ynformaasje fine jo yn ús spulregels en privacyferklearring.   

Ik wol in stelling stypje, mar ik krij in flatermelding. Wat no? 

Stjoer dan in mail nei stimfan@fryslan.frl. Besykje sa sekuer mooglik te omskriuwen wat jo probleem is, hokker apparaat as jo brûke (in tablet, in mobyl of pc) en hokker browser as jo brûke.

Stiet jo fraach der net tusken? Nim dan kontakt mei ús op fia stimfan@fryslan.frl. Wy helpe jo graach!