Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Betûfte learkrêften foar de Fryske taal- en identiteisûntwikkeling fan de bern!

07-04-2022  •  1 reactie  •  Pabû NHL Stenden Ljouwert  •  De toekomst van het Fries

As Pabû fan de provinsje wolle wy alle Pabû-studinten yn it leargebiet Taal&Identiteit de kâns jaan op mei te gean op in stúdzjereis fan fiif dagen nei in regio mei in minderheidstaal yn Europa, lykas Wales, Skotlân of Kataloanje .

Op de Pabû  yn ús provinsje wurde leararen fan de takomst oplaat dy’t it Frysk aktyf brûke op de basisskoalle sadat bern ek aktyf it Frysk as fiertaal yn Fryske basisskoalle en as omgongstaal bûten de skoalle brûke. Ut ûnderfining witte wy dat as studinten troch stúdzjereizen yn de kunde komme mei oare Europeeske regio’s dêr’t in minderheidstaal praat wurdt, dat sy har just dan mear bewust wurde fan it Frysk it gebrûk dêrfan. Neist it ûntwikkeljen fan positive hâlding oangeande it gebrûk fan de Fryske taal,  ûntdekke de studinten wat de posysje fan dy minderheidstaal yn it (basis)ûnderwiis is en sjogge hokfoar didaktyk dêr tapast wurdt. Op dizze wize wurde Fryske studinten ek stimulearre har mear te ferdjipjen yn it Frysk, de posysje fan it Frysk en it gebrûk fan it Frysk yn en bûten de skoalle en it Frysk as ien fan de Europeeske talen. Dat is ien fan de wichtichste doelen fan it leargebiet Taal & identiteit op de Pabo dêr’t op jierbasis sa’n 150 studinten yn partisipearje.

Ferhalebank

08-04-2022  •  5 reacties  •  Semko  •  De toekomst van het Fries

Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde. 

Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan. 

Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden. 

It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk.  De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.  

Tûzen wurden buordsjes

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Johan Bouwhuis  •  De toekomst van het Fries

It idee is om troch hiel Fryslân lytse tekstbuordsjes del te setten by allegear ferskillende gebouwen, objekten, dingen, bisten, en sa fierder. Op dizze buordsjes stiet de Fryske namme fan wat der op dat plak te sjen is. Tink oan tsjerke, gers, skiep, hoanne, stien, feart, tsjerkhou, minsk en gean sa mar troch. Sjoch bygelyks ek it Tûzen Wurden berneboek foar allerhande wurden. Dizze buordsjes moatte kwalitatyf sa moai/tof/cool wêze dat minsken se ek wol mei nimme wolle. It moat in soarte fan kollektor-items wurde. Se sette it dan nei alle gedachten ek op social media, der soe dan in hashtag by kinne (#moaiwurdfuort?). Of fia QR code efterop in foto uploade nei in webside. Miskien kin der dan in hype of rage ûntstean... wa wit!

De buordsjes wurde makke troch studinten fan de Fryske kreative- en/of bou-opliedingen, mei bygelyks in lasersnijer of CNC frees. Sa komt dizze doelgroep ek yn oanrekking mei de Fryske taal. 
Studinten ûnderwiisassistint of fan de PABO soenen ek workshops 'Tûzen Wurden buordsjes' op skoallen jaan kinne. Of kuierje lâns wurden yn'e omjouwing. Doarpen en stêden (doarps- of pleatslik belang) kinne fia in webside de boardsjes fergees bestelle en dan troch frijwilligers te plak sette litte. De kosten sitte yn it ûntwerpen en meitsjen fan yn elts gefal 1000 buordsjes en it bouwen fan in webside mei in bestelsysteem. By it ûntwerpen, meitsjen en pleatsen fan de buordsjes spylet it Typografysk kollektyf de Typesetters (wer ik diel fan út meitsje) ek in rol.

www.typesetters.nl