Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Ferhalebank

08-04-2022  •  5 reacties  •  Semko  •  De toekomst van het Fries

Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde. 

Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan. 

Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden. 

It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk.  De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.  

Praat mar wer Frysk

09-04-2022  •  3 reacties  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan  ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.

Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.

In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.

Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.

 

Op Fryske taalroute nei Helgolân

09-04-2022  •  1 reactie  •  Tibbe  •  De toekomst van het Fries

Ús idee is in reis- wurdboek te meitsjen om op paad te gean troch Dútslân en Denmark. It Frysk libbet dêr op ferskaate plakken, mar dan oerol krekt in bytsje oars. Dit reisboekje giet dan helpen om mei minsken yn dy omkriten te praten oer de dagelijkse dinkjes. En jo weiwiis te meitsen oer it lân en de rûte. Ek is der plak sels oantekeningen te meitsjen. Fan belibbenissen en tillefoannummers bijfoarbyld. En meitsje jo no tige goeie kameraden ûnderweis, dan kin je mei syn allen nei Helgolân! It Friesen-Droapen festival wat ien kear yné treie jier plak fynt. Om dêr fjidder te praten en in moaie tiid te ha!

Wy tinke foar it ontwikkeljen fan it bûkje wol tusken de 10.000,- en 15.000,- brûke te kinnen. We ha dit noch nea by de hân hân. Mar we tinke an it skriuwen, it betinken, it interviewen fan minsken, de opmaak en úteindelijk it drukken fan in earste oplage dit wil nêdich te wêzen. Dat kin tafolle yn de praktyk natuurlik. Mar we kinne lang net alles sels, dus wolle ek minsken ynhure hjirfoar.  In gearwurking mei Frisiacoast Trial slútte we net út, at se dêr foar iepen stean. Se ha sawot alles by de kop hân, mar in fysike gids is der noch net.