Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Kun je een moment beschrijven waarop tweetaligheid echt een verschil maakte voor jou of voor anderen?

Fryslân bloeit door tweetaligheid. Jouw inbreng is belangrijk om Nederlands en Fries ook in 2051 samen te laten bloeien. De antwoorden worden gebruikt voor het toekomstplan van Provinciale Staten. Je hoeft niet alle vragen te beantwoorden; kies de vragen die jou aanspreken.

Na elk antwoord kun je rechtsboven doorklikken naar de volgende vraag. Antwoord in de taal die jij wilt: Nederlands, Frysk of een combinatie van beide!
 

Open antwoorden (23)

Je moet inloggen of je aanmelden om te kunnen reageren.
  • E

    Ik haw in soad mei myn heit nei Grins west yn't sikehûs. Us heit koe him dan net altiid goed uterje yn't Hollânsk, dan holp ik him om him te ferwudzjen nei de doktoren, mar lykwols ek oarsom. Sa hiest minder misferstânnen.

    Geen stemmen  | 
    0
    0
    Geen reacties
    • K

      As ik Frysk praat fiel ik my mear op myn gemak, bygelyks mei myn bern.

      Geen stemmen  | 
      0
      0
      Geen reacties
      • L

        Wy wennen yn Weesp en ik prate op strjitte mei myn dochterke. Doe 't we ta de doar útrûnen kaam in man op ús ta en sei heal yn it Nederlânsk dat er it sa moai fûn dat er werris Frysk hearde. En dat die my dan ek wer goed.

        Geen stemmen  | 
        0
        0
        Geen reacties
        • P

          Persoanlik bin ik frij linich mei taal, ik rêd my ek wol yn in oantal oare talen as it Frysk. Mar it Frysk is de taal fan it hert. Je kinne de nuânses dan krekt wat better oanbringe. Hoewol't ik my yn oare talen ek prima rêd fyn ik it te gek foar wurden dat der yn Fryslân safolle situaasjes binne dêr't it Frysk net brûkt wurdt of brûkt wurde kin.

          Geen stemmen  | 
          0
          0
          Geen reacties
          • H

            Myn Frysktalige skoanheit lei op de IC yn it sikehús yn Brabân. It giet hielendal net goed mei him en hy reagearre op net ien fan it personiel. Doe't ik by syn bêd kaam, sei 'hoe is it mei jo' en fierder Frysk mei him begûn te praten, begûn er te bewegen. Hy kaam wer wat by en súntsjes oan wie der wer kommunikaasje mei him mooglik.

            Geen stemmen  | 
            0
            0
            Geen reacties
            • M

              Foar myn werk, bin ik in soart ien Noord Holland. As je dan Friezen tsjin komme is it altyd in stik makkelijker prate.
              Je begripe mekoar gewoan beter.
              En je ha altyd in soort goeie verstandhalding mei mekoar.

              Geen stemmen  | 
              0
              0
              Geen reacties
              • L

                Wy ferhuzen yn 1960 út Amsterdam nei in lyts doarp yn Fryslân. Ik wie sân jier âld. Selden makke ik sa`n 'kultuurskok' mei! Nimmen fan de bern op skoalle spruts bûten de les Nederlânsk, Frysk wie de fiertaal. Fryske les waard doe't op de legere skoalle noch net jûn, mar it wie essinsjeel om dat sa gau mooglik te learen. En dat die ik ek. Gelokkich hie (en ha) ik in taleknobbel. Tsjintwurdich praat ik mear Frysk dan Nederlânsk, bin lid fan de FNP, en ha hielendal neat mear mei Amsterdam, wylst it Frysk my tige dierber wurden is. Ik gean hjir nea mear wei!

                Geen stemmen  | 
                0
                0
                Geen reacties
                • T

                  Myn bern en bernsbern wenje bûten Fryslân en ha relaasjes met net- Frysktaliche partners. It iene bern praat Frysk mei har bern, it oare bern net. Ik merk dat ik as beppe makliker kontakt ha mei it bernsbern dat Frysk ferstiet en praat.

                  TZ

                  Geen stemmen  | 
                  0
                  0
                  Geen reacties
                  • G

                    Ik doch de marketing foar it súdwesten fan de provinsje Fryslân, foar toerisme. Fryslân is de iennige provinsje mei in eigen echte taal. Dy taal ynsette as unyk aspekt makket it foar toeristen noch bysûnderder om hjir te kommen en te belibjen. Dêrom sjoch ik twataligens graach werom op menukaarten, bewegwiiseringen op campings en by Marrekriteplakken. Dit binne foarbylden, mar der is noch folle mear mooglik.

                    Geen stemmen  | 
                    0
                    0
                    Geen reacties
                    • S

                      Tsjerketsjinsten binne meast NL en guon lieten yn it Frysk; by in útfeart wurdt bygelyks gauris op fersyk 'It Heitelân' songen. Pikefel.

                      Geen stemmen  | 
                      0
                      0
                      Geen reacties