Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

frysk yn doarp en iepen fjild

01-04-2022  •  Geen reacties  •  doarpbelang deinum en doe en no  •  De toekomst van het Fries

Doarpsbelang en Deinum Doe en No soene mei Stim fan Fryslân in grutte dream realisearje wolle. De histoarje fan ús doarp, de markante gebouwen it âlde tsjerkepaad fan Deinum nei Blessum en Boksum, wa wit no noch as ynwenner, fytser, toerist of de jonge bern wat der eartiids spile yn dit doarp. De âldere generaasje kin noch it ferske “en yn Deinum stiet de sipel op de toer, sipel op de toer, sipel op de toer.....” Deinum hat noch safolle mear en moais oan ferhalen en histoarje om te fertellen oan al dy minsken dy’t hjir yn it doarp wenje of lâns komme, ynwenners fan de provinsje, Friezen om utens of toeristen. Wisten jo wol dat Sjouke de Zee, tsiismakker yn Deinum wenne en op it fabryk wurke hat? Hoe moai soe it wêze as der in gedicht of ferhaal fan Sjouke ûnderweis foarby komt? Of witte jo eins net wa Sjouke de Zee wie? Kom dan ris nei Deinum!

Dy ferhalen en histoarje stean foar in grut part yn boeken oer it doarp mar wy soene dy ferhalen ûntslute wolle- sichtber meitsje - oan de dyk, by in hûs of in tún yn it doarp, yn it lân hjir om it doarp. Sichtber foar elkenien en yn it Frysk fansels, dat is hjir sa gewoan.

Wat sille we dwaan

We litte buorden mei twatalige ferhalen yn it Frysk en Nederlânsk en mei foto’s meitsje. De ferhalen wurde skreaun troch Doe en No. It gehiel sil opmakke wurde moatte troch in ûntwerper en drukt. De buorden moatte dan te plak yn it doarp, dêr binne we sels handich genôch foar.

 Dizze buorden wolle we in QR-koade meijaan sadat der noch mear eftergrûn ynformaasje te krijen is, dit heart by de ûntwerp kosten. Fierders wolle we ek in boekje mei in kuierroute útjaan, yn it boekje kin it ferhaal wat wiidweidiger ferteld wurde. Te keap yn it doarp by de bakker. Dit is part 1 fan ús dream – de Histoarje sichtber yn ús doarp, foar ús doarp, foar de besikers en toeristen oan ús doarp. Frysk yn de iepenbiere romte! Frysk sichtber foar elkenien!

Wy tinke dat dit tusken de 10.000 en 15.000 euro kostje sil (mei miskien fergunnings derby)

Mocht it tafalle dan soene we ek noch in bankje ûnderweis delsette wolle mei in moaie fryske tekst derop.

Op in letter momint hawwe yn de planning om mei in entûsjaste ferhalen ferteller noch wat filmkes of in podcast op te nimmen. Te sjen fia de site fan Doarpsbelang en te finen op You tube.

 

 

 

Praat mar wer Frysk

09-04-2022  •  3 reacties  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan  ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.

Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.

In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.

Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.

 

Wa wit, een nije FRYSKE hit!

07-04-2022  •  1 reactie  •  Rowan Veltman  •  De toekomst van het Fries

Beste ynwenners fan de provinsje Fryslân,

 

ik bin Rowan Veltman (17), myn idee hat alles te krijen mei Fryske muzyk. Ik die mei oan de Fryske sjongkompetysje "Sjong", en wist yn 2021 it 1e plak te feroverjen mei myn nûmer "Myn Dream".

(Linkje nei de fideoklip: https://youtu.be/VPUZEInSeQI )

 

sa’t ik yn it begjin al neamde, hat myn idee alles te krijen mei muzyk en dan fansels Fryske muzyk.

 

wêrom muzyk?

Ik haw foar muzyk keazen om't ik de Fryske taal ek sa graach foarstelle wol oan de jongere ynwenners fan Fryslân. en foar jongerein (it ferskilt ôfhinklik fan foarkar) is it it moaist om dat te dwaan op in manier dêr't se mei in moai ferske dingen oer in ferske fiele kinne.

 

wêr sille myn ferskes it meast oer gean?

guon fan myn ferskes dy’t no klear binne, geane benammen oer akseptaasje, ûntdekken wêr’t je thús fiele en oer leafde.

in protte jonge minsken fan myn leeftyd en fierder hawwe faak muoite mei "akseptearje", en meitsje dêrtroch in negatyf selsbyld. se binne ûntefreden oer har uterlik, fiele har oars as de rest, binne net bliid mei de seksuele foarkar wêrmei't se berne binne. troch dizze dingen (en noch folle mear redenen) rint sa'n 10% fan de Nederlânske befolking om mei suicidale gedachten.

dat oantal moat omleech, en ik soe dêrom graach in foarbyld jaan wolle foar dy minsken en har oanmoedigje om min of gjin omtinken te jaan oan de mieningen fan oaren.

 

 

wêr soe ik it jild foar brûke?

in audio meitsje/sykje en in ferske skriuwe is ien,

it ferskespoar moat fansels ek opnommen wurde yn in profesjonele muzykstudio,

en in ferske befettet ek in fideoklip fan goede kwaliteit.

dêrfoar haw ik jimme as ynwenners fan Fryslân nedich, sûnder jimme kin dit idee net troch gean!

 

It realisearjen fan myn Fryske muzyk dream sil net mear as 1500 euro koste. Dit is foar it hieren fan de profesjonele studio (maksimaal 800 euro), it meitsjen fan in profesjonele fideo (maksimaal 500 euro) en rekwesten dy’t  nedich binne foar it meitsjen fan de fideo (beljochting en mooglike attributen, oanklaaiïng maksimaal 200 euro).

 

lit dyn stim en wa wit komt der gau in nij ferske online fan Rowan Veltman;)