- Kaarten
- Lijst
Twatalige strunkisten
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Wy fan de Strunersklup wolle graach twatalige saneamde strunkisten realisearje yn Fryslân. Hjirmei wolle wy, De Hippe Boerin, Bethlehems inn en Grand Cafe de Nije Warf, Dorpshuis De Kamp, Activiteiten Boerderij De Hamerslag graach beginne yn Wâlterswâld. Mei dizze strunkisten wolle wy foar Friezen mar ek foar toeristen de natuer ienfâldich tagonklik meitsje. Foar lytse en grutte struners. Yn de kiste sitte bygelyks in fûgelbingo, opdrachten om planten te sykjen ensafourthinne. Minsken komme nei de strunersklub ta om de noch moai te ûntwikkeljen twatalige struntaskes mei opdrachten op te heljen en gean der dan sels op út. Der sitte dan produkten yn fan lokale undernimmers. Wy wolle de strunkisten graach troch lokale minsken, bygelyks fan Talent, meitsje litte.
Wy hawwe ek in website (http://strunkiste.nl) en binne dwaande mei in app. Wy tinke foar it untwikkeljen fan it fierder twatalige konsept tusken de 4000 en 5000 euro nedich te hawwen. Dermei wolle wy it goed del sette. Mei dizze strunkisten wolle wy ek it Frysk in fanselsprekkend plak jaan. Earst is it effekt benammen te sjen yn us eigen fermidden, mar wy hoopje dizze kisten ek foar oare regio's en har lokale undernimmers te realisearjen. Wolle jo mei us op 'e strun?
Ferhalebank
08-04-2022 • 5 reacties • • De toekomst van het Fries
Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde.
Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan.
Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden.
It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk. De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.
Stimmen fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire
06-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
Stim(men) fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire!
In mear sichtber en fanselssprekkend plak foar it Frysk yn Fryslân… Hoe soe dat better kinne dan troch Frysk Feestrepertoire dat eltsenien meisjonge kin en by eltsenien yn de holle sitten bliuwt?
Wy binne de Zware Jongens, twa bekende stimmen fan Fryslân. Twa sangers dy’t net alllinnich yn alle úthoeken fan de provinsje optreden hawwe mar ek yn de rest fan it lân. Fokko Dam (“Fokko met de bordjes” fan de Blauhúster Dakkapel) en Arie Kuipers, skriuwer fan ûnder oare “Bonkefeart” fan Anneke Douma en it Makkumer befrijdingsliet: “Gretha”.
Om mear minsken gebrûk meitsje te litten fan de Fryske taal, like it ús in goed idee om in tal Frysktalige feestlike ferskes nûmers op te nimmen. Frysktalich feestrepertoire dêr’t elfsenien op in brulloft, op’e merke of yn it kafee mei meisjonge kin. Der hearre seker in pear goeie fideoklips by foar de social media en foar Omrop Fryslân.
Fokko Dam en Arie Kuipers ha tegearre mear as in iuw ûnderfining yn it skriuwen, opnimmen en útfieren fan musyk.
In goed feestliet is ûnbeheind hâldber en brûkber.
Foar € 15.000,- leverje wy fiif nij skreaune orizjinele musykstikken oan. By ôflevering is it produkt geskikt foar profesjoneel gebrûk op radio en televyzje. Yn dit bedrag binne alle produksjekosten ynbegrepen: fideoklips, studiokosten en it skriuwwurk.
De Zware Jongens hawwe in grut berik. Ús nûmers binne mear as 25 miljoen kear streamd. Op Spotify hawwe wy 140.000 moanlikse harkers. Guon ferskes fan ús ha mear as in miljoen views op YouTube. De provinsje wol graach in soad minsken berikke mei dit projekt. Wy kinne dêr foar soargje mei ús bekendheid en berik.
Wy binne fan miening dat wy mei Frysktalig feestrepertoire in nije doelgroep berikke: foaral de jeugd.
