Ga terug
🚲 Situatie 1 — Fietspad / Fytspaad
Let op: Zodra je jouw keuze hebt gemaakt, kleurt deze groen met ✅ groen vinkje.. Je hoeft niets op te slaan — je keuze wordt automatisch bewaard. Tot het einde van de looptijd kun je je keuze altijd nog aanpassen. Klik boven de afbeelding of hier op ‘Ga terug’ om naar de andere vragen te gaan.
Waarom het Fries niet bovenaan
It Frysk soe boppe oan moatte, spitich dat die keus der net is.
En graach Frysk boppe.
Wat in jildfergriemerij! Dat de Fryske plaknammen op de buorden kamen te stean wie fansels in hiele moaie foarútgong, mar dit is ûnsinnich, wa hat hjir om frege? It sjocht der ek net út en boppedat falt der neat te kiezen. Wolle jo it Frysk befoarderje? Praat it en skriuw it!
Jo ûnderskatte it belang fan de sichtberens fan de taal. As it Frysk meidocht yn in offisjele setting lykas it ferkear, dan sil dat de hâlding dy't minsken tsjin de taal oer hawwe, ferbetterje. En dat is yn it belang fan it behâld fan de taal. Mear as dat jo tinke.
Frysk heart boppe te stean!
Der liket net safolle te kiezen te wêzen, oars as wol of net in streek tusken beide talen. Op syn minst soene we dochs kieze kinne moatte hokker taal boppe-oan stean moat. Myn foarkar soe it Frysk wêze. Ik bin it net iens mei de reäksjes dat dit jildfergriemerij wêze soe. It Frysk kin as minderheidstaal wol wat stipe brûke. Der is genôch ferlet om Frysk te praten, allinnich kin dat faak ûnder sosjale druk net en as ik guon reäksjes lês dan sil dat ek wol net gau feroarje.
Fryke taal boppe en Nedrlânske taal ûnder
Graach Frysk boppe oan...
Eins moat allinnich it Fryske fytspaad brûkt wurde. Dy Hollanners rêde harren yn bûtenlân ek wol.
Mei in streepke der tusken. Mar dan wol Frysk boppe. Oft minsken it écht net begripe, kinne se de oersetting der ûnder wol sjen.