Frysker Fryslân
In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk
Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.
Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.
Locatie: Fryslân
Voorstel ingediend door: Pleatslik Belang Surhuzum
Ik wenje sels yn Surhústerfean. Moai tichtby Surhuzum om ek mar ris oan dizze Fryske kursus diel te nimmen. Dan wis ek om it holsje mei myn pensioen wer wat op te skodzjen neidat ik sa'n 52 jier ferlyn fan docent Katsma yn Dokkum mei in soad wille in jier lang Fryske les han ha (as keuzefak) op de âlde MULO (1970) yn dy stêd.