- Kaarten
- Lijst
Ferhalebank
08-04-2022 • 5 reacties • • De toekomst van het Fries
Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde.
Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan.
Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden.
It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk. De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.
“Doch wêr ' tst bliid fan wurdst”
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Binne jo krekt as ik grutsk op jo Fryske woartels? Dizze kâns om de Fryske taal te befoarderjen pak ik dan ek mei beide hannen oan. En wêr begjinst dan? Krekt by de bern!
"Doel is om bern sterk yn 'e skuon stean te litten". Wy geane út ús holle en meitsje safolle mogelyk gebrûk fan ús lichem.
Tink oan ferskate bewegingsfoarmen sa as dûnsje, berneyoga. Mar ek sjonge, muzyk en lytse toanielstikjes.
Der is in soad mooglik yn in jaske dat de bern oansprekt.
Dus Frysk sawol stypje as oanleare! Mar dan yn in nije foarm.
Mei in budget fan 10.000 euro sadat der genôch romte is programma’s te ûntwikkelje wat oanslút by de ynteresse foar bern fan 4 oan’t 12 jier.
Dy programma’s sille wy ynearsten oanbiede oan Fryske skoallen. De rest folget.
Wy sille de skoallen oanbiede om mei-inoar in dei út it projekt út te fieren. De hiele dei ûnderdompelje yn 'e tema's foar elke groep
De krêft sjen litte dat wy "gewoan" dwaan wêr ’t wy Friezen sa goed yn binne. “It gewoan dwaan”!!
Frysk Muzykalbum - Ensa
07-04-2022 • 4 reacties • • De toekomst van het Fries
Goeiemiddei,
Ik skriuw jim oan út namme fan de Fryske band Sjoerd ensa. Myn namme is Jacob Wijnsma, Toetsenist/Gitarist en twadde sjonger fan de band.
Wy meitsje al sûnt in jier as fiif Frysktalige muzyk. Dêrfoar komme wy regelmjittich foarby op de Omrop en spylje wy op de 'grutte' Fryske podia; Iduna, Bolwurk, Aaipop, ensafuorthinne. Ynmiddels hawwe wy ek leuke gearwurkingen hân mei ûnder oare De Hûnekop en Doelleazen. Us muzyk is ûnder oare te finen op Spotify en Youtube.
It haaddoel fan ús band is om de Fryske taal en Kultuer populêr te hâlden ûnder de jongerein wêrby't wy gjin inkeld ûnderwerp as taboe sjogge: Wy sjonge oer fertriet, rouferwurking oantemei de leafde foar ús prachtige Heitelân. It slagget ús hiel goed om ek gefoelige ûnderwerpen as de dea besprekber te meitsjen yn Fryslân. Yn myn eagen is dat ek wat ús unyk makket.
No ús Projekt:
Foar in nij Frysk projekt sykje wy de gearwurking mei oare artysten om mei ús allen in Frysktalich album op te nimmen. Dêryn geane wy mei 'ferneamde' Fryske artysten in EP/CD opnimme. Faaks is it wichtich om te fermelden dat wy al in moaie protsje Fryske artysten strikt hawwe, wêrtroch it net allinnich by in goed idee bliuwe sil. Mochten wy genôch sponsoring / subzydzje ûntfange kinne, binne wy ek fan plan om optredens te dwaan troch de provinsje. Hjirmei tinke wy in goeie bydrage te dwaan oan it doel fan in protte Fryske artysten (en fansels ek jim doel): De Fryske taal en Kultuer yn de provinsje promoten bliuwe, fansels ek yn de hoop dat wy ús entûsjasme op oare Friezen oerbringe kinne. Minsken krekt sa grutsk meitsje op ús Fryske komôf meitsje as ús, dat fine wy wichtich.
De tapasselike namme foar it album sil 'ensa' wêze, wêrby de basis is dat Sjoerd ensa in nûmer skriuwt mei en foar in artyst. It bliuwt net allinnich by plannen: Wy hawwe de earste entûsjaste tasizzingen al binnen: Emiel (Hûnekop), Piter Wilkens, Inez Timmer, Sipke (De Suskes) en Krijn (Die Twa).
Oan it gebrek oan entûsjasme fanút de Fryske Muzykscene sil it dus seker net lizze, it giet derom dat wy de finansjele mooglikhiten krije kinne om alles echt goed en grut opsette te kinnen. Fandêr dit skriuwen fansels!
Dan de jildsaken: Foar it opnimmen fan it Album sille wy in bedrach fan €5.000,- oant €8.000,- nedich hawwe. Al it jild wat wy ekstra krije kinne, sil ynsetten wurde om in promo-tour te organiseren troch Fryslân wêrby't wy mei Fryske artysten it album Live spylje sille. Eltse euro is meinaam.
Ta ôfsluting:
Mei de meast ferneamde Fryske artysten in album opnimme yn it Frysk om de Fryske Taal en Kultuer te promoten, wêrby wy as artysten al serieuse plannen hawwe: Dat slút dochs hielendal perfekt oan by de doelen fan de provinsje?! Wy ferwachtsje dan ek dat ús projekt in effekt hawwe sil op de hiele Provinsje.
Wy hearre graach fan jimme! Mei freonlike groetnis,
Jacob Wijnsma Sjoerd ensa