Skip to main content
Skip to content
Ga terug

Praat mar wer Frysk

N Nanne Hoekstra  •  09-04-2022  •  3 reacties  •  De toekomst van het Fries  • 

Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan  ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.

Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.

In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.

Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.

 

U moet inloggen of een account aanmaken om te kunnen reageren.
  • A

    Sjoch Oant Moarn, bit.ly/3wGZpby

    1 like  | 
    1
    0
    Geen reacties
    • M

      Kinne wy ús ideeën combinjerje :)? Sjoch it idee: Fryskify!

      1 like  | 
      1
      0
      Geen reacties
      • J

        It wurdt tiid dat De Haach nei it Frysk ta de easken fan Europa folget, sadat bettere ûnderwizers oplaat wurde en de bern wer grutsk binne op it Frysk.

        Geen likes  | 
        0
        0
        Geen reacties
        Geen mijlpalen gedefiniëerd