Fryske vrouwen en Frysk iten
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Is dêr tipysk Frysk iten? Folgens ferskeidene Fryske fruolje al. Myn idee is fjouwer Fryske vrouwen te portreteren, hun recepten fêst te lissen. Wêr by hun karakter en de Fryske kultuer net te missen is. En dan te ferkreien troch hiel Fryslân om fan te leren en ynspirearre te reitsjen.
Mei it ontwikkeljen en drukken fan de boekjes en alles wat dêr by komt te sjen ferwacht ik mei €10.000,- in hiel ein te kommen.
'Baas Giele Taksy', Inez Timmer sjongt Joni Mitchell.
29-03-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
In serie konserten mei treflike Fryske oersettingen fan de poëzy fan Joni Mitchell troch Gysbert Japicx priiswinner Eppie Dam. Songen troch profi Inez Timmer + band.
Dêr is maksimaal 10.000,- euro nedich foar bygelyks it meitsjen fan filmkes, promoasjesesje foar progammeurs, hjir teater, foto's etc. It is net foar advys kosten mar foar konkrete aktiviteiten om ús wurk goed del te setten.
It effekt is it opnij wurdearjen fan Frysktalige poëzy troch muzyk. Troch it teaterkonsert wurdt de Fryske taal tichterby de minsken brocht. Werkenber troch de hits fan Joni Mitchell. It bringt minsken by mekoar. Der kin sels meisongen wurde. It projekt draacht by oan de leefberens fan it doarp Wergea. Plus: dit teaterkonsert draacht ek by oan de striidberens fan famkes en froulju; Joni Mitchell is it foarbyld fan in sterke, unôfhinklike muzykante, skriuwster en skilderes dy't leauwt oan harsels en oan har krêft en talint. Dit projekt wurdt organisearre en produsearre troch in frou en útfierd troch in frou. Identifikaasje troch taal en muzyk. Songen Frysk op in heech nivo, troch in feteraan yn dit fak mei in soad ynternasjonale erfaring en útstraling én mei har woartels yn it Heitelân.
SJONG IT Live
05-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
Yn 3 groepen fan maksimaal 10 sette amateursjongers / sjongeressen ûnder begelieding fan in singer / songwriter lykas Elske de Walle in besteand popnûmer oer yn it Frysk foar 4 oeren de groep.
Troch in sjongdosint (Marysa Dijkstra) wurde se yn 4 oeren de groep taret op in opname fan it nûmer. Yn Studio Audioshape wurde de nûmers opnommen, mikst en mastere.
Dizze nûmers wurde online dield fia social media lykas YouTube, facebook en Instagram.
Op it poadium fan Neushoorn wurdt in konsert organisearre dêr 't publyk frije tagong hat.
Mei dit projekt leare muzikanten it Frysk brûken, is online de Fryske muzyk te beharkjen en is op in live optreden foar publyk omtinken foar de Fryske taal.
Verwachte Kosten: singer-songwriter 1.000 euro / sjongdosint 1.000 / organisaasje en kosten repetysje lokaasje 400 / cd opnames 6.000 euro Konsertkosten Neushoorn 6.000 = totaal 14.400 euro
Fuortendaliks berik fan 30 amateursjongers en publyk by konsert (ferwachtet 150 ), yndirekt ree fia social media skat op 15.000 minsken.
Bern foar Bern, de Fryske Kinderen voor Kinderen
05-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
Bern foar Bern, de Fryske “Kinderen voor Kinderen”
Sjonge, Frysk, eigen ynbring, sichtberens, takomst en wille dat is de basis fan dit projekt “Bern foar Bern”
As bern hearde ik nei de ferskes fan Kinderen voor Kinderen, wat hie ik dêr graach oan mei dien. Mar ja… ik hie net de goeie taal/prate sûnder accent en it wie sa fier fuort, dat sein myn heit en mem alteast! Dat soe wol neat wurde, dus spitichernôch gjin kans hân. De ferskes koe ik allegear meisjonge en ik wit se no noch!
Doel en doelgroep:
It doel fan dit projekt is om de bern sels yn it spier te krijen en nei tinken te litten oer it hipper meitsjen fan it Frysk, it betinken fan teksten, meitsje fan filmkes, sjonge litte ensf.
