- Kaarten
- Lijst
Frysker Fryslân
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk
Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.
Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.
Betûfte learkrêften foar de Fryske taal- en identiteisûntwikkeling fan de bern!
07-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
As Pabû fan de provinsje wolle wy alle Pabû-studinten yn it leargebiet Taal&Identiteit de kâns jaan op mei te gean op in stúdzjereis fan fiif dagen nei in regio mei in minderheidstaal yn Europa, lykas Wales, Skotlân of Kataloanje .
Op de Pabû yn ús provinsje wurde leararen fan de takomst oplaat dy’t it Frysk aktyf brûke op de basisskoalle sadat bern ek aktyf it Frysk as fiertaal yn Fryske basisskoalle en as omgongstaal bûten de skoalle brûke. Ut ûnderfining witte wy dat as studinten troch stúdzjereizen yn de kunde komme mei oare Europeeske regio’s dêr’t in minderheidstaal praat wurdt, dat sy har just dan mear bewust wurde fan it Frysk it gebrûk dêrfan. Neist it ûntwikkeljen fan positive hâlding oangeande it gebrûk fan de Fryske taal, ûntdekke de studinten wat de posysje fan dy minderheidstaal yn it (basis)ûnderwiis is en sjogge hokfoar didaktyk dêr tapast wurdt. Op dizze wize wurde Fryske studinten ek stimulearre har mear te ferdjipjen yn it Frysk, de posysje fan it Frysk en it gebrûk fan it Frysk yn en bûten de skoalle en it Frysk as ien fan de Europeeske talen. Dat is ien fan de wichtichste doelen fan it leargebiet Taal & identiteit op de Pabo dêr’t op jierbasis sa’n 150 studinten yn partisipearje.
Duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink
08-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
In moai duorsum en interaktief Frysk relaasje geskink upsyklede wynflesse mei Fryske grûn. Dit is yn gearwurking mei Pottle. Dit is in start-up út Ljouwert die wynflessen upsykleje nei nije produkten. Dizze pot mei Fryske grûn sjogge wy al stean yn skoallen, biblioteken, yn de finsterbanken fan wenstrjitten en gemeentehûzen troch hiel Fryslân.
Scan de QR koade op it label om in fideo mei moaie bylden Fryske wurden te sjen & hearren. Sa wurd de Fryske wurdenskat fergrutte en stimulearre. De QR koade kin ek as sticker ynset wurde om fourt te jaan en sa de oandacht te vergrutsjen. De sticker wurd makke fan biologysk ôfbrekber materiaal sadat dizze nei in tiidzje wer ferdwynt.
Hoe mear dizze QR koade ferspraat wurd, hoe grutter it effekt fan de aksje. De bekendhiid kin dan oprinne fan doarp tot oant de oare kant fan de wrâld. It fersprieden kin fia in sticker mei de QR koade of it relaasjegeskink wat troch fryske bedriuwen en organisaasjes ynset wurde kin om oare kultueren en minsken bûten Fryslân kennis meitsje te litten mei de Fryske taal. Dit is nedich is om dit idee te realisearjen: 1750 euro. Dit bedrag is noadig om dizze fideo te realisearjen, lûdopnames, ontwerp en montaazje.
Op Fryske taalroute nei Helgolân
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Ús idee is in reis- wurdboek te meitsjen om op paad te gean troch Dútslân en Denmark. It Frysk libbet dêr op ferskaate plakken, mar dan oerol krekt in bytsje oars. Dit reisboekje giet dan helpen om mei minsken yn dy omkriten te praten oer de dagelijkse dinkjes. En jo weiwiis te meitsen oer it lân en de rûte. Ek is der plak sels oantekeningen te meitsjen. Fan belibbenissen en tillefoannummers bijfoarbyld. En meitsje jo no tige goeie kameraden ûnderweis, dan kin je mei syn allen nei Helgolân! It Friesen-Droapen festival wat ien kear yné treie jier plak fynt. Om dêr fjidder te praten en in moaie tiid te ha!
