Taal
Dizze diskusje is foar no ôfrûn. By it Deltaplan debat op 13 july yn Vergadering Provinsjale Steaten 13-07-2022 Provinsje Fryslân (notubiz.nl) is troch ferskate leden fan Provinsjale Steaten oan ynput út dizze diskusje referearre. Deputearre Avine Fokkens hat by dizze gearkomst tasein de útkomsten fan sawol it Fries Sociaal Planbureau en Stim fan Fryslân by de wurkgroep Deltaplan mei te nimmen. Sjoch ek Stim fan Fryslân berjochten op twitter.
Tinkbylden oer de Lelyline en de mooglike bou fan tûzenen ekstra wenningen yn noardlik Nederlân stean yn 'Bouwstenen voor het Deltaplan - Noordelijk Nederland en het stedelijk netwerk Nederland beter verbonden'.
Ut resint ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau (juny 2022) docht bliken dat ynwenners fan Fryslân by eventuele realisaasje fan it Deltaplan ûnder oare foardielen ferwachtsje op it mêd fan berikberens, de ekonomy en wurkgelegenheid. Mar ek ferwachtsje ynwenners by realisaasje fan it Deltaplan efterútgong fan ‘natuer en miljeu', 'kwaliteit fan lânskip' en de 'Fryske taal en kultuer '.
Earst mear lêze oer it Deltaplan en dit petear?
Diskusjefraach:
Hoe sjocht foar jo de provinsje Fryslân der yn 2050 op dizze aspekten by foarkar út?
En wat wolle jo de Steateleden mei it each op de takomst fan Fryslân by diskusje oer it Deltaplan dêroer graach meijaan?
It is goed foar it noarden en Fryslân yn it bysûnder dat der in goeie rappe ferbyning komt mei sawol Noard-Dútslân/Skandinavië as mei de Rânested.
Dat der temin hûzen binne is ek dúdlik.
Oant 2050 ta kinne der maklik 2000 per jier by foar de hiele provinsje. 27 jier x 2000 = 54000 derby. Dat is needich en kin Fryslan makkelijk oan.
Wy moatte foarút sjen yn Fryslân en soargje dat wy klear binne foar de feroaringen dy't ûnomkearber komme sille. Tink oan klimaatferoaring, duorsume enerzjyopwekking, it miljeu, genôch geskikte wenten en wurkgelegenheid. Dat komt net automatysk, wy kinne net stilsitte en wachtsje.Wy moatte gearwurkje mei it sicht op de fierdere takomst. It Deltaplan makket dêr ûnderdiel fan út en helpt om de leefberens yn it Noarden te ferbetterjen.
Ik zou graag zien dat de Stateleden meenemen dat economische vooruitgang niet altijd het beste is. We moeten hier niet het overlooppuntje noch het recreatiepark van de Randstad worden. Dan verliest de provincie haar eigen karakter. Daar zouden we voor moeten waken.