Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Twatalige strunkisten

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Siets81  •  De toekomst van het Fries

Wy fan de Strunersklup wolle graach twatalige saneamde strunkisten realisearje yn Fryslân. Hjirmei wolle wy, De Hippe Boerin, Bethlehems inn en Grand Cafe de Nije Warf, Dorpshuis De Kamp, Activiteiten Boerderij De Hamerslag graach beginne yn Wâlterswâld. Mei dizze strunkisten wolle wy foar Friezen mar ek foar toeristen de natuer ienfâldich tagonklik meitsje. Foar lytse en grutte struners. Yn de kiste sitte bygelyks in fûgelbingo, opdrachten om planten te sykjen ensafourthinne. Minsken komme nei de strunersklub ta om de noch moai te ûntwikkeljen twatalige struntaskes mei opdrachten op te heljen en gean der dan sels op út. Der sitte dan produkten yn fan lokale undernimmers. Wy wolle de strunkisten graach troch lokale minsken, bygelyks fan Talent, meitsje litte.

Wy hawwe ek in website (http://strunkiste.nl) en binne dwaande mei in app. Wy tinke foar it untwikkeljen fan it fierder twatalige konsept tusken de 4000 en 5000 euro nedich te hawwen. Dermei wolle wy it goed del sette. Mei dizze strunkisten wolle wy ek it Frysk in fanselsprekkend plak jaan. Earst is it effekt benammen te sjen yn us eigen fermidden, mar wy hoopje dizze kisten ek foar oare regio's en har lokale undernimmers te realisearjen. Wolle jo mei us op 'e strun?

 

Frysker Fryslân

09-04-2022  •  1 reactie  •  Pleatslik Belang Surhuzum  •  De toekomst van het Fries

In soad Friezen jouwe oan muoite te hawwen mei it lêzen en skriuwen fan de Fryske taal. Dan binne der fansels noch de minsken dy 't net út Fryslân komme en yn in Frysk doarp komme te wenjen. Foar dy minsken soe it moai wêze om de gelegenheid te krijen om mei te dwaan oan in leechdrompelige kursus Frysk. Dy kursussen wurde op in tagonklike wize organisearre troch de Afûk

Doarpshûs de Delfeart yn Surhuzum is in moaie lokaasje om in Fryske kursus te organisearjen. Sa binne der yn Fryslân noch wol ferskate lokaasjes dêr 't kursussen organisearre wurde kinne. Ek minsken út omlizzende doarpen soene har oanmelde kinne foar sa 'n kursus yn Surhuzum of yn in oar Frysk doarp. Sa kinne in tal geskikte lokaasjes yn Fryslân selektearre wurde om in kursus Frysk te organisearjen.

Frysker Fryslân soe in suksesfol inisjatyf wurde kinne. Hoewol 't it earste jier miskien noch net elkenien fan de kursus witte kinne soe, soe it in jierliks weromkommend fenomeen wurde kinne. In beheind tal minsken soe him oanmelde kinne sadat in plafond fan bygelyks € 15.000 net oerskreaun wurde sil.

Sichtberens Frysk mei û.o. goodiepûde by Nederlânsk Kampioenskip fierljeppen

09-04-2022  •  Geen reacties  •  Albert  •  De toekomst van het Fries

By it NK jeugd yn Winsum wolle wy it Frysk sichtber meitsje troch dit jier 27 augustus û.o. in twatalige goodiepûde oan de 45 dielnimmers (9 - 12)  te jaan. It liket ús aardich om yn de pûde bygelyks it boekje Sipke leart fierljeppen te dwaan en bygelyks in kaaihinger of drinkflêske mei ek Fryske tekst derop.  Fansels stiet op de goodiepûde dit jier dan ek in Fryske tekst opnommen. It programmaboekje fan de kampionskippen wolle wy ek twatalich beskikber meitsje. Lykas de dielnimmers foar de helte út Hollân komme, sil it publyk ek foar de helte út minsken fan bûten Fryslân komme. Wy tinke hjirmei net allinne in Fryske sport moai del te sette kinnen, mar ek it Frysk sa in sichtber en fanselssprekkend plak te jaan. Ek wolle wy besykje de bebuording by kofje, parkearjen en sa sa folle mooglik twatalich te dwaan. Dizze bebuorrding wolle wy dan ek graach foar oare evenminten wer brûke, sadat it ek by de Frysk Kampioenskippen ynsetten wurde kin. 

Ek wolle wy graach de website https://www.fierljeppenwinsum.frl struktureel twatalich beskikber meitsje. Sa wolle wy dúdlik meitsje dat it Frysk ek in fanselssprekkend plak hat by dizze sa Fryske sport.

De kosten foar in DTP-er om it spul foar yn de goodiepûde, it Fryske programmaboekje en beboarding op te meitsjen, en te ûntwikkelje litten, it boekje Sipke leart fierljeppen, oersetten fan teksten nei it Frysk sille op syn meast 4500 euro koste.