- Kaarten
- Lijst
Sichtberens Frysk mei û.o. goodiepûde by Nederlânsk Kampioenskip fierljeppen
09-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
By it NK jeugd yn Winsum wolle wy it Frysk sichtber meitsje troch dit jier 27 augustus û.o. in twatalige goodiepûde oan de 45 dielnimmers (9 - 12) te jaan. It liket ús aardich om yn de pûde bygelyks it boekje Sipke leart fierljeppen te dwaan en bygelyks in kaaihinger of drinkflêske mei ek Fryske tekst derop. Fansels stiet op de goodiepûde dit jier dan ek in Fryske tekst opnommen. It programmaboekje fan de kampionskippen wolle wy ek twatalich beskikber meitsje. Lykas de dielnimmers foar de helte út Hollân komme, sil it publyk ek foar de helte út minsken fan bûten Fryslân komme. Wy tinke hjirmei net allinne in Fryske sport moai del te sette kinnen, mar ek it Frysk sa in sichtber en fanselssprekkend plak te jaan. Ek wolle wy besykje de bebuording by kofje, parkearjen en sa sa folle mooglik twatalich te dwaan. Dizze bebuorrding wolle wy dan ek graach foar oare evenminten wer brûke, sadat it ek by de Frysk Kampioenskippen ynsetten wurde kin.
Ek wolle wy graach de website https://www.fierljeppenwinsum.frl struktureel twatalich beskikber meitsje. Sa wolle wy dúdlik meitsje dat it Frysk ek in fanselssprekkend plak hat by dizze sa Fryske sport.
De kosten foar in DTP-er om it spul foar yn de goodiepûde, it Fryske programmaboekje en beboarding op te meitsjen, en te ûntwikkelje litten, it boekje Sipke leart fierljeppen, oersetten fan teksten nei it Frysk sille op syn meast 4500 euro koste.
'Baas Giele Taksy', Inez Timmer sjongt Joni Mitchell.
29-03-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
In serie konserten mei treflike Fryske oersettingen fan de poëzy fan Joni Mitchell troch Gysbert Japicx priiswinner Eppie Dam. Songen troch profi Inez Timmer + band.
Dêr is maksimaal 10.000,- euro nedich foar bygelyks it meitsjen fan filmkes, promoasjesesje foar progammeurs, hjir teater, foto's etc. It is net foar advys kosten mar foar konkrete aktiviteiten om ús wurk goed del te setten.
It effekt is it opnij wurdearjen fan Frysktalige poëzy troch muzyk. Troch it teaterkonsert wurdt de Fryske taal tichterby de minsken brocht. Werkenber troch de hits fan Joni Mitchell. It bringt minsken by mekoar. Der kin sels meisongen wurde. It projekt draacht by oan de leefberens fan it doarp Wergea. Plus: dit teaterkonsert draacht ek by oan de striidberens fan famkes en froulju; Joni Mitchell is it foarbyld fan in sterke, unôfhinklike muzykante, skriuwster en skilderes dy't leauwt oan harsels en oan har krêft en talint. Dit projekt wurdt organisearre en produsearre troch in frou en útfierd troch in frou. Identifikaasje troch taal en muzyk. Songen Frysk op in heech nivo, troch in feteraan yn dit fak mei in soad ynternasjonale erfaring en útstraling én mei har woartels yn it Heitelân.
Bern foar Bern, de Fryske Kinderen voor Kinderen
05-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
Bern foar Bern, de Fryske “Kinderen voor Kinderen”
Sjonge, Frysk, eigen ynbring, sichtberens, takomst en wille dat is de basis fan dit projekt “Bern foar Bern”
As bern hearde ik nei de ferskes fan Kinderen voor Kinderen, wat hie ik dêr graach oan mei dien. Mar ja… ik hie net de goeie taal/prate sûnder accent en it wie sa fier fuort, dat sein myn heit en mem alteast! Dat soe wol neat wurde, dus spitichernôch gjin kans hân. De ferskes koe ik allegear meisjonge en ik wit se no noch!
Doel en doelgroep:
It doel fan dit projekt is om de bern sels yn it spier te krijen en nei tinken te litten oer it hipper meitsjen fan it Frysk, it betinken fan teksten, meitsje fan filmkes, sjonge litte ensf.
Bern (groep 7/8 basisskoalle) yn de kunde komme litte mei it Frysk op in hippe oanslutende wiize. Skoallen kinne har hjirfoar opjaan. Dit kin spesifyk mei de eigen groep, mar dat kin fansels ek mei oare skoallen, ôfhinklik fan de opjefte/ôfstân.
Resultaat:
In youtubekanaal/cd/plaat mei 8 berneferskes, skreaun en makke troch bern út de provinsje Fryslân. Dit kin fan alles wêze, nije ferskes, nije teksten op besteande “populaire” ferskes, rap, spoken word, ensf.
Sa wurket it twa kanten oer, foar de bern dy’t meidien ha mar ek foar de bern dy’t der nei harkje/sjogge.
De helte fan de opbringst fan dit projekt kinst brûke foar in goed doel, ek keazen troch de bern dy’t meidogge, en de oare helte kinst brûke foar it ferfolchprojekt.
Twatalige strunkisten
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Wy fan de Strunersklup wolle graach twatalige saneamde strunkisten realisearje yn Fryslân. Hjirmei wolle wy, De Hippe Boerin, Bethlehems inn en Grand Cafe de Nije Warf, Dorpshuis De Kamp, Activiteiten Boerderij De Hamerslag graach beginne yn Wâlterswâld. Mei dizze strunkisten wolle wy foar Friezen mar ek foar toeristen de natuer ienfâldich tagonklik meitsje. Foar lytse en grutte struners. Yn de kiste sitte bygelyks in fûgelbingo, opdrachten om planten te sykjen ensafourthinne. Minsken komme nei de strunersklub ta om de noch moai te ûntwikkeljen twatalige struntaskes mei opdrachten op te heljen en gean der dan sels op út. Der sitte dan produkten yn fan lokale undernimmers. Wy wolle de strunkisten graach troch lokale minsken, bygelyks fan Talent, meitsje litte.
