- Kaarten
- Lijst
'Baas Giele Taksy', Inez Timmer sjongt Joni Mitchell.
29-03-2022 • 2 reacties • • De toekomst van het Fries
In serie konserten mei treflike Fryske oersettingen fan de poëzy fan Joni Mitchell troch Gysbert Japicx priiswinner Eppie Dam. Songen troch profi Inez Timmer + band.
Dêr is maksimaal 10.000,- euro nedich foar bygelyks it meitsjen fan filmkes, promoasjesesje foar progammeurs, hjir teater, foto's etc. It is net foar advys kosten mar foar konkrete aktiviteiten om ús wurk goed del te setten.
It effekt is it opnij wurdearjen fan Frysktalige poëzy troch muzyk. Troch it teaterkonsert wurdt de Fryske taal tichterby de minsken brocht. Werkenber troch de hits fan Joni Mitchell. It bringt minsken by mekoar. Der kin sels meisongen wurde. It projekt draacht by oan de leefberens fan it doarp Wergea. Plus: dit teaterkonsert draacht ek by oan de striidberens fan famkes en froulju; Joni Mitchell is it foarbyld fan in sterke, unôfhinklike muzykante, skriuwster en skilderes dy't leauwt oan harsels en oan har krêft en talint. Dit projekt wurdt organisearre en produsearre troch in frou en útfierd troch in frou. Identifikaasje troch taal en muzyk. Songen Frysk op in heech nivo, troch in feteraan yn dit fak mei in soad ynternasjonale erfaring en útstraling én mei har woartels yn it Heitelân.
Tûzen wurden buordsjes
08-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
It idee is om troch hiel Fryslân lytse tekstbuordsjes del te setten by allegear ferskillende gebouwen, objekten, dingen, bisten, en sa fierder. Op dizze buordsjes stiet de Fryske namme fan wat der op dat plak te sjen is. Tink oan tsjerke, gers, skiep, hoanne, stien, feart, tsjerkhou, minsk en gean sa mar troch. Sjoch bygelyks ek it Tûzen Wurden berneboek foar allerhande wurden. Dizze buordsjes moatte kwalitatyf sa moai/tof/cool wêze dat minsken se ek wol mei nimme wolle. It moat in soarte fan kollektor-items wurde. Se sette it dan nei alle gedachten ek op social media, der soe dan in hashtag by kinne (#moaiwurdfuort?). Of fia QR code efterop in foto uploade nei in webside. Miskien kin der dan in hype of rage ûntstean... wa wit!
De buordsjes wurde makke troch studinten fan de Fryske kreative- en/of bou-opliedingen, mei bygelyks in lasersnijer of CNC frees. Sa komt dizze doelgroep ek yn oanrekking mei de Fryske taal. Studinten ûnderwiisassistint of fan de PABO soenen ek workshops 'Tûzen Wurden buordsjes' op skoallen jaan kinne. Of kuierje lâns wurden yn'e omjouwing. Doarpen en stêden (doarps- of pleatslik belang) kinne fia in webside de boardsjes fergees bestelle en dan troch frijwilligers te plak sette litte. De kosten sitte yn it ûntwerpen en meitsjen fan yn elts gefal 1000 buordsjes en it bouwen fan in webside mei in bestelsysteem. By it ûntwerpen, meitsjen en pleatsen fan de buordsjes spylet it Typografysk kollektyf de Typesetters (wer ik diel fan út meitsje) ek in rol.
Fryske rap entûsjasmearret de jongerein
06-04-2022 • 5 reacties • • De toekomst van het Fries
Hiphop is tsjintwurdich sawat it meastbeharke sjenre yn de wrâld, alhielendal ûnder jongerein, mar yn it Frysk is it hast net te finen. Dit wylst Fryske rap just oan jongerein sjen litte dat it Frysk net "âldfrinzich"/oubollig hoecht te wêzen. It kin Frysk op ‘e kaart sette as modern, brûkber en berikber foar elkenien.
No wol it gefal dat we ús op in momint befine dat er dochs in hantsjefol Frysktalige rappers dwaande binne. Yn febrewaris noch hat in groepke jeugd op eigen inisjatyf in oere lange in Fryske rapútstjoering op Omrop Fryslân makke: https://youtu.be/xzfj5sDCv-8.
Troch dit soart inisjativen no te stimulearjen, bestiet de kâns dat mear jongerein berikt wurde en ynspirearre reitsje om ek oan de slach te gean mei Fryske muzyk. Dat mei bêst, want de gemiddelde âldens by Frysk Sjongfestival Liet wurdt der bygelyks ek net leger op. Troch te boartsjen mei de taal - wêr’t rapteksten har prachtich foar liene - komt der taalfernijing op gong, en dat hâldt in taal yn libben.
Wêr kin in dof jild fan bygelyks € 1.500-2.000 foar brûkt wurde?
- In hiele protte! Budzjet foar fideoclips fan Fryske rappers sa as Sample Text, Súdwest Shankers, Lil Pier en evt. oaren. In foarbyld fan in resinte rapclip: https://youtu.be/sFeC16F4acQ. (Dizze jonges ha de hiele clip selsmakke en alle bykommende kosten út eigen bûse betelle. Dochs ha se der tûzenen jongeren mei berikt. Mei budzjet is der grif noch folle mear mooglik!)
- Budzjet foar promoasje fan nije nûmers, albums; fotografy foar albumcovers.
- Budzjet om optredens te regeljen en evt. materiaal dêrfoar
- Budzjet foar studiotiid mei in profesjonele producer (bygelyks by it Hitfabryk yn Gytsjerk), of just om materiaal oan te skaffen (mikrofoan, MIDI-keyboard ensafh.) foar eigen produksje, sa’t tsjintwurdich gebrûklik is.
- Plus, as ien jild beskikber stelt is dat ekstra motivaasje om produkten del te setten fan in sa heech mooglike kwaliteit.
De effekten binne miskien net direkt yn de fysike wrâld te merken, mar wol digitaal. Mei Fryske rap(clips) wurdt it Frysk mear sichtber online, op YouTube, Instagram, TikTok ensafuorthinne. De jeugd wit úteinlik sels it bêst hoe’t it oare jeugd berikt, mar it ûntbrekt harren gauris oan finansjele middelen. De kreativiteit, de nocht en de ambysjes binne der: no noch de stipe.