Bern (groep 7/8 basisskoalle) yn de kunde komme litte mei it Frysk op in hippe oanslutende wiize. Skoallen kinne har hjirfoar opjaan. Dit kin spesifyk mei de eigen groep, mar dat kin fansels ek mei oare skoallen, ôfhinklik fan de opjefte/ôfstân.
Resultaat:
In youtubekanaal/cd/plaat mei 8 berneferskes, skreaun en makke troch bern út de provinsje Fryslân. Dit kin fan alles wêze, nije ferskes, nije teksten op besteande “populaire” ferskes, rap, spoken word, ensf.
Sa wurket it twa kanten oer, foar de bern dy’t meidien ha mar ek foar de bern dy’t der nei harkje/sjogge.
De helte fan de opbringst fan dit projekt kinst brûke foar in goed doel, ek keazen troch de bern dy’t meidogge, en de oare helte kinst brûke foar it ferfolchprojekt.
TIKTOK-FESTIVAL
06-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Alle tiktokkers en contentcreators fan youtube en oare platfoarms wolle wy útnûgje foar in gearkommen. It wurdt in gearwêzen fan tiktokkers dy’t inoar kenne fan it platfoarm en fans dy’t mei-inoar yn ‘e kunde komme sille. Op himsels sil dat al in feestje wurde. Elkenien kin meidwaan mei koarte workshops, dêr’t in pear Friezen en Friezinnen útlis jaan sille oer it hoe en het en it wêrom fan de Fryske taal. Yn ‘e rin fan it hiele byinoarwêzen wurdt elkien útnûge filmkes te meitsjen om dy te dielen oer alle sosjale mediaplatfoarmen.
Wy freegje in bedrach oan fan fyftjintûzen euro, regelje seal en sprekkers en soargje foar de oanklaaiïng fan de ambiânse. Wat der op it plak sels allegear kreëarre wurdt, sil skielk troch tûzenen minsken besjoen wurde.
Dêrnjonken wolle wy besykje om by de oanwêzigen in positive(re) ynstelling oer it Frysk ûntstean te litten, sadat hja harren tenei -mûnling en skriftlik- faker uterje sille yn dy taal.
Betûfte learkrêften foar de Fryske taal- en identiteisûntwikkeling fan de bern!
07-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
As Pabû fan de provinsje wolle wy alle Pabû-studinten yn it leargebiet Taal&Identiteit de kâns jaan op mei te gean op in stúdzjereis fan fiif dagen nei in regio mei in minderheidstaal yn Europa, lykas Wales, Skotlân of Kataloanje .
Op de Pabû yn ús provinsje wurde leararen fan de takomst oplaat dy’t it Frysk aktyf brûke op de basisskoalle sadat bern ek aktyf it Frysk as fiertaal yn Fryske basisskoalle en as omgongstaal bûten de skoalle brûke. Ut ûnderfining witte wy dat as studinten troch stúdzjereizen yn de kunde komme mei oare Europeeske regio’s dêr’t in minderheidstaal praat wurdt, dat sy har just dan mear bewust wurde fan it Frysk it gebrûk dêrfan. Neist it ûntwikkeljen fan positive hâlding oangeande it gebrûk fan de Fryske taal, ûntdekke de studinten wat de posysje fan dy minderheidstaal yn it (basis)ûnderwiis is en sjogge hokfoar didaktyk dêr tapast wurdt. Op dizze wize wurde Fryske studinten ek stimulearre har mear te ferdjipjen yn it Frysk, de posysje fan it Frysk en it gebrûk fan it Frysk yn en bûten de skoalle en it Frysk as ien fan de Europeeske talen. Dat is ien fan de wichtichste doelen fan it leargebiet Taal & identiteit op de Pabo dêr’t op jierbasis sa’n 150 studinten yn partisipearje.
Praat mar wer Frysk
09-04-2022 • 3 reacties • • De toekomst van het Fries
Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.
Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.
In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.
Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.