Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Frysker Fryslân

09-04-2022  •  1 reactie  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De toekomst van het Fries

In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk

Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.

Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.

Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)

07-04-2022  •  1 reactie  •  s.muizelaar.  •  De toekomst van het Fries

Sûnt 2016 ûntwikkelt Stichting Mearslach yntegrearre, meartalige projekten foar it basisûnderwiis.

Mei as doelstelling: De Fryske taal in normaal plak jaan yn de deistige praktyk yn it ûnderwiis yn Fryslân. Sjoch foar de besteande projekten op www.mearslach.nl

Us nijste produkt is it lesboekje 'Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)''

Ynhâld fan it boekje:

De befreone famylje Jacobs út Limburg komt dizze simmer mei de caravan nei in camping yn Grou. Johan en Amarins de Haan wolle mei harren bern - Sander, Anita en Alwin - de Limburgers sjen litte hoe moai Fryslân is. Alwin - learling yn groep 8 - kin him tariede om in goede gids te wurden troch oan 'e slach te gean mei in grut tal ûnderwerpen oer de yn Fryslân sprutsen talen, de Kultuer en Natuer yn Fryslân yn it lesboekje 'Der op út!'

Doel

Safolle mooglik learlingen - krekt as Alwin - oan it wurk te krijen mei de 22 opdrachten yn it meartalich lesboekje.

Hoe wolle wy dat berikke?

Wy wolle oan alle ± 400 basisskoallen elk 40 eksimplaren fan it lesboekje tastjoere. Krekt sa as wy dat yn 2018 dien hawwe mei it boekje 'Esther, in dapper Joadsk famke!' Dat wie doe mooglik troch in spesjale subsydzje fan Provinsje Fryslân. Troch subsydzje fan it V-fonds yn Utert hawwe wy yn 2020 oan alle skoallen 40 eksimplaren tastjoerd fan 'Sis my wa' t ik bin'.

Kosten

Foar it printsjen en ferstjoeren fan 16.000 boekjes binne de kosten ± 14.775 Euro.

 

 

 

 

Plaquette Balkespringer Surhuzum

09-04-2022  •  Geen reacties  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De toekomst van het Fries

Yn Surhuzum soenen wy graach in plakette realisearje wolle foar by de Balkespringer. Ferline jier kaam de Balkespringer Surhuzum einlik thús. It keunstwurk De Balkespringer yn Surhuzum waard doe ferpleatst. Wethâlder Max de Haan en de leden fan Pleatslik Belang Surhuzum hjitten op 24 maart 2021 De Balkespringer wolkom op syn nije plak, oan de Doarpsstrjitte foar de Antoniustsjerke, dêr 't er yn 1617 de sprong weage.

In moaie tafoeging foar ús doarp Surhuzum soe in plakette wêze dêr 't op útlein wurdt wat it ferhaal efter dit stânbyld no eins is. Surhuzum is in plakje yn de Fryske Wâlden, wat mei har moaie kûlizelânskip in moaie omjouwing is foar fytsers en kuierders út oare dielen fan it lân. Sa komme der op moaie simmerdagen tal fan toeristen troch ús doarpke fytsen.

Foar it ferbetterjen fan it oansicht fan it doarp Surhuzum en foar minsken fan oare plakken dy 't in besyk oan ús doarp bringe soene wy dêrom besykje wolle om in moaie plakette te realisearjen foar de Balkespringer. De plakette sil nei ferwachting net mear as € 500 kostjen gean.

Understeande tekst soene wy op de plakette pleatse litte wolle. Fansels yn it Frysk, mar as it mooglik is ek yn it Nederlânsk, sadat de ferbining tusken Frysk en Nederlânsk mooglik makke wurde kin.

Knilles Eiberts Syn offisjele namme wie Cornelis Egberts Gayckema, alias Saphias. De âlden fan Knilles wiene Egbert Theunis en Neeltje Annes. De famylje Gayckema is meniste. As boer, ferfeansker of skipper fertsjinje se har brea. Se hearre ta de earste kolonisten fan it Gordykster fean.

