Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Tûzen wurden buordsjes

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Johan Bouwhuis  •  De toekomst van het Fries

It idee is om troch hiel Fryslân lytse tekstbuordsjes del te setten by allegear ferskillende gebouwen, objekten, dingen, bisten, en sa fierder. Op dizze buordsjes stiet de Fryske namme fan wat der op dat plak te sjen is. Tink oan tsjerke, gers, skiep, hoanne, stien, feart, tsjerkhou, minsk en gean sa mar troch. Sjoch bygelyks ek it Tûzen Wurden berneboek foar allerhande wurden. Dizze buordsjes moatte kwalitatyf sa moai/tof/cool wêze dat minsken se ek wol mei nimme wolle. It moat in soarte fan kollektor-items wurde. Se sette it dan nei alle gedachten ek op social media, der soe dan in hashtag by kinne (#moaiwurdfuort?). Of fia QR code efterop in foto uploade nei in webside. Miskien kin der dan in hype of rage ûntstean... wa wit!

De buordsjes wurde makke troch studinten fan de Fryske kreative- en/of bou-opliedingen, mei bygelyks in lasersnijer of CNC frees. Sa komt dizze doelgroep ek yn oanrekking mei de Fryske taal. 
Studinten ûnderwiisassistint of fan de PABO soenen ek workshops 'Tûzen Wurden buordsjes' op skoallen jaan kinne. Of kuierje lâns wurden yn'e omjouwing. Doarpen en stêden (doarps- of pleatslik belang) kinne fia in webside de boardsjes fergees bestelle en dan troch frijwilligers te plak sette litte. De kosten sitte yn it ûntwerpen en meitsjen fan yn elts gefal 1000 buordsjes en it bouwen fan in webside mei in bestelsysteem. By it ûntwerpen, meitsjen en pleatsen fan de buordsjes spylet it Typografysk kollektyf de Typesetters (wer ik diel fan út meitsje) ek in rol.

www.typesetters.nl

Bern foar Bern, de Fryske Kinderen voor Kinderen

05-04-2022  •  2 reacties  •  Wietske de Boer  •  De toekomst van het Fries

Bern foar Bern, de Fryske “Kinderen voor Kinderen”

Sjonge, Frysk, eigen ynbring, sichtberens, takomst en wille dat is de basis fan dit projekt “Bern foar Bern”

As bern hearde ik nei de ferskes fan Kinderen voor Kinderen, wat hie ik dêr graach oan mei dien. Mar ja… ik hie net de goeie taal/prate sûnder accent en it wie sa fier fuort, dat sein myn heit en mem alteast!  Dat soe wol neat wurde, dus spitichernôch gjin kans hân. De ferskes koe ik allegear meisjonge en ik wit se no noch!

Doel en doelgroep:

It doel fan dit projekt is om de bern sels yn it spier te krijen en nei tinken te litten oer it hipper meitsjen fan it Frysk, it betinken fan teksten, meitsje fan filmkes, sjonge litte ensf.

Bern (groep 7/8 basisskoalle) yn de kunde komme litte mei it Frysk op in hippe oanslutende wiize. Skoallen kinne har hjirfoar opjaan. Dit kin spesifyk mei de eigen groep, mar dat kin fansels ek mei oare skoallen, ôfhinklik fan de opjefte/ôfstân.

Resultaat:

In youtubekanaal/cd/plaat  mei 8 berneferskes, skreaun en makke troch bern út de provinsje Fryslân. Dit kin fan alles wêze, nije ferskes, nije teksten op besteande “populaire” ferskes, rap, spoken word, ensf.

Sa wurket it twa kanten oer, foar de bern dy’t meidien ha mar ek foar de bern dy’t der nei harkje/sjogge.

De helte fan de opbringst fan dit projekt kinst brûke foar in goed doel, ek keazen troch de bern dy’t meidogge, en de oare helte kinst brûke foar it ferfolchprojekt.