Wy tinke foar it ontwikkeljen fan it bûkje wol tusken de 10.000,- en 15.000,- brûke te kinnen. We ha dit noch nea by de hân hân. Mar we tinke an it skriuwen, it betinken, it interviewen fan minsken, de opmaak en úteindelijk it drukken fan in earste oplage dit wil nêdich te wêzen. Dat kin tafolle yn de praktyk natuurlik. Mar we kinne lang net alles sels, dus wolle ek minsken ynhure hjirfoar. In gearwurking mei Frisiacoast Trial slútte we net út, at se dêr foar iepen stean. Se ha sawot alles by de kop hân, mar in fysike gids is der noch net.
Fryske vrouwen en Frysk iten
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Is dêr tipysk Frysk iten? Folgens ferskeidene Fryske fruolje al. Myn idee is fjouwer Fryske vrouwen te portreteren, hun recepten fêst te lissen. Wêr by hun karakter en de Fryske kultuer net te missen is. En dan te ferkreien troch hiel Fryslân om fan te leren en ynspirearre te reitsjen.
Mei it ontwikkeljen en drukken fan de boekjes en alles wat dêr by komt te sjen ferwacht ik mei €10.000,- in hiel ein te kommen.
“Doch wêr ' tst bliid fan wurdst”
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Binne jo krekt as ik grutsk op jo Fryske woartels? Dizze kâns om de Fryske taal te befoarderjen pak ik dan ek mei beide hannen oan. En wêr begjinst dan? Krekt by de bern!
"Doel is om bern sterk yn 'e skuon stean te litten". Wy geane út ús holle en meitsje safolle mogelyk gebrûk fan ús lichem.
Tink oan ferskate bewegingsfoarmen sa as dûnsje, berneyoga. Mar ek sjonge, muzyk en lytse toanielstikjes.
Der is in soad mooglik yn in jaske dat de bern oansprekt.
Dus Frysk sawol stypje as oanleare! Mar dan yn in nije foarm.
Mei in budget fan 10.000 euro sadat der genôch romte is programma’s te ûntwikkelje wat oanslút by de ynteresse foar bern fan 4 oan’t 12 jier.
Dy programma’s sille wy ynearsten oanbiede oan Fryske skoallen. De rest folget.
Wy sille de skoallen oanbiede om mei-inoar in dei út it projekt út te fieren. De hiele dei ûnderdompelje yn 'e tema's foar elke groep
De krêft sjen litte dat wy "gewoan" dwaan wêr ’t wy Friezen sa goed yn binne. “It gewoan dwaan”!!
Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)
07-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Sûnt 2016 ûntwikkelt Stichting Mearslach yntegrearre, meartalige projekten foar it basisûnderwiis.
Mei as doelstelling: De Fryske taal in normaal plak jaan yn de deistige praktyk yn it ûnderwiis yn Fryslân. Sjoch foar de besteande projekten op www.mearslach.nl
Us nijste produkt is it lesboekje 'Der op út! (Ontdek en Beleef Fryslân)''
Ynhâld fan it boekje:
De befreone famylje Jacobs út Limburg komt dizze simmer mei de caravan nei in camping yn Grou. Johan en Amarins de Haan wolle mei harren bern - Sander, Anita en Alwin - de Limburgers sjen litte hoe moai Fryslân is. Alwin - learling yn groep 8 - kin him tariede om in goede gids te wurden troch oan 'e slach te gean mei in grut tal ûnderwerpen oer de yn Fryslân sprutsen talen, de Kultuer en Natuer yn Fryslân yn it lesboekje 'Der op út!'
Doel
Safolle mooglik learlingen - krekt as Alwin - oan it wurk te krijen mei de 22 opdrachten yn it meartalich lesboekje.
Hoe wolle wy dat berikke?
Wy wolle oan alle ± 400 basisskoallen elk 40 eksimplaren fan it lesboekje tastjoere. Krekt sa as wy dat yn 2018 dien hawwe mei it boekje 'Esther, in dapper Joadsk famke!' Dat wie doe mooglik troch in spesjale subsydzje fan Provinsje Fryslân. Troch subsydzje fan it V-fonds yn Utert hawwe wy yn 2020 oan alle skoallen 40 eksimplaren tastjoerd fan 'Sis my wa' t ik bin'.