Wy hawwe ek in website (http://strunkiste.nl) en binne dwaande mei in app. Wy tinke foar it untwikkeljen fan it fierder twatalige konsept tusken de 4000 en 5000 euro nedich te hawwen. Dermei wolle wy it goed del sette. Mei dizze strunkisten wolle wy ek it Frysk in fanselsprekkend plak jaan. Earst is it effekt benammen te sjen yn us eigen fermidden, mar wy hoopje dizze kisten ek foar oare regio's en har lokale undernimmers te realisearjen. Wolle jo mei us op 'e strun?
Parren receptenboekje
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Twa jier lyn waarden der gratis parrebeamen útdielt yn Ljouwert. Hjir kaan in grutte stoarmrin op! Mar no in pear jier letter, matte we troch hiel Fryslân wol hast parren plukke kinne. Mar wat kinst dêr no allegearre mei meitsje? Ús idee is om in receptenboekje te meitsjen mei recepten mei de PAR. Yn it Frysk, te ferkreien troch Fryslân, wêrst mar parren keapje (en plukke) kinst.
We tinke dêr 10.000,- foar noadich te ha, sadot ymand ús kriuwen neisjen kin. Ymand foar de foarmjouing, de foto's, de kaft en it drukken van de boekjes. En de parren dyt we keapje matte sa lang we noch net oogste kinne. om de recepten út te proberen.
Groetnis Lutske en Lolkje
Fryske taal foar elk hús(ke)
08-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
De Fryske taal yn de (haad)rol.
Ik bied oan:
In ‘lyts' idee om de Fryske taal ‘grut(sk)’ te sichtber te meitsen yn de hiele provinsje.
Om de Fryske taal takomst te jaan is it belangryk dat de taal foar elkenien berikber, maklik en tagonklik te hâlden is en it leafst foar sa folle mooglike generaasjes.
Ut ûndersyk docht bliken dat om in taal te ûnderhâlden as te learen je yn ien sesje net mear as 10 wurden oanbiede moatte. Dan bliuwt it leuk en behapber.
Wêr kin je sa’n sesje no net better oanbiede as op it faak rêstichste plakje fan elts gebou?
Krekt ….. it lytste fertrekje yn elk gebou….. it húske. En in húske hat faak ek noch meters (foar taal) net brûkte romte ……húske pepier. Skande toch?
Myn idee is om typyske, inspirearjende Fryske wurden op duorsume húske pepier rollen drukke te litten om de Fryske taal letterlik oan te bieden foarr elk (iepenbier) gebou yn Fryslân.
Ik haw foar dit projekt in spesjaal lettertype ûntworpen dat basearre is op it ‘dakje’, dat sa herkenber is foar de Fryske skriuwwize. It hat ek in eigenwiis, grutsk karakter dat oanslút by de Fryske Kultuer.
Op de húske pepier rollen wurde dus typyske, inspirearjende Fryske wurden drukt wêrby’t de lêste letter fan elk wurd de begjin letter is fan it folgjende wurd.
Hoe grut is it effekt fan it útfieren fan jo idee? Foar jo wyk, jo doarp, stêd of de hiele provinsje?
It is de bedoeling dat de rol ta yntroduksje op elk iepenbier, kulturiel, gemeentelik provinsjaal en ryksgebou yn ús provinsje oanbean wurdt. Letter kinne wy it húske pepier ek te keap oanbiede op de webshop fan de provinsje, oare Kulturiele ynstellings as toeristyske bedriuwen.
Foar hokker bedrach tusken de 100 en 15.000 euro is jo idee te realisearjen?
Foar de yntroduksje haw ik earst in priisyndikaasje makke fan 1000 rollen. 1000 rollen wurde rûsd om sa'n 2000 euro.
Ferhalebank
08-04-2022 • 5 reacties • • De toekomst van het Fries
Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde.
Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan.
Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden.
It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk. De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.
Opfryskjen winkelstrjitten
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.
Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!
Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.
Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.
Frysker Fryslân
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk
Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.
Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.
TIKTOK-FESTIVAL
06-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Alle tiktokkers en contentcreators fan youtube en oare platfoarms wolle wy útnûgje foar in gearkommen. It wurdt in gearwêzen fan tiktokkers dy’t inoar kenne fan it platfoarm en fans dy’t mei-inoar yn ‘e kunde komme sille. Op himsels sil dat al in feestje wurde. Elkenien kin meidwaan mei koarte workshops, dêr’t in pear Friezen en Friezinnen útlis jaan sille oer it hoe en het en it wêrom fan de Fryske taal. Yn ‘e rin fan it hiele byinoarwêzen wurdt elkien útnûge filmkes te meitsjen om dy te dielen oer alle sosjale mediaplatfoarmen.
Wy freegje in bedrach oan fan fyftjintûzen euro, regelje seal en sprekkers en soargje foar de oanklaaiïng fan de ambiânse. Wat der op it plak sels allegear kreëarre wurdt, sil skielk troch tûzenen minsken besjoen wurde.
Dêrnjonken wolle wy besykje om by de oanwêzigen in positive(re) ynstelling oer it Frysk ûntstean te litten, sadat hja harren tenei -mûnling en skriftlik- faker uterje sille yn dy taal.