- Kaarten
- Lijst
Fryske rap entûsjasmearret de jongerein
06-04-2022 • 5 reacties • • De toekomst van het Fries
Hiphop is tsjintwurdich sawat it meastbeharke sjenre yn de wrâld, alhielendal ûnder jongerein, mar yn it Frysk is it hast net te finen. Dit wylst Fryske rap just oan jongerein sjen litte dat it Frysk net "âldfrinzich"/oubollig hoecht te wêzen. It kin Frysk op ‘e kaart sette as modern, brûkber en berikber foar elkenien.
No wol it gefal dat we ús op in momint befine dat er dochs in hantsjefol Frysktalige rappers dwaande binne. Yn febrewaris noch hat in groepke jeugd op eigen inisjatyf in oere lange in Fryske rapútstjoering op Omrop Fryslân makke: https://youtu.be/xzfj5sDCv-8.
Troch dit soart inisjativen no te stimulearjen, bestiet de kâns dat mear jongerein berikt wurde en ynspirearre reitsje om ek oan de slach te gean mei Fryske muzyk. Dat mei bêst, want de gemiddelde âldens by Frysk Sjongfestival Liet wurdt der bygelyks ek net leger op. Troch te boartsjen mei de taal - wêr’t rapteksten har prachtich foar liene - komt der taalfernijing op gong, en dat hâldt in taal yn libben.
Wêr kin in dof jild fan bygelyks € 1.500-2.000 foar brûkt wurde?
- In hiele protte! Budzjet foar fideoclips fan Fryske rappers sa as Sample Text, Súdwest Shankers, Lil Pier en evt. oaren. In foarbyld fan in resinte rapclip: https://youtu.be/sFeC16F4acQ. (Dizze jonges ha de hiele clip selsmakke en alle bykommende kosten út eigen bûse betelle. Dochs ha se der tûzenen jongeren mei berikt. Mei budzjet is der grif noch folle mear mooglik!)
- Budzjet foar promoasje fan nije nûmers, albums; fotografy foar albumcovers.
- Budzjet om optredens te regeljen en evt. materiaal dêrfoar
- Budzjet foar studiotiid mei in profesjonele producer (bygelyks by it Hitfabryk yn Gytsjerk), of just om materiaal oan te skaffen (mikrofoan, MIDI-keyboard ensafh.) foar eigen produksje, sa’t tsjintwurdich gebrûklik is.
- Plus, as ien jild beskikber stelt is dat ekstra motivaasje om produkten del te setten fan in sa heech mooglike kwaliteit.
De effekten binne miskien net direkt yn de fysike wrâld te merken, mar wol digitaal. Mei Fryske rap(clips) wurdt it Frysk mear sichtber online, op YouTube, Instagram, TikTok ensafuorthinne. De jeugd wit úteinlik sels it bêst hoe’t it oare jeugd berikt, mar it ûntbrekt harren gauris oan finansjele middelen. De kreativiteit, de nocht en de ambysjes binne der: no noch de stipe.
Opfryskjen winkelstrjitten
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.
Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!
Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.
Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.
Bern foar Bern, de Fryske Kinderen voor Kinderen
05-04-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
Bern foar Bern, de Fryske “Kinderen voor Kinderen”
Sjonge, Frysk, eigen ynbring, sichtberens, takomst en wille dat is de basis fan dit projekt “Bern foar Bern”
As bern hearde ik nei de ferskes fan Kinderen voor Kinderen, wat hie ik dêr graach oan mei dien. Mar ja… ik hie net de goeie taal/prate sûnder accent en it wie sa fier fuort, dat sein myn heit en mem alteast! Dat soe wol neat wurde, dus spitichernôch gjin kans hân. De ferskes koe ik allegear meisjonge en ik wit se no noch!
Doel en doelgroep:
It doel fan dit projekt is om de bern sels yn it spier te krijen en nei tinken te litten oer it hipper meitsjen fan it Frysk, it betinken fan teksten, meitsje fan filmkes, sjonge litte ensf.
Bern (groep 7/8 basisskoalle) yn de kunde komme litte mei it Frysk op in hippe oanslutende wiize. Skoallen kinne har hjirfoar opjaan. Dit kin spesifyk mei de eigen groep, mar dat kin fansels ek mei oare skoallen, ôfhinklik fan de opjefte/ôfstân.
Resultaat:
In youtubekanaal/cd/plaat mei 8 berneferskes, skreaun en makke troch bern út de provinsje Fryslân. Dit kin fan alles wêze, nije ferskes, nije teksten op besteande “populaire” ferskes, rap, spoken word, ensf.
Sa wurket it twa kanten oer, foar de bern dy’t meidien ha mar ek foar de bern dy’t der nei harkje/sjogge.
De helte fan de opbringst fan dit projekt kinst brûke foar in goed doel, ek keazen troch de bern dy’t meidogge, en de oare helte kinst brûke foar it ferfolchprojekt.