'Baas Giele Taksy', Inez Timmer sjongt Joni Mitchell.
In serie konserten mei treflike Fryske oersettingen fan de poëzy fan Joni Mitchell troch Gysbert Japicx priiswinner Eppie Dam. Songen troch profi Inez Timmer + band.
Dêr is maksimaal 10.000,- euro nedich foar bygelyks it meitsjen fan filmkes, promoasjesesje foar progammeurs, hjir teater, foto's etc. It is net foar advys kosten mar foar konkrete aktiviteiten om ús wurk goed del te setten.
It effekt is it opnij wurdearjen fan Frysktalige poëzy troch muzyk. Troch it teaterkonsert wurdt de Fryske taal tichterby de minsken brocht. Werkenber troch de hits fan Joni Mitchell. It bringt minsken by mekoar. Der kin sels meisongen wurde. It projekt draacht by oan de leefberens fan it doarp Wergea. Plus: dit teaterkonsert draacht ek by oan de striidberens fan famkes en froulju; Joni Mitchell is it foarbyld fan in sterke, unôfhinklike muzykante, skriuwster en skilderes dy't leauwt oan harsels en oan har krêft en talint. Dit projekt wurdt organisearre en produsearre troch in frou en útfierd troch in frou. Identifikaasje troch taal en muzyk. Songen Frysk op in heech nivo, troch in feteraan yn dit fak mei in soad ynternasjonale erfaring en útstraling én mei har woartels yn it Heitelân.
Locatie: Wergea, Ús Doarpshûs, is de perfekte lokaasje foar dit barren. De sfear past by de santiger jierren, de drempel is leech en it is der tige smûk. Eltsenien is wolkom en it konsert draacht by oan de sosjale kohesie yn it doarp.
Voorstel ingediend door: Stichting TheaterINEZiatief
Tank foar jo idee. Yn jo idee sizze jo dat der profesjonele marketing en promoasje nedich is. Binne hjir de kosten fan 10.000 euro folslein foar in kommunikaasje/marketing adviseur? Yn de betingsten fan Takomst fan it Frysk is ek opnommen dat it jild net brûkt wurde kin foar advyskosten. Sjoch ek: https://stimfanfryslan.frl/toekomst-van-het-Fries. Mooglik kinne jo hjir by jo idee noch wat oer sizze?
Oan de betingsten is foldien. Wy gean der foar! Set dy taksy op it spoar!