- Kaarten
- Lijst
Opfryskjen winkelstrjitten
09-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
It Frysk is amper sichtber yn de iepenbiere romte yn Fryslân. Wylst sichtberens no krekt sa goed is foar de akseptaasje fan de taal en in stimulâns foarmet om dy te brûken. En soks ek noch o sa aardich is foar toeristen. Ik ha dêrom yn it ramt fan de Fryske Fiersichten al útsteld Fryske winkelstrjitten op te Fryskjen mei geveltsjefrysk op etalaazjeruten. De supermarkt wurdt supermerk, de groenteman grienteboer, de slager slachter, ensafh. En de bakker? Dy kin bygelyks syn produkten op it rút sette: Bôle, brea, twibakken. Dat lêste wurd sille in protte Friezen net mear kenne en dat jout daliks oan dat geveltsjefrysk in edukative wearde hawwe kin. It bin fansels mar wat foarbylden; der is folle mear moais te betinken.
Mei help fan Provinsje, Merk Fryslan en Ynbussines haw ik der foar de Ried fan de Fryske Beweging ek wol al mei teset west. Spitigernôch skytskoarje de winkeliersferienings der noch hieltyd tsjinoan. Der is dus in oanfitering nedich. Der hat in ûndersyk west nei de foardielen fan it brûken fan it Frysk foar it bedriuwslibben. Dy soene nochris in kear goed yn de media útsutele wurde moatte. It beskikber stellen fan sinten om rûnom yn de provinsje Frysktalige opskriften op etalaazjeruten oan te bringen, sil fansels ek fertuten dwaan. Foar 15.000 euro kin aardich wat dien wurde. De al besteande Nederlânske en Ingelske opskriften meie stean bliuwe; de Fryske kinne der gewoan by; mar wol sa dat se goed opfalle!
Undernimmers kinne útnûge wurde harren oan te melden. Bygelyks by de Afûk dy't al inisjativen mei it bedriuwslibben hat. De Ried fan de Fryske Beweging kin dêr sa nedich noch by stypje.
Ofhinklik fan it sukses fan de útnûging kin it effekt provinsjebreed wêze.
Plaquette Balkespringer Surhuzum
09-04-2022 • Geen reacties • • De toekomst van het Fries
Yn Surhuzum soenen wy graach in plakette realisearje wolle foar by de Balkespringer. Ferline jier kaam de Balkespringer Surhuzum einlik thús. It keunstwurk De Balkespringer yn Surhuzum waard doe ferpleatst. Wethâlder Max de Haan en de leden fan Pleatslik Belang Surhuzum hjitten op 24 maart 2021 De Balkespringer wolkom op syn nije plak, oan de Doarpsstrjitte foar de Antoniustsjerke, dêr 't er yn 1617 de sprong weage.
In moaie tafoeging foar ús doarp Surhuzum soe in plakette wêze dêr 't op útlein wurdt wat it ferhaal efter dit stânbyld no eins is. Surhuzum is in plakje yn de Fryske Wâlden, wat mei har moaie kûlizelânskip in moaie omjouwing is foar fytsers en kuierders út oare dielen fan it lân. Sa komme der op moaie simmerdagen tal fan toeristen troch ús doarpke fytsen.
Foar it ferbetterjen fan it oansicht fan it doarp Surhuzum en foar minsken fan oare plakken dy 't in besyk oan ús doarp bringe soene wy dêrom besykje wolle om in moaie plakette te realisearjen foar de Balkespringer. De plakette sil nei ferwachting net mear as € 500 kostjen gean.
Understeande tekst soene wy op de plakette pleatse litte wolle. Fansels yn it Frysk, mar as it mooglik is ek yn it Nederlânsk, sadat de ferbining tusken Frysk en Nederlânsk mooglik makke wurde kin.
Knilles Eiberts Syn offisjele namme wie Cornelis Egberts Gayckema, alias Saphias. De âlden fan Knilles wiene Egbert Theunis en Neeltje Annes. De famylje Gayckema is meniste. As boer, ferfeansker of skipper fertsjinje se har brea. Se hearre ta de earste kolonisten fan it Gordykster fean.
Cornelis giet de skiednis yn as “ de balkenspringer ” fan Surhuzum. Nei ferwoasting troch brân ein tachtiger jierren yn de sechstjinde iuw (80 - jierrige oarloch yn de Spaanske oerhearsking fan 1568 -1648) begjint men mei de werbou fan de tsjerke yn it jier 1614. Yn 1617 is de put klear en yn datselde jier is Cornelis fjirtjin en kenlik in “ bluisterich jongfeint ”. Wy kenne him as de knaap dy 't oer sechstjin balken sprong yn ien loop: goed twa en in heale meter fan inoar ôf. Boppedat meters boppe de begeane grûn. Hy oerlibbet syn gefaarlike stunt want yn 1645 stjert er op 42 - jierrige leeftiid. By de tsjerke is er begroeven. De grêfstien fûnen se werom oan de súdkant fan de tsjerke. Cornelis wie fan berop beurtskipper op Dokkum. ~~~ A.G.IJ.
Freonlike groetnis,
Pleatslik Belang Surhuzum
TIKTOK-FESTIVAL
06-04-2022 • 1 reactie • • De toekomst van het Fries
Alle tiktokkers en contentcreators fan youtube en oare platfoarms wolle wy útnûgje foar in gearkommen. It wurdt in gearwêzen fan tiktokkers dy’t inoar kenne fan it platfoarm en fans dy’t mei-inoar yn ‘e kunde komme sille. Op himsels sil dat al in feestje wurde. Elkenien kin meidwaan mei koarte workshops, dêr’t in pear Friezen en Friezinnen útlis jaan sille oer it hoe en het en it wêrom fan de Fryske taal. Yn ‘e rin fan it hiele byinoarwêzen wurdt elkien útnûge filmkes te meitsjen om dy te dielen oer alle sosjale mediaplatfoarmen.
Wy freegje in bedrach oan fan fyftjintûzen euro, regelje seal en sprekkers en soargje foar de oanklaaiïng fan de ambiânse. Wat der op it plak sels allegear kreëarre wurdt, sil skielk troch tûzenen minsken besjoen wurde.
Dêrnjonken wolle wy besykje om by de oanwêzigen in positive(re) ynstelling oer it Frysk ûntstean te litten, sadat hja harren tenei -mûnling en skriftlik- faker uterje sille yn dy taal.