- Kaarten
- Lijst
Frysker Fryslân
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk
Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.
Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.
Praat mar wer Frysk
09-04-2022 • 3 reacties • • De toekomst van het Fries
Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.
Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.
In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.
Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.
Twatalige strunkisten
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Wy fan de Strunersklup wolle graach twatalige saneamde strunkisten realisearje yn Fryslân. Hjirmei wolle wy, De Hippe Boerin, Bethlehems inn en Grand Cafe de Nije Warf, Dorpshuis De Kamp, Activiteiten Boerderij De Hamerslag graach beginne yn Wâlterswâld. Mei dizze strunkisten wolle wy foar Friezen mar ek foar toeristen de natuer ienfâldich tagonklik meitsje. Foar lytse en grutte struners. Yn de kiste sitte bygelyks in fûgelbingo, opdrachten om planten te sykjen ensafourthinne. Minsken komme nei de strunersklub ta om de noch moai te ûntwikkeljen twatalige struntaskes mei opdrachten op te heljen en gean der dan sels op út. Der sitte dan produkten yn fan lokale undernimmers. Wy wolle de strunkisten graach troch lokale minsken, bygelyks fan Talent, meitsje litte.
Wy hawwe ek in website (http://strunkiste.nl) en binne dwaande mei in app. Wy tinke foar it untwikkeljen fan it fierder twatalige konsept tusken de 4000 en 5000 euro nedich te hawwen. Dermei wolle wy it goed del sette. Mei dizze strunkisten wolle wy ek it Frysk in fanselsprekkend plak jaan. Earst is it effekt benammen te sjen yn us eigen fermidden, mar wy hoopje dizze kisten ek foar oare regio's en har lokale undernimmers te realisearjen. Wolle jo mei us op 'e strun?