Werom

TIKTOK-FESTIVAL

Semko Semko  •  06-04-2022  •  De takomst fan it Frysk  • 

Tiktok en mear
Tiktok en mear

Alle tiktokkers en contentcreators fan youtube en oare platfoarms wolle wy útnûgje foar in gearkommen. It wurdt in gearwêzen fan tiktokkers dy’t inoar kenne fan it platfoarm en fans dy’t mei-inoar yn ‘e kunde komme sille. Op himsels sil dat al in feestje wurde. Elkenien kin meidwaan mei koarte workshops, dêr’t in pear Friezen en Friezinnen útlis jaan sille oer it hoe en het en it wêrom fan de Fryske taal. Yn ‘e rin fan it hiele byinoarwêzen wurdt elkien útnûge filmkes te meitsjen om dy te dielen oer alle sosjale mediaplatfoarmen. 

Wy freegje in bedrach oan fan fyftjintûzen euro, regelje seal en sprekkers en soargje foar de oanklaaiïng fan de ambiânse. Wat der op it plak sels allegear kreëarre wurdt, sil skielk troch tûzenen minsken besjoen wurde. 

Dêrnjonken wolle wy besykje om by de oanwêzigen in positive(re) ynstelling oer it Frysk ûntstean te litten, sadat hja harren tenei -mûnling en skriftlik- faker uterje sille yn dy taal. 

Idee yntsjinne troch: Onderwijsbureau Semko

Jo moatte ynlogge of in akkount oameitsje om reagearje te kinnen.
Geen mijlpalen gedefiniëerd