- Kaarten
- Lijst
In brief oan ússels
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Goeiemiddei,
Wy binne Christian en Afrida. Wy waarden tige entûsjast doe't wy dit foarstel tsjinkamen. Omdat wy nau belutsen binne by kultureel Ljouwert/Fryslân en net allinnich ûndernimmend, mar ek kreatyf binne, liket it ús geweldich om tegearre in projekt op te setten. Spitigernôch stiet kultureel Fryslân op lanlik nivo minder op de kaart op kulturele en kreative gebieten, dus liket it ús in eare om mei te dwaan oan de kulturele groei fan ús moaie Fryske lân. Wy diele ferskate dissiplines en ûnderfining yn ferbân mei dit ûnderwerp. Dêrneist meitsje wy ek diel út fan it kollektyf DichterBij Leeuwarden en Mooie dingen makers. Ut dizze mienskip ha wy ek opmurken dat der in protte pleatslik talint is, dy't graach wolle.
Ut dizze fisy en it inisjatyf dat Stim Fan Fryslan begûn, hawwe wy in konsept betocht. Underwerp: In brief oan dysels. Dit konsept wurdt útlein yn 'e taheakke.
Wy binne optein en wy hoopje dat jo like optein binne.
Mei freonlike groetnis,
Christian en Afrida.
Bern foar Bern, de Fryske Kinderen voor Kinderen
05-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
Bern foar Bern, de Fryske “Kinderen voor Kinderen”
Sjonge, Frysk, eigen ynbring, sichtberens, takomst en wille dat is de basis fan dit projekt “Bern foar Bern”
As bern hearde ik nei de ferskes fan Kinderen voor Kinderen, wat hie ik dêr graach oan mei dien. Mar ja… ik hie net de goeie taal/prate sûnder accent en it wie sa fier fuort, dat sein myn heit en mem alteast! Dat soe wol neat wurde, dus spitichernôch gjin kans hân. De ferskes koe ik allegear meisjonge en ik wit se no noch!
Doel en doelgroep:
It doel fan dit projekt is om de bern sels yn it spier te krijen en nei tinken te litten oer it hipper meitsjen fan it Frysk, it betinken fan teksten, meitsje fan filmkes, sjonge litte ensf.
Bern (groep 7/8 basisskoalle) yn de kunde komme litte mei it Frysk op in hippe oanslutende wiize. Skoallen kinne har hjirfoar opjaan. Dit kin spesifyk mei de eigen groep, mar dat kin fansels ek mei oare skoallen, ôfhinklik fan de opjefte/ôfstân.
Resultaat:
In youtubekanaal/cd/plaat mei 8 berneferskes, skreaun en makke troch bern út de provinsje Fryslân. Dit kin fan alles wêze, nije ferskes, nije teksten op besteande “populaire” ferskes, rap, spoken word, ensf.
Sa wurket it twa kanten oer, foar de bern dy’t meidien ha mar ek foar de bern dy’t der nei harkje/sjogge.
De helte fan de opbringst fan dit projekt kinst brûke foar in goed doel, ek keazen troch de bern dy’t meidogge, en de oare helte kinst brûke foar it ferfolchprojekt.
De Fryske Sjamaan Karavaan
08-04-2022 • 6 reacties • • De toekomst van het Fries
De Fryske Sjamaan is een muziektheater productie voor kinderen en volwassenen gebaseerd op het werk Liefland van maakster Esther Bosma (Witmarsum/ Sudwest Fryslan). De Fryske Sjamaan heeft als Universeel doel kinderen (maar zeker ook volwassenen) weer bewust te maken van hun connectie met Moeder Aarde, de elementen (vuur/ aarde/ metaal/ water/ hout). Thematiek als de ontwrichtende consequenties van pesten, herkennen en omgaan met emoties zijn spelenderwijs als een rode draad door het verhaal heen verweven. De Fryske Sjamaan bezoekt als rondreizend theater de verschillende steden en dorpen in Fryslan. De muziek voor De Fryske Sjamaan wordt uitgevoerd met oud Keltische en zelfgemaakte muziek instrumenten, gecombineerd met hedendaagse instrumenten. De Fryske Sjamaan wordt in de authentieke Friese Taal uitgevoerd en wordt geproduceerd in de traditie van de Iepeloftspul en Mienskip. Voor de bewoners en met de bewoners van de regio! In de bijgevoegde PDF kunt u alles lezen over de missie, strategie, het team en een korte beleving in beeld en taal door de voorstelling heen. Inclusief een link naar 6 liedjes onderdeel van de voorstelling, gezongen in het Nederlands en Fries. De totale kosten om dit idee te realiseren zijn maximaal 15.000 euro. Dit is met name bedoeld voor productie en educatie.
SJONG IT Live
05-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
Yn 3 groepen fan maksimaal 10 sette amateursjongers / sjongeressen ûnder begelieding fan in singer / songwriter lykas Elske de Walle in besteand popnûmer oer yn it Frysk foar 4 oeren de groep.
