Ga terug

Oandacht foar meartalich opfiede

klaasgroen klaasgroen  •  25-01-2023  •  1 reactie  • 

Ik ha in Nederlânsktalige partner en tegearre bringe we ús bern yn twa talen grut. Mar yn myn omkriten sjoch ik dat dit faak net dien wurdt. It kin oan myn wenplak lizze (Hearenfean), mar it is net fanselssprekkend om hjir it Frysk troch te jaan as ien fan de âlders it Frysk net machtich is. Dochs leit júst hjir de takomst fan it Frysk. Gean mar nei: as beide âlders Frysk binnen wurdt de taal sawisa wol oan de bern trochjûn. As beide âlders gjin Frysk kinne, dan is de kâns nul. Dus de meartalige gesinnen sille de trochslach jaan. Dêr leit de ienige kâns om it oantal Frysktaligen groeie te litten ynstee fan krimpe. Dêrom soe ik graach mear oandacht freegje wolle foar dit ûnderwerp op it moment dat de keuze (kar) noch net makke is. Dit kin hiel goed troch it meartaligens sichtber en besprekber te meitsjen by de ferloskundigenpraktiken. Dêr leit no faak wol in eksemplaar fan 'heit en mem' mar dêr bliuwt it dan ek by. No soene je sizze kinne 'dat is net de taak fan dizze professionals', mar dit is wol de meast effektive plak en tiid om wat mei dit ûnderwerp te dwaan. Want as de beslissing oer it taalgebrûk by it opfieden ien kear makke is, dan is dat foar hast 100% definityf foar it hiele libben. Wat is jim miening hjiroer?

Reacties (1)

U moet inloggen of een account aanmaken om te kunnen reageren.
  • Mirjam10

    Wy hawwe ek in twatalich hushalden. Bewust foar kozen al foar de berte fan de bern. Sa kinne sy mei harren beide Beppe & Pake / Oma & Opa sprekke en se ferstean. Meartaligens is ek noch ris goed foar de untwikkeling fan it brein. Afûk docht al mei wat foar de meartaligens, skoallen ek, mar ik tink dat der mear oandacht by it consultatieburo oan skonken mei wurde. Dat is wer de earste impact makke kin wurde.

    1 like  | 
    1
    0
    Geen reacties