Cornelis giet de skiednis yn as “ de balkenspringer ” fan Surhuzum. Nei ferwoasting troch brân ein tachtiger jierren yn de sechstjinde iuw (80 - jierrige oarloch yn de Spaanske oerhearsking fan 1568 -1648) begjint men mei de werbou fan de tsjerke yn it jier 1614. Yn 1617 is de put klear en yn datselde jier is Cornelis fjirtjin en kenlik in “ bluisterich jongfeint ”. Wy kenne him as de knaap dy 't oer sechstjin balken sprong yn ien loop: goed twa en in heale meter fan inoar ôf. Boppedat meters boppe de begeane grûn. Hy oerlibbet syn gefaarlike stunt want yn 1645 stjert er op 42 - jierrige leeftiid. By de tsjerke is er begroeven. De grêfstien fûnen se werom oan de súdkant fan de tsjerke. Cornelis wie fan berop beurtskipper op Dokkum. ~~~ A.G.IJ.

Freonlike groetnis,

Pleatslik Belang Surhuzum

Ferhalebank

08-04-2022  •  5 reacties  •  Semko  •  De toekomst van het Fries

Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde. 

Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan. 

Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden. 

It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk.  De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.  

Fryske vrouwen en Frysk iten

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Bo  •  De toekomst van het Fries

Is dêr tipysk Frysk iten? Folgens ferskeidene Fryske fruolje al. Myn idee is fjouwer Fryske vrouwen te portreteren, hun recepten fêst te lissen. Wêr by hun karakter en de Fryske kultuer net te missen is. En dan te ferkreien troch hiel Fryslân om fan te leren en ynspirearre te reitsjen.

Mei it ontwikkeljen en drukken fan de boekjes en alles wat dêr by komt te sjen ferwacht ik mei €10.000,- in hiel ein te kommen.

frysk yn doarp en iepen fjild

01-04-2022  •  Geen reacties  •  doarpbelang deinum en doe en no  •  De toekomst van het Fries

Doarpsbelang en Deinum Doe en No soene mei Stim fan Fryslân in grutte dream realisearje wolle. De histoarje fan ús doarp, de markante gebouwen it âlde tsjerkepaad fan Deinum nei Blessum en Boksum, wa wit no noch as ynwenner, fytser, toerist of de jonge bern wat der eartiids spile yn dit doarp. De âldere generaasje kin noch it ferske “en yn Deinum stiet de sipel op de toer, sipel op de toer, sipel op de toer.....” Deinum hat noch safolle mear en moais oan ferhalen en histoarje om te fertellen oan al dy minsken dy’t hjir yn it doarp wenje of lâns komme, ynwenners fan de provinsje, Friezen om utens of toeristen. Wisten jo wol dat Sjouke de Zee, tsiismakker yn Deinum wenne en op it fabryk wurke hat? Hoe moai soe it wêze as der in gedicht of ferhaal fan Sjouke ûnderweis foarby komt? Of witte jo eins net wa Sjouke de Zee wie? Kom dan ris nei Deinum!

Dy ferhalen en histoarje stean foar in grut part yn boeken oer it doarp mar wy soene dy ferhalen ûntslute wolle- sichtber meitsje - oan de dyk, by in hûs of in tún yn it doarp, yn it lân hjir om it doarp. Sichtber foar elkenien en yn it Frysk fansels, dat is hjir sa gewoan.

Wat sille we dwaan

We litte buorden mei twatalige ferhalen yn it Frysk en Nederlânsk en mei foto’s meitsje. De ferhalen wurde skreaun troch Doe en No. It gehiel sil opmakke wurde moatte troch in ûntwerper en drukt. De buorden moatte dan te plak yn it doarp, dêr binne we sels handich genôch foar.

 Dizze buorden wolle we in QR-koade meijaan sadat der noch mear eftergrûn ynformaasje te krijen is, dit heart by de ûntwerp kosten. Fierders wolle we ek in boekje mei in kuierroute útjaan, yn it boekje kin it ferhaal wat wiidweidiger ferteld wurde. Te keap yn it doarp by de bakker. Dit is part 1 fan ús dream – de Histoarje sichtber yn ús doarp, foar ús doarp, foar de besikers en toeristen oan ús doarp. Frysk yn de iepenbiere romte! Frysk sichtber foar elkenien!

