Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Tûzen wurden buordsjes

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Johan Bouwhuis  •  De toekomst van het Fries

It idee is om troch hiel Fryslân lytse tekstbuordsjes del te setten by allegear ferskillende gebouwen, objekten, dingen, bisten, en sa fierder. Op dizze buordsjes stiet de Fryske namme fan wat der op dat plak te sjen is. Tink oan tsjerke, gers, skiep, hoanne, stien, feart, tsjerkhou, minsk en gean sa mar troch. Sjoch bygelyks ek it Tûzen Wurden berneboek foar allerhande wurden. Dizze buordsjes moatte kwalitatyf sa moai/tof/cool wêze dat minsken se ek wol mei nimme wolle. It moat in soarte fan kollektor-items wurde. Se sette it dan nei alle gedachten ek op social media, der soe dan in hashtag by kinne (#moaiwurdfuort?). Of fia QR code efterop in foto uploade nei in webside. Miskien kin der dan in hype of rage ûntstean... wa wit!

De buordsjes wurde makke troch studinten fan de Fryske kreative- en/of bou-opliedingen, mei bygelyks in lasersnijer of CNC frees. Sa komt dizze doelgroep ek yn oanrekking mei de Fryske taal. 
Studinten ûnderwiisassistint of fan de PABO soenen ek workshops 'Tûzen Wurden buordsjes' op skoallen jaan kinne. Of kuierje lâns wurden yn'e omjouwing. Doarpen en stêden (doarps- of pleatslik belang) kinne fia in webside de boardsjes fergees bestelle en dan troch frijwilligers te plak sette litte. De kosten sitte yn it ûntwerpen en meitsjen fan yn elts gefal 1000 buordsjes en it bouwen fan in webside mei in bestelsysteem. By it ûntwerpen, meitsjen en pleatsen fan de buordsjes spylet it Typografysk kollektyf de Typesetters (wer ik diel fan út meitsje) ek in rol.

www.typesetters.nl

Fryske rap entûsjasmearret de jongerein

06-04-2022  •  5 reacties  •  Pieter Gysbert  •  De toekomst van het Fries

Hiphop is tsjintwurdich sawat it meastbeharke sjenre yn de wrâld, alhielendal ûnder jongerein, mar yn it Frysk is it hast net te finen. Dit wylst Fryske rap just oan jongerein sjen litte dat it Frysk net "âldfrinzich"/oubollig hoecht te wêzen. It kin Frysk op ‘e kaart sette as modern, brûkber en berikber foar elkenien.

No wol it gefal dat we ús op in momint befine dat er dochs in hantsjefol Frysktalige rappers dwaande binne. Yn febrewaris noch hat in groepke jeugd op eigen inisjatyf in oere lange in Fryske rapútstjoering op Omrop Fryslân makke: https://youtu.be/xzfj5sDCv-8.

Troch dit soart inisjativen no te stimulearjen, bestiet de kâns dat mear jongerein berikt wurde en ynspirearre reitsje om ek oan de slach te gean mei Fryske muzyk. Dat mei bêst, want de gemiddelde âldens by Frysk Sjongfestival Liet wurdt der bygelyks ek net leger op. Troch te boartsjen mei de taal - wêr’t rapteksten har prachtich foar liene - komt der taalfernijing op gong, en dat hâldt in taal yn libben.

Wêr kin in dof jild fan bygelyks € 1.500-2.000 foar brûkt wurde?

  • In hiele protte! Budzjet foar fideoclips fan Fryske rappers sa as Sample Text, Súdwest Shankers, Lil Pier en evt. oaren. In foarbyld fan in resinte rapclip: https://youtu.be/sFeC16F4acQ. (Dizze jonges ha de hiele clip selsmakke en alle bykommende kosten út eigen bûse betelle. Dochs ha se der tûzenen jongeren mei berikt. Mei budzjet is der grif noch folle mear mooglik!)
  • Budzjet foar promoasje fan nije nûmers, albums; fotografy foar albumcovers.
  • Budzjet om optredens te regeljen en evt. materiaal dêrfoar
  • Budzjet foar studiotiid mei in profesjonele producer (bygelyks by it Hitfabryk yn Gytsjerk), of just om materiaal oan te skaffen (mikrofoan, MIDI-keyboard ensafh.) foar eigen produksje, sa’t tsjintwurdich gebrûklik is.
  • Plus, as ien jild beskikber stelt is dat ekstra motivaasje om produkten del te setten fan in sa heech mooglike kwaliteit.

De effekten binne miskien net direkt yn de fysike wrâld te merken, mar wol digitaal. Mei Fryske rap(clips) wurdt it Frysk mear sichtber online, op YouTube, Instagram, TikTok ensafuorthinne. De jeugd wit úteinlik sels it bêst hoe’t it oare jeugd berikt, mar it ûntbrekt harren gauris oan finansjele middelen. De kreativiteit, de nocht en de ambysjes binne der: no noch de stipe.

Stimmen fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire

06-04-2022  •  2 reacties  •  De Zware Jongens  •  De toekomst van het Fries

Stim(men) fan Fryslân sjonge Frysk Feestrepertoire!

In mear sichtber en fanselssprekkend plak foar it Frysk yn Fryslân… Hoe soe dat better kinne dan troch Frysk Feestrepertoire dat eltsenien meisjonge kin en by eltsenien yn de holle sitten bliuwt?

Wy binne de Zware Jongens, twa bekende stimmen fan Fryslân. Twa sangers dy’t net alllinnich yn alle úthoeken fan de provinsje optreden hawwe mar ek yn de rest fan it lân.  Fokko Dam (“Fokko met de bordjes” fan de Blauhúster Dakkapel) en Arie Kuipers, skriuwer fan ûnder oare “Bonkefeart” fan Anneke Douma en it Makkumer befrijdingsliet: “Gretha”.

Om mear minsken gebrûk meitsje te litten fan de Fryske taal, like it ús in goed idee om in tal Frysktalige feestlike ferskes nûmers op te nimmen. Frysktalich feestrepertoire dêr’t elfsenien op in brulloft, op’e merke of yn it kafee mei meisjonge kin. Der hearre seker in pear goeie fideoklips by foar de social media en foar Omrop Fryslân.

Fokko Dam en Arie Kuipers ha tegearre mear as in iuw ûnderfining yn it skriuwen, opnimmen en útfieren fan musyk.  

In goed feestliet is ûnbeheind hâldber en brûkber.

Foar € 15.000,- leverje wy fiif nij skreaune orizjinele musykstikken oan. By ôflevering is it produkt geskikt foar profesjoneel gebrûk op radio en televyzje. Yn dit bedrag binne alle produksjekosten ynbegrepen: fideoklips, studiokosten en it skriuwwurk.

De Zware Jongens hawwe in grut berik. Ús nûmers binne mear as 25 miljoen kear streamd. Op Spotify hawwe wy 140.000 moanlikse harkers. Guon ferskes fan ús ha mear as in miljoen views op YouTube. De provinsje wol graach in soad minsken berikke mei dit projekt. Wy kinne dêr foar soargje mei ús bekendheid en berik.

Wy binne fan miening dat wy mei Frysktalig feestrepertoire in nije doelgroep berikke: foaral de jeugd.