Samenwerken in plannen
Geef jouw taal de ruimteWelke rol spelen Friese streektalen volgens jou in het behoud van cultuur en identiteit? Bildts, Stellingwerfs, Hylpers, Stadfries, Woudfries, Noorhoeks en Kleifries?
Fryslân bloeit door tweetaligheid. Jouw inbreng is belangrijk om Nederlands en Fries ook in 2051 samen te laten bloeien. De antwoorden worden gebruikt voor het toekomstplan van Provinciale Staten. Je hoeft niet alle vragen te beantwoorden; kies de vragen die jou aanspreken.
Na elk antwoord kun je rechtsboven doorklikken naar de volgende vraag. Antwoord in de taal die jij wilt: Nederlands, Frysk of een combinatie van beide!
Streektalen binne like wichtich as lânstalen yn de measte kommunikaasje. Eltse lytse krobbe soe it gefoel krije moatte dat de taal dy 't sy of hy sprekt net útmakket, dat alles wolkom is. It leafst soe ik wolle dat minsken dy 't mei bern wurkje de meast sprutsen talen yn dy omjouwing begripe kinne en as it efkes kin ek brûke, sadat de bern har net ferbrekke moatte en it gefoel krije dat wat se ynbringe derta docht. Se kinne dan har taal brûke en leare sels wol gau genôch yn hokker sitewaasje se nije wurden leare moatte. Dêr binne bern ta útrist.
De streektaal is o sa wichtich foar dyn identiteit. Wa ' tst bist en wêr ' tst weikomst. Ek hâldt it mei-inoar dizze taal praten de pleatslike kultuer yn stân. Ik bin fan betinken dat hjir folle mear omtinken foar jûn wurde moat as it no de Fryske streektaal is of de Grinzer of Limboarchske en sa kinst der noch folle mear opneame.
Het is precies hetzelfde als met al onze mooie, interessante, verschillende dialecten in het Nederlands. Waardevol en een deel van de identiteit van mensen.
Harren rol is o sa wichtich. Taal, kultuer en identiteit binne sa ferbûn!
Taal is krúsjaal foar de identiteit fan minsken. Dêr moatte dus rom omtinken en middels foar beskikber wêze om te behâlden en minsken it gefoel te jaan dat dy taal (harren taal) derta docht.
ik vind de verschillende Friese streektalen een heel belangrijk onderdeel van de cultuur, maar ook als maatschappelijke cohesie en verbondenheid voor groepen mensen. Het geeft een gevoel van geborgenheid en ergens thuishoren. ook al spreek ik zelf geen dialect, toch vind ik het heel belangrijk en alle verschillende "soorten Fries" vind ik persoonlijk heel charmant en geven ons Fries ook nog meer diepgang.
Gjin grutte rol. Dat hâldt net yn dat se ferdwine moatte. It is wol kultuer.
In aardige rol. Werkenberens is wichtich en de taalrykdom is faak net oer te setten.
Dy moatte ek bliuwe
Foar alles binne ús memmetaal en streektalen tige wichtich foar it behâld fan ús idintiteit. Ik ha jierren lang foar myn wurk rûnom yn Nederlân wurke en bin der sadwaande achter kommen wat in rykdom wy ha mei al dat ferskaat oan talen en dialekten. En litte we dat koesterje!