Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Opfryskjen winkelstrjitten

09-04-2022  •  1 reactie  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.

Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!

Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.

Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.

Ferhalebank

08-04-2022  •  5 reacties  •  Semko  •  De toekomst van het Fries

Wy hawwe in plan opfette om in soartemint fan biblioteek fan ferhalen op priemmen te setten. Alle doarpen en stêden yn Fryslân hawwe in skiednis en dus in skat oan ferhalen, lytse en grutte. It soe skande wêze as dy teltsjes en ferhalen yn it ferjit reitsje, want ferhalen fertelle heart by ús kultuer. Se moatte hieltyd trochferteld wurde. 

Wy wolle fertellers ferhalen ynsprekke litte yn in studio, dêr’t ta de ferbylding sprekkende eftergrûnlûden bymakke wurde. It komt del op it âldere idee fan in harkspul, mar dan oars. It arsenaal oan ferhalen kin stadichoan waakse en tagonklik wêze foar elkenien, want elk kin meidwaan. 

Yn ús tiid is it foar elkenien mooglik om mei de telefoan opnamen te meitsjen. De nei ús trochstjoerde ferhalen kinne wy wer opstjoere nei in studio, dy’t dêr passende lûden by montearret. It jild brûke wy foar it meitsjen fan de site en it montearjen fan de eftergrûnlûden. 

It wurdt in Frysk side. De ferhalen wurde foarlêzen en útskreaun. Drege wurden wurde oersetten nei it Hollansk.  De ynvestearring foar elts ferhaal is ûngefear 100 oant 150 euro. Dat hat te krijen mei hoe lang it ferhaal is. Foar 15.000 euro kinne wol 100 ferhalen makke wurde.  

De ferfrysking fan de wrâldbekende mûne yn midden-Fryslân

09-04-2022  •  Geen reacties  •  Albert  •  De toekomst van het Fries

Graach wolle wy de namme fan de mûne grut sichtber meitsje op de nije mûne yn Reduzum. Derby wolle wy graach it 'leech by de grûn fret bankje' ferfryskje. Dat wol sizze, dat der ek Fryske wurden opkomme. By it bankje wolle wy ek in twatalich board sette mei mei mear ynformaasje oer wat de mûne foar it doarp betsjut. Ek wurdt hjir wat mear ynformaasje jûn oer dit inisjatyf fan de mienskip. De mûne wurdt stipe troch 540 leden en foar un diel finansiert út Reduzum en de omlizzende doarpen. Wy tinke hjirmei it Frysk in sichtber plak te jaan, net allinne foar de minsken yn Reduzum mar ek foar oaren. Foar de mûne stiet nammentlik de Blauwe Tinte, hjir komt in protte folk út hiel it hiele lân del. 

As it slagget, wolle wy yn oerlis mei de gemeente Ljouwert en doarpsbelang ek sjen of wy de fytstunnel dy't by de mûne sit, ek ferfryskje kinne mei graffity. Hjir sjogge wy dan foar ús dan der fansels Fryske teksten komme by moaie graffity fan de mûne, de blauwe tinte, it lânskip rûnom de mûne.

Dit sil tinke wy ûngefear 7500 euro koste, mar mooglik in bytsje mear of minder. Hjirmei is ús idee yn elk gefal tusken it bedrag fan 100 en 15.000 euro yn te realisearjen.