Ferhalebank
Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde.
Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan.
Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden.
It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk. De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.
Voorstel ingediend door: Onderwijsbureau Semko
001 HET HUIS MET DE 99 VENSTERS: bit.ly/2TKvH2w
Audiospeler
00:00
00:00
001 HET HUIS MET DE 99 VENSTERS: bit.ly/2TKvH2w
Audiospeler
00:00
00:00
De serie uitgaven van Ype Poortinga geeft meer dan genoeg korte, Frysk-talige verhalen uit Fryslân. Tip: inkorten en ook in het ABN per verhaal uitbrengen: wekelijks op een aparte site of one-page blog.
001 HET HUIS MET DE 99 VENSTERS: bit.ly/2TKvH2w
Audiospeler
00:00
00:00
prachtig idee
Fantastisch :)
Tank foar jo idee. Kinne jo ek noch wat sizze oer wat it útfieren fan dit idee kosten giet? En sil dit yn it Frysk of twatalich dien wurde?
Tige tank foar jo fraach. Wy ha it der by setten.