Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Kun je een moment beschrijven waarop tweetaligheid echt een verschil maakte voor jou of voor anderen?

Fryslân bloeit door tweetaligheid. Jouw inbreng is belangrijk om Nederlands en Fries ook in 2051 samen te laten bloeien. De antwoorden worden gebruikt voor het toekomstplan van Provinciale Staten. Je hoeft niet alle vragen te beantwoorden; kies de vragen die jou aanspreken.

Na elk antwoord kun je rechtsboven doorklikken naar de volgende vraag. Antwoord in de taal die jij wilt: Nederlands, Frysk of een combinatie van beide!
 

Open antwoorden (40)

Je moet inloggen of je aanmelden om te kunnen reageren.
  • P

    Persoanlik bin ik frij linich mei taal, ik rêd my ek wol yn in oantal oare talen as it Frysk. Mar it Frysk is de taal fan it hert. Je kinne de nuânses dan krekt wat better oanbringe. Hoewol't ik my yn oare talen ek prima rêd fyn ik it te gek foar wurden dat der yn Fryslân safolle situaasjes binne dêr't it Frysk net brûkt wurdt of brûkt wurde kin.

    Geen stemmen  | 
    0
    0
    Geen reacties
    • H

      Myn Frysktalige skoanheit lei op de IC yn it sikehús yn Brabân. It giet hielendal net goed mei him en hy reagearre op net ien fan it personiel. Doe't ik by syn bêd kaam, sei 'hoe is it mei jo' en fierder Frysk mei him begûn te praten, begûn er te bewegen. Hy kaam wer wat by en súntsjes oan wie der wer kommunikaasje mei him mooglik.

      Geen stemmen  | 
      0
      0
      Geen reacties
      • M

        Foar myn werk, bin ik in soart ien Noord Holland. As je dan Friezen tsjin komme is it altyd in stik makkelijker prate.
        Je begripe mekoar gewoan beter.
        En je ha altyd in soort goeie verstandhalding mei mekoar.

        Geen stemmen  | 
        0
        0
        Geen reacties
        • L

          Wy ferhuzen yn 1960 út Amsterdam nei in lyts doarp yn Fryslân. Ik wie sân jier âld. Selden makke ik sa`n 'kultuurskok' mei! Nimmen fan de bern op skoalle spruts bûten de les Nederlânsk, Frysk wie de fiertaal. Fryske les waard doe't op de legere skoalle noch net jûn, mar it wie essinsjeel om dat sa gau mooglik te learen. En dat die ik ek. Gelokkich hie (en ha) ik in taleknobbel. Tsjintwurdich praat ik mear Frysk dan Nederlânsk, bin lid fan de FNP, en ha hielendal neat mear mei Amsterdam, wylst it Frysk my tige dierber wurden is. Ik gean hjir nea mear wei!

          Geen stemmen  | 
          0
          0
          Geen reacties
          • T

            Myn bern en bernsbern wenje bûten Fryslân en ha relaasjes met net- Frysktaliche partners. It iene bern praat Frysk mei har bern, it oare bern net. Ik merk dat ik as beppe makliker kontakt ha mei it bernsbern dat Frysk ferstiet en praat.

            TZ

            Geen stemmen  | 
            0
            0
            Geen reacties
            • G

              Ik doch de marketing foar it súdwesten fan de provinsje Fryslân, foar toerisme. Fryslân is de iennige provinsje mei in eigen echte taal. Dy taal ynsette as unyk aspekt makket it foar toeristen noch bysûnderder om hjir te kommen en te belibjen. Dêrom sjoch ik twataligens graach werom op menukaarten, bewegwiiseringen op campings en by Marrekriteplakken. Dit binne foarbylden, mar der is noch folle mear mooglik.

              Geen stemmen  | 
              0
              0
              Geen reacties
              • S

                Tsjerketsjinsten binne meast NL en guon lieten yn it Frysk; by in útfeart wurdt bygelyks gauris op fersyk 'It Heitelân' songen. Pikefel.

                Geen stemmen  | 
                0
                0
                Geen reacties
                • W

                  Twa- of meartaligens wurket better sawol yn sosjaal opsicht of at der emoasjes bykomme, mar ek yn it saaklike ferkear.
                  As Kwaliteitscoördinator op in Basisskoalle meitsje ik dat regelmjittig mei.

                  In foarbyld: by in petear mei âlders oer harren soan of dochter liket der earst ôfstân, teminsten at der net yn de memmetaal sprutsen wurdt.
                  At ik oerstap fan Nederlânsk nei Frysk feroaret alles!!
                  Fuort wurdt it waarmer en persoanliker; it hert giet iepen, en wy kinne echt oer it bern prate ynstee fan allinnich oer prosedueres. Prosedueres hearre by it Nederlânsk lyket it betiden wol en dêr hawwe alders net folle mei op. Ik ek net trouwens😉
                  Sokke mominten litte my sjen hoe’t twataligens it ferskil meitsje kin yn fertrouwen en begryp.

                  Geen stemmen  | 
                  0
                  0
                  Geen reacties
                  • H

                    Yn in tiid wer alles altyd alles oan regels bûn is, gewoan by dyn eigen gemeentehûs nei binnen stappe kinne, en de buordsjes as "hjir net smoke" yn't Frysk lêze kinst. Lytse dinkjes, mar suks makket dingen persoanliker. Ik fyn dat suks wol echt in ferskil makket.

                    Geen stemmen  | 
                    0
                    0
                    Geen reacties
                    • H

                      Doe't ik mei myn sweager nei de arts yn it MCL moast en der him, yn in spannende sitewaasje, fragen steld waarden yn it Nederlânsk. Doe koe ik hieltyd alles wer efkes werhelje yn it Frysk en dat holp him de boadskip dy't net alhiel posityf wie goed te ûntfangen en de júste ferfolchfragen te stellen. Yn sa'n sitewaasje is ús Fryske taal wichtich

                      Geen stemmen  | 
                      0
                      0
                      Geen reacties