Diskusjes
Begjin in diskusje en diel jo miening mei oaren oer ûnderwerpen dy’t jo yn ús provinsje wichtich fine.
- Kaarten
- Lijst
Oandacht foar meartalich opfiede
1 reaksje • 25-01-2023 •
Ik ha in Nederlânsktalige partner en tegearre bringe we ús bern yn twa talen grut. Mar yn myn omkriten sjoch ik dat dit faak net dien wurdt. It kin oan myn wenplak lizze (Hearenfean), mar it is net fanselssprekkend om hjir it Frysk troch te jaan as ien fan de âlders it Frysk net machtich is. Dochs leit júst hjir de takomst fan it Frysk. Gean mar nei: as beide âlders Frysk binnen wurdt de taal sawisa wol oan de bern trochjûn. As beide âlders gjin Frysk kinne, dan is de kâns nul. Dus de meartalige gesinnen sille de trochslach jaan. Dêr leit de ienige kâns om it oantal Frysktaligen groeie te litten ynstee fan krimpe. Dêrom soe ik graach mear oandacht freegje wolle foar dit ûnderwerp op it moment dat de keuze (kar) noch net makke is. Dit kin hiel goed troch it meartaligens sichtber en besprekber te meitsjen by de ferloskundigenpraktiken. Dêr leit no faak wol in eksemplaar fan 'heit en mem' mar dêr bliuwt it dan ek by. No soene je sizze kinne 'dat is net de taak fan dizze professionals', mar dit is wol de meast effektive plak en tiid om wat mei dit ûnderwerp te dwaan. Want as de beslissing oer it taalgebrûk by it opfieden ien kear makke is, dan is dat foar hast 100% definityf foar it hiele libben. Wat is jim miening hjiroer?
Drain-trein?
Gjin reaksjes • 17-06-2022 •
Ik sjoch dy Lelyline as in 'drain' foar de stampfolle Rânestêd. Neat mear en net minder...wer litte wy de 17 miljoen minsken wenje en hoe mut dat yn 2050, as der (neffens it CBS) 20 miljoen (!) ynwenners binne. Derom mut d'r no plak makke wurde troch it romjen fan de boeren -op basis fan diskutabele arguminten- sa dat d'r mear rails, asfalt en beton komme kin. De fraach neffens my is: Wannear sizze wy dat Nederlân te lyts wurdt foar alle deistiche ambysjes? Yn lyste lânnen as Oosteryk en Switserlan ha se hjin Schiphol, wereldhavens en smoarriche yndustry...en dochs is it wolwêzen dêr heech. Hoe dogge se dat der?? Stop de groei en de sucht nei jild en rykdom en stjoer op wolwêzen sû ik sizze. Mar ja...wa bin ik?
Eén Loket voor Ideeën
1 reaksje • 16-09-2022 •
Het gehuil over de aankomende betalingsmoeilijkheden in ons land, in de politiek en de media, overstemt het gebruik van het gezond verstand ook hier weer. Elk probleem wordt als bedreiging behandeld. Wanneer leren we eens dat iedere bedreiging ook nieuwe kansen brengt? Genoeg ideeën over kostenverlaging, energie-transitie en milieu- maar waar kan een eenvoudig burger die kwijt? De schrijvende pers kort artikelen in tot lezersbrieven en de overige media willen alleen "show-bizz-hotemetoten" aan de tafel. Zijn er geen politici met een eigen backoffice die mails of brieven nog lezen?
Hoe sjocht foar jo de provinsje Fryslân der yn 2050 by foarkar út?
3 reaksjes • 15-06-2022 •
Dizze diskusje is foar no ôfrûn. By it Deltaplan debat op 13 july yn Vergadering Provinsjale Steaten 13-07-2022 Provinsje Fryslân (notubiz.nl) is troch ferskate leden fan Provinsjale Steaten oan ynput út dizze diskusje referearre. Deputearre Avine Fokkens hat by dizze gearkomst tasein de útkomsten fan sawol it Fries Sociaal Planbureau en Stim fan Fryslân by de wurkgroep Deltaplan mei te nimmen. Sjoch ek Stim fan Fryslân berjochten op twitter. Tinkbylden oer de Lelyline en de mooglike bou fan tûzenen ekstra wenningen yn noardlik Nederlân stean yn 'Bouwstenen voor het Deltaplan - Noordelijk Nederland en het stedelijk netwerk Nederland beter verbonden'. Ut resint ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (juny 2022) docht bliken dat ynwenners fan Fryslân by eventuele realisaasje fan it Deltaplan ûnder oare foardielen ferwachtsje op it mêd fan berikberens, de ekonomy en wurkgelegenheid. Mar ek ferwachtsje ynwenners by realisaasje fan it Deltaplan efterútgong fan ‘natuer en miljeu', 'kwaliteit fan lânskip' en de 'Fryske taal en kultuer '. Earst mear lêze oer it Deltaplan en dit petear? Diskusjefraach: Hoe sjocht foar jo de provinsje Fryslân der yn 2050 op dizze aspekten by foarkar út? En wat wolle jo de Steateleden mei it each op de takomst fan Fryslân by diskusje oer it Deltaplan dêroer graach meijaan?
Fine jo it Deltaplan foar it noarden wol of gjin goed idee foar Fryslân?
