Stel dat je bij de rechter of advocaat voor het Fries zou kiezen. Denk je dat je dan minder professioneel of minder serieus zou overkomen? Waarom wel of waarom niet?
At dat sa wêze soe seit dat wat oer de rjochtbank en of de rjochters. Frysk is in taal en gjin dialekt. Wol fyn ik dat in Fries it net op de spits hoecht te driuwen; wy kinne allegearre ek Nederlânsk.
Wêrom soe ik dan minder profesjoneel of minder serieus oerkomme? Ik bin grutbrocht yn it Frysk, Dat is ien fan de offisjele talen fan dit lân. Ik haw it rjocht om dit te praten foar de rjochtbank yn Fryslân lies ik yn de foarige fraach. At jim sokke fragen begjinne te stellen, nimme jim jimsels dan wol serieus? Dizze fraach sa stelle fyn ik denigrearjend, foarynnommen en eins sels diskriminearjend. Ik gean der fan út, dat it foar dy rjochters en abbekaten yn elts gefal gjin probleem is. At ik bygelyks minder ferstânlike fermogens haw as gemiddeld (om hokker reden dan ek), of gewoan myn klompen en wurkklean oan haw, dan soe de rjochter, offisier fan justysje of advokaat dêrom dochs ek gjin ûnderskie meitsje meie?
Soe ik net witte. Mar ik ha it rjocht en ot it by rjochters en advocaten net kin dan soe it net bêst wêze. Dit binne just de persoanen dy witte wot wol en wot net mei. Dus ot sy professioneel binne dan nimme sy my ek wol serieus ot ik Frysk soe prate.
Wat ik yn syn algemienens fernim is dat minsken dy't Nederlânsktalich binne dejingen dy't in dialekt prate (en dêr fâlt it Frysk yn har eagen gauris ûnder) minder serieus nimme. Ja, wêrom. Ik seach even op AI, dy seit: troch kulturele ferskillen en it fenomeen 'urbanocentrisme', werbij't de stêd as noarm foar súkses en yntelliginsje sjoen wurdt. Oer kulturele ferskillen, nije ynkommelingen yn Nederlân sizze hjiroer: Nederlanners binne sa formeel, Friezen binne gewoaner.
Nee, dat tink ik net. In taal hoecht neat te sizzen oer de professionaliteit fan in persoan. Asto dysels better úterje kinst yn dyn memmetaal, dan kinst dyn ferhaal ek better oerkomme litte op in oar.

Wat in nuvere fraach. Hjir sit dochs in oardiel yn: troch Frysk praten wurdst mooglik minder serieus naam.

Tuurlijk niet.