Holwert oan Sea
It doarp Holwert is sels mei in foarstel kaam dat alle belutsenen entûsjast makket. Bewenners, wetter yngenieurs, ûndernimmers, keunstners en natuerleafhawwers sjogge der foardielen yn en wolle der mei oan de slach. Op it plak dêr't men fyftich jier lyn de Waadsee fierder ynpolderje woe, is in plan ûntstien yn tsjinoerstelde rjochting, wêrby't de natuerlike dynamyk krekt mear romte krijt.