Taal
Provinsje Fryslân beskermet en befoarderet de Fryske taal. Yn nasjonale wetten, bestjoersôfspraken en Europeeske ferdraggen is in soad foar de Fryske taal regele. De Fryske taal is fan ús allegearre. De takomst fan de Fryske taal is dan ek ôfhinklik fan alle Friezen. Sa't Kommissaris fan de Kening Arno Brok dan ek seit:“De krêft fan it besteansrjocht fan it Frysk sit benammen by de ynwenners fan Fryslân, net by wat de oerheid wol of net docht.”
Mei 'Takomst fan it Frysk’ wolle wy jo freegje sels mei ideeën te kommen hoe 't jo tinke de Fryske taal yn jo fermidden takomst jaan wolle. Wy brûke it platfoarm Stim fan Fryslân om goede ideeën mei-inoar te dielen en út te fieren.
Yn de perioade 9 maart - 9 april 2022 freegje wy jo op Stim fan Fryslân mei ideeën te kommen hoe 't jo de Fryske taal takomst jaan wolle yn jo omjouwing. Jou dêrby neist in koarte beskriuwing fan jo idee antwurd op de folgjende fragen:
Set jo idee nei oanmelden op Stim fan Fryslân. As jo as oanfreger noch gjin 18 binne, is der tastimming fan in âlder of fersoarger nedich om jo idee allinnich of mei de provinsje út te fieren. As jo jo idee pleatse geane wy derfan út dat jo jo idee yn 2022 útfiere kinne en dêroer op Stim fan Fryslân oan de ein fan it jier in foto of filmke sette wolle dat dield wurde kin op sosjale media. Jo kinne as jo dat wolle mear as 1 idee yntsjinje, allinne is it sa dat as der stipe is fan it publyk jo úteinlik mar ien idee mei finansjele stipe fan de provinsje útfiere kinne.
Yn de perioade 11 april - 21 april sjogge meiwurkers fan provinsje Fryslân yn oerlis mei de deputearre foar de Fryske taal, Sietske Poepjes, nei de helberens fan alle op Stim fan Fryslân sette ideeën. Dêrby wurdt sjoen oft in idee net allinnich posityf bydrage kin oan de takomst fan de Fryske taal, mar ek oft it idee echt útfierber is. Fan belang dêrfoar is dat it ek past yn it wetlike ramt. Foar mear ynformaasje dêroer sjoch ek by de helberheidskontrôle.
Op alle helbere ideeën kinne alle ynwenners fan Fryslân tusken 23 april - 7 maaie in stim útbringe. De faze fan stimmen kin troch gean as der minimaal 4 ideeën helber binne. Jo kinne maksimaal op trije ideeën jo stim útbringe. De trije ideeën mei de measte stipe fan de Friezen kinne dêrnei mei finansiering fan de provinsje werklik troch de yntsjinners útfierd wurde. Rekkens foar it útfieren fan it idee wurde yn oerlis nei de provinsje ferstjoerd.
De trije ideeën mei de measte stipe wurde op Stim fan Fryslân yn de wike fan 9 maaie - 11 maaie bekend makke. Dizze yntsjinners krije dêr yn it foar berjocht oer.
Hawwe jo noch fragen? Nim kontakt op mei stimfan@fryslan.frl