Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Voorstellen voor De toekomst van het Fries

Tûzen wurden buordsjes

08-04-2022  •  Geen reacties  •  Johan Bouwhuis  •  De toekomst van het Fries

It idee is om troch hiel Fryslân lytse tekstbuordsjes del te setten by allegear ferskillende gebouwen, objekten, dingen, bisten, en sa fierder. Op dizze buordsjes stiet de Fryske namme fan wat der op dat plak te sjen is. Tink oan tsjerke, gers, skiep, hoanne, stien, feart, tsjerkhou, minsk en gean sa mar troch. Sjoch bygelyks ek it Tûzen Wurden berneboek foar allerhande wurden. Dizze buordsjes moatte kwalitatyf sa moai/tof/cool wêze dat minsken se ek wol mei nimme wolle. It moat in soarte fan kollektor-items wurde. Se sette it dan nei alle gedachten ek op social media, der soe dan in hashtag by kinne (#moaiwurdfuort?). Of fia QR code efterop in foto uploade nei in webside. Miskien kin der dan in hype of rage ûntstean... wa wit!

De buordsjes wurde makke troch studinten fan de Fryske kreative- en/of bou-opliedingen, mei bygelyks in lasersnijer of CNC frees. Sa komt dizze doelgroep ek yn oanrekking mei de Fryske taal. 
Studinten ûnderwiisassistint of fan de PABO soenen ek workshops 'Tûzen Wurden buordsjes' op skoallen jaan kinne. Of kuierje lâns wurden yn'e omjouwing. Doarpen en stêden (doarps- of pleatslik belang) kinne fia in webside de boardsjes fergees bestelle en dan troch frijwilligers te plak sette litte. De kosten sitte yn it ûntwerpen en meitsjen fan yn elts gefal 1000 buordsjes en it bouwen fan in webside mei in bestelsysteem. By it ûntwerpen, meitsjen en pleatsen fan de buordsjes spylet it Typografysk kollektyf de Typesetters (wer ik diel fan út meitsje) ek in rol.

www.typesetters.nl

Wa wit, een nije FRYSKE hit!

07-04-2022  •  1 reactie  •  Rowan Veltman  •  De toekomst van het Fries

Beste ynwenners fan de provinsje Fryslân,

 

ik bin Rowan Veltman (17), myn idee hat alles te krijen mei Fryske muzyk. Ik die mei oan de Fryske sjongkompetysje "Sjong", en wist yn 2021 it 1e plak te feroverjen mei myn nûmer "Myn Dream".

(Linkje nei de fideoklip: https://youtu.be/VPUZEInSeQI )

 

sa’t ik yn it begjin al neamde, hat myn idee alles te krijen mei muzyk en dan fansels Fryske muzyk.

 

wêrom muzyk?

Ik haw foar muzyk keazen om't ik de Fryske taal ek sa graach foarstelle wol oan de jongere ynwenners fan Fryslân. en foar jongerein (it ferskilt ôfhinklik fan foarkar) is it it moaist om dat te dwaan op in manier dêr't se mei in moai ferske dingen oer in ferske fiele kinne.

 

wêr sille myn ferskes it meast oer gean?

guon fan myn ferskes dy’t no klear binne, geane benammen oer akseptaasje, ûntdekken wêr’t je thús fiele en oer leafde.

in protte jonge minsken fan myn leeftyd en fierder hawwe faak muoite mei "akseptearje", en meitsje dêrtroch in negatyf selsbyld. se binne ûntefreden oer har uterlik, fiele har oars as de rest, binne net bliid mei de seksuele foarkar wêrmei't se berne binne. troch dizze dingen (en noch folle mear redenen) rint sa'n 10% fan de Nederlânske befolking om mei suicidale gedachten.

dat oantal moat omleech, en ik soe dêrom graach in foarbyld jaan wolle foar dy minsken en har oanmoedigje om min of gjin omtinken te jaan oan de mieningen fan oaren.

 

 

wêr soe ik it jild foar brûke?

in audio meitsje/sykje en in ferske skriuwe is ien,

it ferskespoar moat fansels ek opnommen wurde yn in profesjonele muzykstudio,

en in ferske befettet ek in fideoklip fan goede kwaliteit.

dêrfoar haw ik jimme as ynwenners fan Fryslân nedich, sûnder jimme kin dit idee net troch gean!