Frysk Muzykalbum - Ensa

07-04-2022  •  4 reacties  •  Jacob Wijnsma  •  De toekomst van het Fries

Goeiemiddei,

Ik skriuw jim oan út namme fan de Fryske band Sjoerd ensa. Myn namme is Jacob Wijnsma, Toetsenist/Gitarist en twadde sjonger fan de band.

Wy meitsje al sûnt in jier as fiif Frysktalige muzyk. Dêrfoar komme wy regelmjittich foarby op de Omrop en spylje wy op de 'grutte' Fryske podia; Iduna, Bolwurk, Aaipop, ensafuorthinne. Ynmiddels hawwe wy ek leuke gearwurkingen hân mei ûnder oare De Hûnekop en Doelleazen. Us muzyk is ûnder oare te finen op Spotify en Youtube. 

It haaddoel fan ús band is om de Fryske taal en Kultuer populêr te hâlden ûnder de jongerein wêrby't wy gjin inkeld ûnderwerp as taboe sjogge: Wy sjonge oer fertriet, rouferwurking oantemei de leafde foar ús prachtige Heitelân. It slagget ús hiel goed om ek gefoelige ûnderwerpen as de dea besprekber te meitsjen yn Fryslân. Yn myn eagen is dat ek wat ús unyk makket. 

No ús Projekt:

Foar in nij Frysk projekt sykje wy de gearwurking mei oare artysten om mei ús allen in Frysktalich album op te nimmen. Dêryn geane wy mei 'ferneamde' Fryske artysten in EP/CD opnimme. Faaks is it wichtich om te fermelden dat wy al in moaie protsje Fryske artysten strikt hawwe, wêrtroch it net allinnich by in goed idee bliuwe sil. Mochten wy genôch sponsoring / subzydzje ûntfange kinne, binne wy ek fan plan om optredens te dwaan troch de provinsje. Hjirmei tinke wy in goeie bydrage te dwaan oan it doel fan in protte Fryske artysten (en fansels ek jim doel): De Fryske taal en Kultuer yn de provinsje promoten bliuwe, fansels ek yn de hoop dat wy ús entûsjasme op oare Friezen oerbringe kinne. Minsken krekt sa grutsk meitsje op ús Fryske komôf meitsje as ús, dat fine wy wichtich.

De tapasselike namme foar it album sil 'ensa' wêze, wêrby de basis is dat Sjoerd ensa in nûmer skriuwt mei en foar in artyst. It bliuwt net allinnich by plannen: Wy hawwe de earste entûsjaste tasizzingen al binnen: Emiel (Hûnekop), Piter Wilkens, Inez Timmer, Sipke (De Suskes) en Krijn (Die Twa). 

Oan it gebrek oan entûsjasme fanút de Fryske Muzykscene sil it dus seker net lizze, it giet derom dat wy de finansjele mooglikhiten krije kinne om alles echt goed en grut opsette te kinnen. Fandêr dit skriuwen fansels!

Dan de jildsaken: Foar it opnimmen fan it Album sille wy in bedrach fan €5.000,- oant €8.000,- nedich hawwe. Al it jild wat wy ekstra krije kinne, sil ynsetten wurde om in promo-tour te organiseren troch Fryslân wêrby't wy mei Fryske artysten it album Live spylje sille. Eltse euro is meinaam.

Ta ôfsluting:

Mei de meast ferneamde Fryske artysten in album opnimme yn it Frysk om de Fryske Taal en Kultuer te promoten, wêrby wy as artysten al serieuse plannen hawwe: Dat slút dochs hielendal perfekt oan by de doelen fan de provinsje?! Wy ferwachtsje dan ek dat ús projekt in effekt hawwe sil op de hiele Provinsje.

Wy hearre graach fan jimme! Mei freonlike groetnis,

Jacob Wijnsma Sjoerd ensa