54 reaksjes • 15-06-2022 •
Dizze diskusje is foar no ôfrûn. By it Deltaplan debat op 13 july yn Vergadering Provinsjale Steaten 13-07-2022 Provinsje Fryslân (notubiz.nl) is troch ferskate leden fan Provinsjale Steaten oan ynput út dizze diskusje referearre. Deputearre Avine Fokkens hat by dizze gearkomst tasein de útkomsten fan sawol it Fries Sociaal Planbureau en Stim fan Fryslân by de wurkgroep Deltaplan mei te nimmen. Sjoch ek Stim fan Fryslân berjochten op twitter. Tinkbylden oer de Lelyline en de mooglike bou fan tûzenen ekstra wenningen yn noardlik Nederlân stean yn 'Bouwstenen voor het Deltaplan - Noordelijk Nederland en het stedelijk netwerk Nederland beter verbonden'. Wy binne benijd hoe’t jo nei de oanset fan it Deltaplan sjogge. Wat wolle jo de Fryske Steateleden meijaan foar it Deltaplan-debat op 13 july? Earst mear lêze oer it Deltaplan en dit online-petear? Fraach: Fine jo it Deltaplan foar it noarden wol of gjin goed idee foar Fryslân? Ik fyn it Deltaplan in goed idee foar Fryslân, omdat …. Ik fyn it Deltaplan net in goed idee foar Fryslân, omdat …. Ik bin der noch net hielendal út, omdat...
Waarom de mening van inwoners van Fryslân en Friezen 'om utens' door elkaar?
6 reaksjes • 10-03-2022 •
Mooi zo'n platform, op initatitief van de PVV en 50PLUS, zo heb ik begrepen. Maar wat ik niet begrijp is dat zowel inwoners van Fryslân (wel en niet native Fries) als 'Friesen om utens' onverdeeld mee mogen doen. Ik wil (als inwoner van Fryslân, maar geen geboren Fries) niet dat er straks allerlei mensen vanuit het hele land (en de rest van de wereld) mee gaan stemmen op de vraag of er straks bijvoorbeeld (let op voorbeeld) toch ook in Fryslân volop gas gewonnen mag gaan worden. Althans: ik neem aan dat dit soort onderwerpen op den duur aan de orde gaan komen. En dat het niet alleen een folklore-platform wordt over de Fryske taal, het skutsjessilen, fierljeppen en het kaatsen? Aanbeveling aan de bouwers van deze site. Maak direct onderscheid tussen inwoners van Fryslân en 'Friezen om utens'. Bijvoorbeeld door de verplichting om de huidige woonplats te vermelden. Rob Goedhart.
Ynfo by de Ideeën ferbetterje sadat flaters oanpast wurde kinne.
Gjin reaksjes • 26-04-2022 •
Soe it net moai wêze at we de flaters ferbetterje kinne, bygelyks troch lytse feroarings oan te bringen sadat minsken dêr net oer falle? No snap ik wol dat hja net in hiel idee oars opskriuwe kinne moatte, mar dat it wat flot lêzen wurde kin soe dochs wol moai wêze om de campagne moai yn te gean of net? Wa is it mei my iens?
Fryske taal foar elts húske
Gjin reaksjes • 05-05-2022 •
Wat in moai en praktysk idee. Sokken mear! Drekt oppakke en útfiere provinsje.....
Het fries wordt ons steeds meer opgedrongen
9 reaksjes • 26-04-2022 •
De laatste jaren wordt er veel energie en geld besteed aan de promotie van de friese taal. Maar waar het voorheen een vrije keus was om fries te spreken, bekruipt mij steeds meer het gevoel dat de friese taal 'de niet fries-sprekenden' wordt opgedrongen. In menig friese gemeente worden straat- en plaatsnamen aangepast naar het fries en worden hordes werknemers op friese afûk-cursussen gestuurd. Opeens komen er op het werk mails in het fries en komen er 'taalomtinkers' die moeten helpen bij het op juiste wijze schrijven van friese teksten. Al versta ik het wel, ik spreek geen fries. En dat heb ik nooit als probleem ervaren. Ik heb me ook nooit minder 'fries' gevoeld dan mijn friestalige mede-provincie genoten. Maar door de steeds verder toenemende druk om vooral fries te spreken en te schrijven, bemerk ik bij mezelf een zekere weerstand ontstaan. Kan er rekening gehouden worden met de (aanzienlijke) groep inwoners die gewoon nederlands spreken En willen blijven spreken? En die misschien helemaal niet zitten te wachten op al die verandering van plaats-of straatnamen? Die gemeenschapsgeld wellicht veel liever aan andere zaken besteed zien, dan aan de promotie van de friese taal? Zijn er meer mensen die er ook zo over denken? Nb: wellicht dat dit nu niet het juiste moment is voor deze discussie, aangezien ik verwacht dat nu vooral mensen naar dit platform worden getrokken die juist voor de uitbreiding van de friese taal zijn (gezien het eerste onderwerp voor dit burgerparticipatie platform). Ik kan mij nl voorstellen dat het niet fries sprekende deel van de inwoners van Friesland, vanwege het gekozen onderwerp, minder de behoefte voelt om van zich te laten horen. Waarom zou je bijvoorbeeld nu het platform bezoeken, als je niet zoveel met de friese taal hebt? Laat staan dat je ideeen hebt ter promotie van die taal? Is het een idee om bij een volgende raadpleging het onderwerp zó te kiezen dat iedere fries zich geroepen kan voelen om te reageren?
Help by diskusjes
Begjin in diskusje om jo miening mei oaren te dielen oer ûnderwerpen yn de provinsje dy't jo belangryk fine.
Om in diskusje te begjinnen of om mei te dwaan oan in diskusje moatte jo in akkount oanmeitsje op Stim fan Fryslan.
As jo de diskusje graach yn it Frysk dwaan wolle mar Frysk skriuwen dreech fine, sjoch www.frysker.nl foar it ienfaldich neisjen of oersetten fan in tekst.