Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Sichtberens Frysk mei û.o. goodiepûde by Nederlânsk Kampioenskip fierljeppen

09-04-2022  •  Geen reacties  •  Albert  •  De toekomst van het Fries

By it NK jeugd yn Winsum wolle wy it Frysk sichtber meitsje troch dit jier 27 augustus û.o. in twatalige goodiepûde oan de 45 dielnimmers (9 - 12)  te jaan. It liket ús aardich om yn de pûde bygelyks it boekje Sipke leart fierljeppen te dwaan en bygelyks in kaaihinger of drinkflêske mei ek Fryske tekst derop.  Fansels stiet op de goodiepûde dit jier dan ek in Fryske tekst opnommen. It programmaboekje fan de kampionskippen wolle wy ek twatalich beskikber meitsje. Lykas de dielnimmers foar de helte út Hollân komme, sil it publyk ek foar de helte út minsken fan bûten Fryslân komme. Wy tinke hjirmei net allinne in Fryske sport moai del te sette kinnen, mar ek it Frysk sa in sichtber en fanselssprekkend plak te jaan. Ek wolle wy besykje de bebuording by kofje, parkearjen en sa sa folle mooglik twatalich te dwaan. Dizze bebuorrding wolle wy dan ek graach foar oare evenminten wer brûke, sadat it ek by de Frysk Kampioenskippen ynsetten wurde kin. 

Ek wolle wy graach de website https://www.fierljeppenwinsum.frl struktureel twatalich beskikber meitsje. Sa wolle wy dúdlik meitsje dat it Frysk ek in fanselssprekkend plak hat by dizze sa Fryske sport.

De kosten foar in DTP-er om it spul foar yn de goodiepûde, it Fryske programmaboekje en beboarding op te meitsjen, en te ûntwikkelje litten, it boekje Sipke leart fierljeppen, oersetten fan teksten nei it Frysk sille op syn meast 4500 euro koste.

Keunstwurk Balk

07-04-2022  •  1 reactie  •  Harm van Zuiden  •  De toekomst van het Fries

Jierren lyn hawwe skoallebern fan Csg Bogerman it tunneltsje by Balk fersierd mei in grafiti-keunstwurk mei de tekst: Frysk Bloed Tsjoch Op! Dit wie in opdracht fan de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Dit keunstwurk is spitigernôch troch de nije gemeente de Fryske Marren oersmard mei wytkalk. Yn oerlis mei dizze gemeente mei it keunstwurk wer hersteld wurde.

Hjirfoar is Kunsteducatie Nederland benaderd om profesionele dosinten en grafiti keunstners te leverjen. It gehiel wurdt troch Csg Bogerman Balk útfierd. Ynskatting is dat it projekt tusken de 1500 en 200 euro kost: wytkalkje, 2 workshoplieders in hiele dei, materiaal en fine-tuning efterôf. Doel is om reizigers harren wolkom fiele te litten yn Balk. Miskien is de tekst: Wolkom yn Frysktalich Balk in opsje.

Praat mar wer Frysk

09-04-2022  •  3 reacties  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan  ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.

Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.

In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.

Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.