Skip to main content
Skip to content
Ga terug

Bern foar Bern, de Fryske Kinderen voor Kinderen

W Wietske de Boer  •  05-04-2022  •  2 reacties  •  De toekomst van het Fries  • 

Bern foar Bern
Bern foar Bern

Bern foar Bern, de Fryske “Kinderen voor Kinderen”

Sjonge, Frysk, eigen ynbring, sichtberens, takomst en wille dat is de basis fan dit projekt “Bern foar Bern”

As bern hearde ik nei de ferskes fan Kinderen voor Kinderen, wat hie ik dêr graach oan mei dien. Mar ja… ik hie net de goeie taal/prate sûnder accent en it wie sa fier fuort, dat sein myn heit en mem alteast!  Dat soe wol neat wurde, dus spitichernôch gjin kans hân. De ferskes koe ik allegear meisjonge en ik wit se no noch!

Doel en doelgroep:

It doel fan dit projekt is om de bern sels yn it spier te krijen en nei tinken te litten oer it hipper meitsjen fan it Frysk, it betinken fan teksten, meitsje fan filmkes, sjonge litte ensf.

Bern (groep 7/8 basisskoalle) yn de kunde komme litte mei it Frysk op in hippe oanslutende wiize. Skoallen kinne har hjirfoar opjaan. Dit kin spesifyk mei de eigen groep, mar dat kin fansels ek mei oare skoallen, ôfhinklik fan de opjefte/ôfstân.

Resultaat:

In youtubekanaal/cd/plaat  mei 8 berneferskes, skreaun en makke troch bern út de provinsje Fryslân. Dit kin fan alles wêze, nije ferskes, nije teksten op besteande “populaire” ferskes, rap, spoken word, ensf.

Sa wurket it twa kanten oer, foar de bern dy’t meidien ha mar ek foar de bern dy’t der nei harkje/sjogge.

De helte fan de opbringst fan dit projekt kinst brûke foar in goed doel, ek keazen troch de bern dy’t meidogge, en de oare helte kinst brûke foar it ferfolchprojekt.

Locatie: It is net bûn oan in doarp of stêd it is foar alle bern groep 7/8 en harren skoallen en âlden, út de provinsje Fryslân!

Voorstel ingediend door: Wis mei Wietske.

U moet inloggen of een account aanmaken om te kunnen reageren.
  • A

    Een super idee,dit mat gewoan troch gean

    Geen likes  | 
    0
    0
    Geen reacties
    • G

      In prima idee, mar ik hoopje dat we de oerdreaunens dy't faak fan it skerm ôf spat fan it koar net oernimme sille. Graach gewoan en gjin sebeare gedrach. Wol moaie ferskes fansels en we ha in rom ferskaat oan kreative minsken. Soe ek aardich wêze om dit yn oparbeidzjen mei dosinten Frysk fan middelbere skoallen sadat ek dy groep mei dwaan kin.

      Geen likes  | 
      0
      0
      Geen reacties
      Geen mijlpalen gedefiniëerd