Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

'Baas Giele Taksy', Inez Timmer sjongt Joni Mitchell.

29-03-2022  •  2 reacties  •  Inez Timmer  •  De toekomst van het Fries

In serie konserten mei treflike Fryske oersettingen fan de poëzy fan Joni Mitchell troch Gysbert Japicx priiswinner Eppie Dam. Songen troch profi  Inez Timmer + band.

Dêr is maksimaal 10.000,- euro nedich foar bygelyks it meitsjen fan filmkes, promoasjesesje foar progammeurs, hjir teater, foto's etc. It is net foar advys kosten mar foar konkrete aktiviteiten om ús wurk goed del te setten.

It effekt is it opnij wurdearjen fan Frysktalige poëzy troch muzyk. Troch it teaterkonsert wurdt de Fryske taal tichterby de minsken brocht. Werkenber troch de hits fan Joni Mitchell. It bringt minsken by mekoar. Der kin sels meisongen wurde. It projekt draacht by oan de leefberens fan it doarp Wergea. Plus: dit teaterkonsert draacht ek by oan de striidberens fan famkes en froulju; Joni Mitchell is it foarbyld fan in sterke, unôfhinklike muzykante, skriuwster en skilderes dy't leauwt oan harsels en oan har krêft en talint. Dit projekt wurdt organisearre en produsearre troch in frou en útfierd troch in frou. Identifikaasje troch taal en muzyk. Songen Frysk op in heech nivo, troch in feteraan yn dit fak mei in soad ynternasjonale erfaring en útstraling én mei har woartels yn it Heitelân. 

Frysker Fryslân

09-04-2022  •  1 reactie  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De toekomst van het Fries

In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk

Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.

Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.

Stimmen fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire

06-04-2022  •  2 reacties  •  De Zware Jongens  •  De toekomst van het Fries

Stim(men) fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire!

In mear sichtber en fanselssprekkend plak foar it Frysk yn Fryslân… Hoe soe dat better kinne dan troch Frysk Feestrepertoire dat eltsenien meisjonge kin en by eltsenien yn de holle sitten bliuwt?

Wy binne de Zware Jongens, twa bekende stimmen fan Fryslân. Twa sangers dy’t net alllinnich yn alle úthoeken fan de provinsje optreden hawwe mar ek yn de rest fan it lân.  Fokko Dam (“Fokko met de bordjes” fan de Blauhúster Dakkapel) en Arie Kuipers, skriuwer fan ûnder oare “Bonkefeart” fan Anneke Douma en it Makkumer befrijdingsliet: “Gretha”.

Om mear minsken gebrûk meitsje te litten fan de Fryske taal, like it ús in goed idee om in tal Frysktalige feestlike ferskes nûmers op te nimmen. Frysktalich feestrepertoire dêr’t elfsenien op in brulloft, op’e merke of yn it kafee mei meisjonge kin. Der hearre seker in pear goeie fideoklips by foar de social media en foar Omrop Fryslân.

Fokko Dam en Arie Kuipers ha tegearre mear as in iuw ûnderfining yn it skriuwen, opnimmen en útfieren fan musyk.  

In goed feestliet is ûnbeheind hâldber en brûkber.

Foar € 15.000,- leverje wy fiif nij skreaune orizjinele musykstikken oan. By ôflevering is it produkt geskikt foar profesjoneel gebrûk op radio en televyzje. Yn dit bedrag binne alle produksjekosten ynbegrepen: fideoklips, studiokosten en it skriuwwurk.

De Zware Jongens hawwe in grut berik. Ús nûmers binne mear as 25 miljoen kear streamd. Op Spotify hawwe wy 140.000 moanlikse harkers. Guon ferskes fan ús ha mear as in miljoen views op YouTube. De provinsje wol graach in soad minsken berikke mei dit projekt. Wy kinne dêr foar soargje mei ús bekendheid en berik.

Wy binne fan miening dat wy mei Frysktalig feestrepertoire in nije doelgroep berikke: foaral de jeugd.

Keunstwurk Balk

07-04-2022  •  1 reactie  •  Harm van Zuiden  •  De toekomst van het Fries

Jierren lyn hawwe skoallebern fan Csg Bogerman it tunneltsje by Balk fersierd mei in grafiti-keunstwurk mei de tekst: Frysk Bloed Tsjoch Op! Dit wie in opdracht fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Dit keunstwurk is spitigernôch troch de nije gemeente de Fryske Marren oersmard mei wytkalk. Yn oerlis mei dizze gemeente mei it keunstwurk wer hersteld wurde.