 

It realisearjen fan myn Fryske muzyk dream sil net mear as 1500 euro koste. Dit is foar it hieren fan de profesjonele studio (maksimaal 800 euro), it meitsjen fan in profesjonele fideo (maksimaal 500 euro) en rekwesten dy’t  nedich binne foar it meitsjen fan de fideo (beljochting en mooglike attributen, oanklaaiïng maksimaal 200 euro).

 

lit dyn stim en wa wit komt der gau in nij ferske online fan Rowan Veltman;)

 

Frysk Muzykalbum - Ensa

07-04-2022  •  4 reacties  •  Jacob Wijnsma  •  De toekomst van het Fries

Goeiemiddei,

Ik skriuw jim oan út namme fan de Fryske band Sjoerd ensa. Myn namme is Jacob Wijnsma, Toetsenist/Gitarist en twadde sjonger fan de band.

Wy meitsje al sûnt in jier as fiif Frysktalige muzyk. Dêrfoar komme wy regelmjittich foarby op de Omrop en spylje wy op de 'grutte' Fryske podia; Iduna, Bolwurk, Aaipop, ensafuorthinne. Ynmiddels hawwe wy ek leuke gearwurkingen hân mei ûnder oare De Hûnekop en Doelleazen. Us muzyk is ûnder oare te finen op Spotify en Youtube. 

It haaddoel fan ús band is om de Fryske taal en Kultuer populêr te hâlden ûnder de jongerein wêrby't wy gjin inkeld ûnderwerp as taboe sjogge: Wy sjonge oer fertriet, rouferwurking oantemei de leafde foar ús prachtige Heitelân. It slagget ús hiel goed om ek gefoelige ûnderwerpen as de dea besprekber te meitsjen yn Fryslân. Yn myn eagen is dat ek wat ús unyk makket. 

No ús Projekt:

Foar in nij Frysk projekt sykje wy de gearwurking mei oare artysten om mei ús allen in Frysktalich album op te nimmen. Dêryn geane wy mei 'ferneamde' Fryske artysten in EP/CD opnimme. Faaks is it wichtich om te fermelden dat wy al in moaie protsje Fryske artysten strikt hawwe, wêrtroch it net allinnich by in goed idee bliuwe sil. Mochten wy genôch sponsoring / subzydzje ûntfange kinne, binne wy ek fan plan om optredens te dwaan troch de provinsje. Hjirmei tinke wy in goeie bydrage te dwaan oan it doel fan in protte Fryske artysten (en fansels ek jim doel): De Fryske taal en Kultuer yn de provinsje promoten bliuwe, fansels ek yn de hoop dat wy ús entûsjasme op oare Friezen oerbringe kinne. Minsken krekt sa grutsk meitsje op ús Fryske komôf meitsje as ús, dat fine wy wichtich.

De tapasselike namme foar it album sil 'ensa' wêze, wêrby de basis is dat Sjoerd ensa in nûmer skriuwt mei en foar in artyst. It bliuwt net allinnich by plannen: Wy hawwe de earste entûsjaste tasizzingen al binnen: Emiel (Hûnekop), Piter Wilkens, Inez Timmer, Sipke (De Suskes) en Krijn (Die Twa). 

Oan it gebrek oan entûsjasme fanút de Fryske Muzykscene sil it dus seker net lizze, it giet derom dat wy de finansjele mooglikhiten krije kinne om alles echt goed en grut opsette te kinnen. Fandêr dit skriuwen fansels!

Dan de jildsaken: Foar it opnimmen fan it Album sille wy in bedrach fan €5.000,- oant €8.000,- nedich hawwe. Al it jild wat wy ekstra krije kinne, sil ynsetten wurde om in promo-tour te organiseren troch Fryslân wêrby't wy mei Fryske artysten it album Live spylje sille. Eltse euro is meinaam.

Ta ôfsluting:

Mei de meast ferneamde Fryske artysten in album opnimme yn it Frysk om de Fryske Taal en Kultuer te promoten, wêrby wy as artysten al serieuse plannen hawwe: Dat slút dochs hielendal perfekt oan by de doelen fan de provinsje?! Wy ferwachtsje dan ek dat ús projekt in effekt hawwe sil op de hiele Provinsje.

Wy hearre graach fan jimme! Mei freonlike groetnis,

Jacob Wijnsma Sjoerd ensa