Troch in sjongdosint (Marysa Dijkstra) wurde se yn 4 oeren de groep taret op in opname fan it nûmer. Yn Studio Audioshape wurde de nûmers opnommen, mikst en mastere.
Dizze nûmers wurde online dield fia social media lykas YouTube, facebook en Instagram.
Op it poadium fan Neushoorn wurdt in konsert organisearre dêr 't publyk frije tagong hat.
Mei dit projekt leare muzikanten it Frysk brûken, is online de Fryske muzyk te beharkjen en is op in live optreden foar publyk omtinken foar de Fryske taal.
Verwachte Kosten: singer-songwriter 1.000 euro / sjongdosint 1.000 / organisaasje en kosten repetysje lokaasje 400 / cd opnames 6.000 euro Konsertkosten Neushoorn 6.000 = totaal 14.400 euro
Fuortendaliks berik fan 30 amateursjongers en publyk by konsert (ferwachtet 150 ), yndirekt ree fia social media skat op 15.000 minsken.
De ferfrysking fan de wrâldbekende mûne yn midden-Fryslân
09-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Graach wolle wy de namme fan de mûne grut sichtber meitsje op de nije mûne yn Reduzum. Derby wolle wy graach it 'leech by de grûn fret bankje' ferfryskje. Dat wol sizze, dat der ek Fryske wurden opkomme. By it bankje wolle wy ek in twatalich board sette mei mei mear ynformaasje oer wat de mûne foar it doarp betsjut. Ek wurdt hjir wat mear ynformaasje jûn oer dit inisjatyf fan de mienskip. De mûne wurdt stipe troch 540 leden en foar un diel finansiert út Reduzum en de omlizzende doarpen. Wy tinke hjirmei it Frysk in sichtber plak te jaan, net allinne foar de minsken yn Reduzum mar ek foar oaren. Foar de mûne stiet nammentlik de Blauwe Tinte, hjir komt in protte folk út hiel it hiele lân del.
As it slagget, wolle wy yn oerlis mei de gemeente Ljouwert en doarpsbelang ek sjen of wy de fytstunnel dy't by de mûne sit, ek ferfryskje kinne mei graffity. Hjir sjogge wy dan foar ús dan der fansels Fryske teksten komme by moaie graffity fan de mûne, de blauwe tinte, it lânskip rûnom de mûne.
Dit sil tinke wy ûngefear 7500 euro koste, mar mooglik in bytsje mear of minder. Hjirmei is ús idee yn elk gefal tusken it bedrag fan 100 en 15.000 euro yn te realisearjen.
'Baas Giele Taksy', Inez Timmer sjongt Joni Mitchell.
29-03-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
In serie konserten mei treflike Fryske oersettingen fan de poëzy fan Joni Mitchell troch Gysbert Japicx priiswinner Eppie Dam. Songen troch profi Inez Timmer + band.
Dêr is maksimaal 10.000,- euro nedich foar bygelyks it meitsjen fan filmkes, promoasjesesje foar progammeurs, hjir teater, foto's etc. It is net foar advys kosten mar foar konkrete aktiviteiten om ús wurk goed del te setten.
It effekt is it opnij wurdearjen fan Frysktalige poëzy troch muzyk. Troch it teaterkonsert wurdt de Fryske taal tichterby de minsken brocht. Werkenber troch de hits fan Joni Mitchell. It bringt minsken by mekoar. Der kin sels meisongen wurde. It projekt draacht by oan de leefberens fan it doarp Wergea. Plus: dit teaterkonsert draacht ek by oan de striidberens fan famkes en froulju; Joni Mitchell is it foarbyld fan in sterke, unôfhinklike muzykante, skriuwster en skilderes dy't leauwt oan harsels en oan har krêft en talint. Dit projekt wurdt organisearre en produsearre troch in frou en útfierd troch in frou. Identifikaasje troch taal en muzyk. Songen Frysk op in heech nivo, troch in feteraan yn dit fak mei in soad ynternasjonale erfaring en útstraling én mei har woartels yn it Heitelân.
Fryske taal foar elk hús(ke)
08-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
De Fryske taal yn de (haad)rol.
Ik bied oan:
In ‘lyts' idee om de Fryske taal ‘grut(sk)’ te sichtber te meitsen yn de hiele provinsje.
Om de Fryske taal takomst te jaan is it belangryk dat de taal foar elkenien berikber, maklik en tagonklik te hâlden is en it leafst foar sa folle mooglike generaasjes.
Ut ûndersyk docht bliken dat om in taal te ûnderhâlden as te learen je yn ien sesje net mear as 10 wurden oanbiede moatte. Dan bliuwt it leuk en behapber.
Wêr kin je sa’n sesje no net better oanbiede as op it faak rêstichste plakje fan elts gebou?