Wy tinke dat dit tusken de 10.000 en 15.000 euro kostje sil (mei miskien fergunnings derby)

Mocht it tafalle dan soene we ek noch in bankje ûnderweis delsette wolle mei in moaie fryske tekst derop.

Op in letter momint hawwe yn de planning om mei in entûsjaste ferhalen ferteller noch wat filmkes of in podcast op te nimmen. Te sjen fia de site fan Doarpsbelang en te finen op You tube.

 

 

 

Keunstwurk Balk

07-04-2022  •  1 reactie  •  Harm van Zuiden  •  De toekomst van het Fries

Jierren lyn hawwe skoallebern fan Csg Bogerman it tunneltsje by Balk fersierd mei in grafiti-keunstwurk mei de tekst: Frysk Bloed Tsjoch Op! Dit wie in opdracht fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Dit keunstwurk is spitigernôch troch de nije gemeente de Fryske Marren oersmard mei wytkalk. Yn oerlis mei dizze gemeente mei it keunstwurk wer hersteld wurde.

Hjirfoar is Kunsteducatie Nederland benaderd om profesionele dosinten en grafiti keunstners te leverjen. It gehiel wurdt troch Csg Bogerman Balk útfierd. Ynskatting is dat it projekt tusken de 1500 en 200 euro kost: wytkalkje, 2 workshoplieders in hiele dei, materiaal en fine-tuning efterôf. Doel is om reizigers harren wolkom fiele te litten yn Balk. Miskien is de tekst: Wolkom yn Frysktalich Balk in opsje.

Opfryskjen winkelstrjitten

09-04-2022  •  1 reactie  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.

Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!

Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.

Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.

Kwartetspul

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Bart Pietersma  •  De toekomst van het Fries

Ik wol graag een modern kwartetspul meitsje per deistige eigen yn Fryslân.

mei mooie foto's geef Fryske nammen v spullen en bisten en minsken.

De kwarten kin men Winne mei ynfoudige vragenspultjes op instagram of

Facebook alle horeca en bed en breakfasten krige gratis ien dwoaske opstuurde.

Fotograaf, drukker en opmaak verstoord kosten fan ca  5000 kwartetten komt

omtrint op € 14.600 yn e btw.  Mei yn Fryske sponsor op e achterkant kinne we er mear meitsje. Ik wol Sytse Kijlstra 

Der foar fregje ze ha yn taxi en ambulance vervoer bedrieuw.  Troch te spullen leert men de taal en oare dingen oer Fryslân 

Dit is myn bydrage. Ik hoopje op stipe.

'Baas Giele Taksy', Inez Timmer sjongt Joni Mitchell.

29-03-2022  •  2 reacties  •  Inez Timmer  •  De toekomst van het Fries

In serie konserten mei treflike Fryske oersettingen fan de poëzy fan Joni Mitchell troch Gysbert Japicx priiswinner Eppie Dam. Songen troch profi  Inez Timmer + band.

Dêr is maksimaal 10.000,- euro nedich foar bygelyks it meitsjen fan filmkes, promoasjesesje foar progammeurs, hjir teater, foto's etc. It is net foar advys kosten mar foar konkrete aktiviteiten om ús wurk goed del te setten.

It effekt is it opnij wurdearjen fan Frysktalige poëzy troch muzyk. Troch it teaterkonsert wurdt de Fryske taal tichterby de minsken brocht. Werkenber troch de hits fan Joni Mitchell. It bringt minsken by mekoar. Der kin sels meisongen wurde. It projekt draacht by oan de leefberens fan it doarp Wergea. Plus: dit teaterkonsert draacht ek by oan de striidberens fan famkes en froulju; Joni Mitchell is it foarbyld fan in sterke, unôfhinklike muzykante, skriuwster en skilderes dy't leauwt oan harsels en oan har krêft en talint. Dit projekt wurdt organisearre en produsearre troch in frou en útfierd troch in frou. Identifikaasje troch taal en muzyk. Songen Frysk op in heech nivo, troch in feteraan yn dit fak mei in soad ynternasjonale erfaring en útstraling én mei har woartels yn it Heitelân.