Hjirfoar is Kunsteducatie Nederland benaderd om profesionele dosinten en grafiti keunstners te leverjen. It gehiel wurdt troch Csg Bogerman Balk útfierd. Ynskatting is dat it projekt tusken de 1500 en 200 euro kost: wytkalkje, 2 workshoplieders in hiele dei, materiaal en fine-tuning efterôf. Doel is om reizigers harren wolkom fiele te litten yn Balk. Miskien is de tekst: Wolkom yn Frysktalich Balk in opsje.

Tûzen wurden buordsjes

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Johan Bouwhuis  •  De toekomst van het Fries

It idee is om troch hiel Fryslân lytse tekstbuordsjes del te setten by allegear ferskillende gebouwen, objekten, dingen, bisten, en sa fierder. Op dizze buordsjes stiet de Fryske namme fan wat der op dat plak te sjen is. Tink oan tsjerke, gers, skiep, hoanne, stien, feart, tsjerkhou, minsk en gean sa mar troch. Sjoch bygelyks ek it Tûzen Wurden berneboek foar allerhande wurden. Dizze buordsjes moatte kwalitatyf sa moai/tof/cool wêze dat minsken se ek wol mei nimme wolle. It moat in soarte fan kollektor-items wurde. Se sette it dan nei alle gedachten ek op social media, der soe dan in hashtag by kinne (#moaiwurdfuort?). Of fia QR code efterop in foto uploade nei in webside. Miskien kin der dan in hype of rage ûntstean... wa wit!

De buordsjes wurde makke troch studinten fan de Fryske kreative- en/of bou-opliedingen, mei bygelyks in lasersnijer of CNC frees. Sa komt dizze doelgroep ek yn oanrekking mei de Fryske taal. 
Studinten ûnderwiisassistint of fan de PABO soenen ek workshops 'Tûzen Wurden buordsjes' op skoallen jaan kinne. Of kuierje lâns wurden yn'e omjouwing. Doarpen en stêden (doarps- of pleatslik belang) kinne fia in webside de boardsjes fergees bestelle en dan troch frijwilligers te plak sette litte. De kosten sitte yn it ûntwerpen en meitsjen fan yn elts gefal 1000 buordsjes en it bouwen fan in webside mei in bestelsysteem. By it ûntwerpen, meitsjen en pleatsen fan de buordsjes spylet it Typografysk kollektyf de Typesetters (wer ik diel fan út meitsje) ek in rol.

www.typesetters.nl

Sichtberens Frysk mei û.o. goodiepûde by Nederlânsk Kampioenskip fierljeppen

09-04-2022  •  Geen reacties  •  Albert  •  De toekomst van het Fries

By it NK jeugd yn Winsum wolle wy it Frysk sichtber meitsje troch dit jier 27 augustus û.o. in twatalige goodiepûde oan de 45 dielnimmers (9 - 12)  te jaan. It liket ús aardich om yn de pûde bygelyks it boekje Sipke leart fierljeppen te dwaan en bygelyks in kaaihinger of drinkflêske mei ek Fryske tekst derop.  Fansels stiet op de goodiepûde dit jier dan ek in Fryske tekst opnommen. It programmaboekje fan de kampionskippen wolle wy ek twatalich beskikber meitsje. Lykas de dielnimmers foar de helte út Hollân komme, sil it publyk ek foar de helte út minsken fan bûten Fryslân komme. Wy tinke hjirmei net allinne in Fryske sport moai del te sette kinnen, mar ek it Frysk sa in sichtber en fanselssprekkend plak te jaan. Ek wolle wy besykje de bebuording by kofje, parkearjen en sa sa folle mooglik twatalich te dwaan. Dizze bebuorrding wolle wy dan ek graach foar oare evenminten wer brûke, sadat it ek by de Frysk Kampioenskippen ynsetten wurde kin. 

Ek wolle wy graach de website https://www.fierljeppenwinsum.frl struktureel twatalich beskikber meitsje. Sa wolle wy dúdlik meitsje dat it Frysk ek in fanselssprekkend plak hat by dizze sa Fryske sport.