Kosten
Foar it printsjen en ferstjoeren fan 16.000 boekjes binne de kosten ± 14.775 Euro.
Kwartetspul
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Ik wol graag een modern kwartetspul meitsje per deistige eigen yn Fryslân.
mei mooie foto's geef Fryske nammen v spullen en bisten en minsken.
De kwarten kin men Winne mei ynfoudige vragenspultjes op instagram of
Facebook alle horeca en bed en breakfasten krige gratis ien dwoaske opstuurde.
Fotograaf, drukker en opmaak verstoord kosten fan ca 5000 kwartetten komt
omtrint op € 14.600 yn e btw. Mei yn Fryske sponsor op e achterkant kinne we er mear meitsje. Ik wol Sytse Kijlstra
Der foar fregje ze ha yn taxi en ambulance vervoer bedrieuw. Troch te spullen leert men de taal en oare dingen oer Fryslân
Dit is myn bydrage. Ik hoopje op stipe.
Opfryskjen winkelstrjitten
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.
Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!
Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.
Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.
Fryske rap entûsjasmearret de jongerein
06-04-2022 • 5 reacties • • De toekomst van het Fries
Hiphop is tsjintwurdich sawat it meastbeharke sjenre yn de wrâld, alhielendal ûnder jongerein, mar yn it Frysk is it hast net te finen. Dit wylst Fryske rap just oan jongerein sjen litte dat it Frysk net "âldfrinzich"/oubollig hoecht te wêzen. It kin Frysk op ‘e kaart sette as modern, brûkber en berikber foar elkenien.
No wol it gefal dat we ús op in momint befine dat er dochs in hantsjefol Frysktalige rappers dwaande binne. Yn febrewaris noch hat in groepke jeugd op eigen inisjatyf in oere lange in Fryske rapútstjoering op Omrop Fryslân makke: https://youtu.be/xzfj5sDCv-8.
Troch dit soart inisjativen no te stimulearjen, bestiet de kâns dat mear jongerein berikt wurde en ynspirearre reitsje om ek oan de slach te gean mei Fryske muzyk. Dat mei bêst, want de gemiddelde âldens by Frysk Sjongfestival Liet wurdt der bygelyks ek net leger op. Troch te boartsjen mei de taal - wêr’t rapteksten har prachtich foar liene - komt der taalfernijing op gong, en dat hâldt in taal yn libben.
Wêr kin in dof jild fan bygelyks € 1.500-2.000 foar brûkt wurde?
- In hiele protte! Budzjet foar fideoclips fan Fryske rappers sa as Sample Text, Súdwest Shankers, Lil Pier en evt. oaren. In foarbyld fan in resinte rapclip: https://youtu.be/sFeC16F4acQ. (Dizze jonges ha de hiele clip selsmakke en alle bykommende kosten út eigen bûse betelle. Dochs ha se der tûzenen jongeren mei berikt. Mei budzjet is der grif noch folle mear mooglik!)
- Budzjet foar promoasje fan nije nûmers, albums; fotografy foar albumcovers.
- Budzjet om optredens te regeljen en evt. materiaal dêrfoar
- Budzjet foar studiotiid mei in profesjonele producer (bygelyks by it Hitfabryk yn Gytsjerk), of just om materiaal oan te skaffen (mikrofoan, MIDI-keyboard ensafh.) foar eigen produksje, sa’t tsjintwurdich gebrûklik is.
- Plus, as ien jild beskikber stelt is dat ekstra motivaasje om produkten del te setten fan in sa heech mooglike kwaliteit.
De effekten binne miskien net direkt yn de fysike wrâld te merken, mar wol digitaal. Mei Fryske rap(clips) wurdt it Frysk mear sichtber online, op YouTube, Instagram, TikTok ensafuorthinne. De jeugd wit úteinlik sels it bêst hoe’t it oare jeugd berikt, mar it ûntbrekt harren gauris oan finansjele middelen. De kreativiteit, de nocht en de ambysjes binne der: no noch de stipe.