Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

TIKTOK-FESTIVAL

06-04-2022  •  1 reactie  •  Semko  •  De toekomst van het Fries

Alle tiktokkers en contentcreators fan youtube en oare platfoarms wolle wy útnûgje foar in gearkommen. It wurdt in gearwêzen fan tiktokkers dy’t inoar kenne fan it platfoarm en fans dy’t mei-inoar yn ‘e kunde komme sille. Op himsels sil dat al in feestje wurde. Elkenien kin meidwaan mei koarte workshops, dêr’t in pear Friezen en Friezinnen útlis jaan sille oer it hoe en het en it wêrom fan de Fryske taal. Yn ‘e rin fan it hiele byinoarwêzen wurdt elkien útnûge filmkes te meitsjen om dy te dielen oer alle sosjale mediaplatfoarmen. 

Wy freegje in bedrach oan fan fyftjintûzen euro, regelje seal en sprekkers en soargje foar de oanklaaiïng fan de ambiânse. Wat der op it plak sels allegear kreëarre wurdt, sil skielk troch tûzenen minsken besjoen wurde. 

Dêrnjonken wolle wy besykje om by de oanwêzigen in positive(re) ynstelling oer it Frysk ûntstean te litten, sadat hja harren tenei -mûnling en skriftlik- faker uterje sille yn dy taal. 

Praat mar wer Frysk

09-04-2022  •  3 reacties  •  Nanne Hoekstra  •  De toekomst van het Fries

Yn de omgong fan Friezen ûnder elkoar wurdt it Frysk hieltyd minder praat, troch de oanboazjende oerhearsking fan it Nederlânsk. Dy komt, njonken it taalgebrûk yn de media, troch nij-ynkommelingen mar ek troch Fryske âlden dy't de taal net trochjouwe. Dat is faak it gefal by âlden dêr't mar ien Frysktalich fan is. It Frysk kin men dêrom op it heden wol resessyf neame. De Friezen binne wiis genôch mei harren taal, sa docht hieltyd wer út ûndersiken bliken; dat, dêr leit it him net oan. Mar se doare him hieltyd minder te brûken. En dêrtroch giet de kwaliteit derfan  ek efterút. Want, oars as mei in boesgroentsje, in taal slyt just as dy nét brûkt wurdt. Sa wurdt it fansels net wat mei 'it Frysk as ien fan de Europeeske talen'.

Dêrom is in oar hâlden en dragen fan de Friezen nedich, dêr't ik yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd ta oproppen haw. Ik krige der wol omtinken foar yn de media - sjoch: https://www.itnijs.frl/2018/01/haw-wille-mei-it-frysk-yn-it-jier-fan-de-kulturele-haadsted/ en de fierdere ferwizings - mar in protte neifolging liket myn oprop net krige te hawwen.

In promoasjekampanje soe fertuten dwaan kinne en kreëarje in better klimaat mei geunstigere omgongsfoarmen foar it Frysk. Dat soe in SIRE-eftige kampanje wêze moatte, dy't wiisd op de eigen ferantwurdlikheid fan alle Friezen - oft hja no fan hûs ús Frysktalich binne of net - om ús taalerfskip te behâlden. It soe dêrmei wer folle normaler wurde moatte - en dus perfoarst net ûnfatsoenlik, wat minsken no gauris miene - om mei in petear yn it Frysk út ein te setten as jo in ûnbekende - ynformeel of saaklik - moetsje: eigen taal earst (gronologysk besjoen). Dat fansels sûnder minsken bûten te sluten. Mar wa't it Frysk noch net goed behearsket, kin dêr by holpen wurde, lykas hjirre beskreaun: https://www.stipe.frl/projecten/wy-jouwe-elkoar-de-fiif. Der moat rûnom entûsjasme ûntstean om mei-elkoar de taal wer mear te brûken en sadwaande oerein te hâlden en troch te jaan oan folgjende generaasjes. It moaie is dat elkenien dêr alle dagen eins sûnder al tefolle ynspanning oan bydrage kin: dit is ommers no ris wat dat mei sizzen al te dwaan is.

Om it safier te krijen is earst al in kampanje nedich yn de Fryske massamedia (telefyzje, radio, nijsblêden, ynternet) mei fansels ynset fan de sosjale media. Foar in bedrach fan 15.000 euro is sa'n promoasje-aksje wol te realisearjen. Mediabedriuwen kinnen yn de mande mei frijwilligers fan de Ried fan de Fryske Beweging stal jaan oan in besteklike kampanje. It doel is om safolle mooglik Friezen te berikken, it beëage effekt is dus wiidfiemjend en giet sels oer de provinsjegrinzen hinne.

 

In brief oan ússels

08-04-2022  •  Geen reacties  •  FosterCat  •  De toekomst van het Fries

  Goeiemiddei, 

  

Wy binne Christian en Afrida. Wy waarden tige entûsjast doe't wy dit foarstel tsjinkamen. Omdat wy nau belutsen binne by kultureel Ljouwert/Fryslân en net allinnich ûndernimmend, mar ek kreatyf binne, liket it ús geweldich om tegearre in projekt op te setten. Spitigernôch stiet kultureel Fryslân op lanlik nivo minder op de kaart op kulturele en kreative gebieten, dus liket it ús in eare om mei te dwaan oan de kulturele groei fan ús moaie Fryske lân. Wy diele ferskate dissiplines en ûnderfining yn ferbân mei dit ûnderwerp. Dêrneist meitsje wy ek diel út fan it kollektyf DichterBij Leeuwarden en Mooie dingen makers. Ut dizze mienskip ha wy ek opmurken dat der in protte pleatslik talint is, dy't graach wolle. 

  

Ut dizze fisy en it inisjatyf dat Stim Fan Fryslan begûn, hawwe wy in konsept betocht. Underwerp: In brief oan dysels. Dit konsept wurdt útlein yn 'e taheakke. 

 

Wy binne optein en wy hoopje dat jo like optein binne. 

  

Mei freonlike groetnis, 

  

Christian en Afrida.