De kosten foar in DTP-er om it spul foar yn de goodiepûde, it Fryske programmaboekje en beboarding op te meitsjen, en te ûntwikkelje litten, it boekje Sipke leart fierljeppen, oersetten fan teksten nei it Frysk sille op syn meast 4500 euro koste.

Parren receptenboekje

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Lutske en Lolkje  •  De toekomst van het Fries

Twa jier lyn waarden der gratis parrebeamen útdielt yn Ljouwert. Hjir kaan in grutte stoarmrin op!  Mar no in pear jier letter, matte we troch hiel Fryslân wol hast parren plukke kinne. Mar wat kinst dêr no allegearre mei meitsje? Ús idee is om in receptenboekje te meitsjen mei recepten mei de PAR. Yn it Frysk, te ferkreien troch Fryslân, wêrst mar parren keapje (en plukke) kinst. 

We tinke dêr 10.000,- foar noadich te ha, sadot ymand ús kriuwen neisjen kin. Ymand foar de foarmjouing, de foto's, de kaft en it drukken van de boekjes. En de parren dyt we keapje matte sa lang we noch net oogste kinne. om de recepten út te proberen.

Groetnis Lutske en Lolkje

Opfryskjen winkelstrjitten

09-04-2022  •  1 reactie  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.

Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!

Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.

Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.

Duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink 

08-04-2022  •  2 reacties  •  RemcoKrol  •  De toekomst van het Fries

In moai duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink  upsyklede wynflesse mei Fryske grûn. Dit is yn gearwurking mei Pottle. Dit is in start-up út Ljouwert die wynflessen upsykleje nei nije produkten. Dizze pot mei Fryske grûn sjogge wy al stean yn skoallen, biblioteken, yn de finsterbanken fan wenstrjitten en gemeentehûzen troch hiel Fryslân.

Scan de QR koade op it label om in fideo mei moaie bylden Fryske wurden te sjen & hearren. Sa wurd de Fryske wurdenskat fergrutte en stimulearre. De QR koade kin ek as sticker ynset wurde om fourt te jaan en sa de oandacht te vergrutsjen. De sticker wurd makke fan biologysk ôfbrekber materiaal sadat dizze nei in tiidzje wer ferdwynt.  

Hoe mear dizze QR koade ferspraat wurd, hoe grutter it effekt fan de aksje. De bekendhiid kin dan oprinne fan doarp tot oant de oare kant fan de wrâld. It  fersprieden kin fia in sticker mei de QR koade of it relaasjegeskink wat troch fryske bedriuwen en organisaasjes ynset wurde kin om oare kultueren en minsken bûten Fryslân kennis meitsje te litten mei de Fryske taal. Dit is nedich is om dit idee te realisearjen: 1750 euro. Dit bedrag is noadig om dizze fideo te realisearjen, lûdopnames, ontwerp en montaazje.

In brief oan ússels

08-04-2022  •  Geen reacties  •  FosterCat  •  De toekomst van het Fries

  Goeiemiddei, 

  

Wy binne Christian en Afrida. Wy waarden tige entûsjast doe't wy dit foarstel tsjinkamen. Omdat wy nau belutsen binne by kultureel Ljouwert/Fryslân en net allinnich ûndernimmend, mar ek kreatyf binne, liket it ús geweldich om tegearre in projekt op te setten. Spitigernôch stiet kultureel Fryslân op lanlik nivo minder op de kaart op kulturele en kreative gebieten, dus liket it ús in eare om mei te dwaan oan de kulturele groei fan ús moaie Fryske lân. Wy diele ferskate dissiplines en ûnderfining yn ferbân mei dit ûnderwerp. Dêrneist meitsje wy ek diel út fan it kollektyf DichterBij Leeuwarden en Mooie dingen makers. Ut dizze mienskip ha wy ek opmurken dat der in protte pleatslik talint is, dy't graach wolle. 

  

Ut dizze fisy en it inisjatyf dat Stim Fan Fryslan begûn, hawwe wy in konsept betocht. Underwerp: In brief oan dysels. Dit konsept wurdt útlein yn 'e taheakke. 

 

Wy binne optein en wy hoopje dat jo like optein binne. 

  

Mei freonlike groetnis, 

  

Christian en Afrida.