Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Ferhalebank

08-04-2022  •  5 reacties  •  Semko  •  De toekomst van het Fries

Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde. 

Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan. 

Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden. 

It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk.  De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.  

Opfryskjen winkelstrjitten

09-04-2022  •  1 reactie  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.

Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!

Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.

Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.

Frysker Fryslân

09-04-2022  •  1 reactie  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De toekomst van het Fries

In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk

Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.

Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.