Krekt ….. it lytste fertrekje yn elk gebou….. it húske. En in húske hat faak ek noch meters (foar taal) net brûkte romte ……húske pepier. Skande toch?
Myn idee is om typyske, inspirearjende Fryske wurden op duorsume húske pepier rollen drukke te litten om de Fryske taal letterlik oan te bieden foarr elk (iepenbier) gebou yn Fryslân.
Ik haw foar dit projekt in spesjaal lettertype ûntworpen dat basearre is op it ‘dakje’, dat sa herkenber is foar de Fryske skriuwwize. It hat ek in eigenwiis, grutsk karakter dat oanslút by de Fryske Kultuer.
Op de húske pepier rollen wurde dus typyske, inspirearjende Fryske wurden drukt wêrby’t de lêste letter fan elk wurd de begjin letter is fan it folgjende wurd.
Hoe grut is it effekt fan it útfieren fan jo idee? Foar jo wyk, jo doarp, stêd of de hiele provinsje?
It is de bedoeling dat de rol ta yntroduksje op elk iepenbier, kulturiel, gemeentelik provinsjaal en ryksgebou yn ús provinsje oanbean wurdt. Letter kinne wy it húske pepier ek te keap oanbiede op de webshop fan de provinsje, oare Kulturiele ynstellings as toeristyske bedriuwen.
Foar hokker bedrach tusken de 100 en 15.000 euro is jo idee te realisearjen?
Foar de yntroduksje haw ik earst in priisyndikaasje makke fan 1000 rollen. 1000 rollen wurde rûsd om sa'n 2000 euro.
Duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink
08-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
In moai duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink upsyklede wynflesse mei Fryske grûn. Dit is yn gearwurking mei Pottle. Dit is in start-up út Ljouwert die wynflessen upsykleje nei nije produkten. Dizze pot mei Fryske grûn sjogge wy al stean yn skoallen, biblioteken, yn de finsterbanken fan wenstrjitten en gemeentehûzen troch hiel Fryslân.
Scan de QR koade op it label om in fideo mei moaie bylden Fryske wurden te sjen & hearren. Sa wurd de Fryske wurdenskat fergrutte en stimulearre. De QR koade kin ek as sticker ynset wurde om fourt te jaan en sa de oandacht te vergrutsjen. De sticker wurd makke fan biologysk ôfbrekber materiaal sadat dizze nei in tiidzje wer ferdwynt.
Hoe mear dizze QR koade ferspraat wurd, hoe grutter it effekt fan de aksje. De bekendhiid kin dan oprinne fan doarp tot oant de oare kant fan de wrâld. It fersprieden kin fia in sticker mei de QR koade of it relaasjegeskink wat troch fryske bedriuwen en organisaasjes ynset wurde kin om oare kultueren en minsken bûten Fryslân kennis meitsje te litten mei de Fryske taal. Dit is nedich is om dit idee te realisearjen: 1750 euro. Dit bedrag is noadig om dizze fideo te realisearjen, lûdopnames, ontwerp en montaazje.
Opfryskjen winkelstrjitten
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.
Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!
Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.
Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.
Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)
07-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Sûnt 2016 ûntwikkelt Stichting Mearslach yntegrearre, meartalige projekten foar it basisûnderwiis.
Mei as doelstelling: De Fryske taal in normaal plak jaan yn de deistige praktyk yn it ûnderwiis yn Fryslân. Sjoch foar de besteande projekten op www.mearslach.nl
Us nijste produkt is it lesboekje 'Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)''
Ynhâld fan it boekje:
De befreone famylje Jacobs út Limburg komt dizze simmer mei de caravan nei in camping yn Grou. Johan en Amarins de Haan wolle mei harren bern - Sander, Anita en Alwin - de Limburgers sjen litte hoe moai Fryslân is. Alwin - learling yn groep 8 - kin him tariede om in goede gids te wurden troch oan 'e slach te gean mei in grut tal ûnderwerpen oer de yn Fryslân sprutsen talen, de Kultuer en Natuer yn Fryslân yn it lesboekje 'Der op út!'
Doel
Safolle mooglik learlingen - krekt as Alwin - oan it wurk te krijen mei de 22 opdrachten yn it meartalich lesboekje.
Hoe wolle wy dat berikke?
Wy wolle oan alle ± 400 basisskoallen elk 40 eksimplaren fan it lesboekje tastjoere. Krekt sa as wy dat yn 2018 dien hawwe mei it boekje 'Esther, in dapper Joadsk famke!' Dat wie doe mooglik troch in spesjale subsydzje fan Provinsje Fryslân. Troch subsydzje fan it V-fonds yn Utert hawwe wy yn 2020 oan alle skoallen 40 eksimplaren tastjoerd fan 'Sis my wa' t ik bin'.
Kosten
Foar it printsjen en ferstjoeren fan 16.000 boekjes binne de kosten ± 14.775 Euro.