Samenwerken in plannen
Geef jouw taal de ruimteWat betekent tweetaligheid voor jou?
Fryslân bloeit door tweetaligheid. Jouw inbreng is belangrijk om Nederlands en Fries ook in 2051 samen te laten bloeien. De antwoorden worden gebruikt voor het toekomstplan van Provinciale Staten. Je hoeft niet alle vragen te beantwoorden; kies de vragen die jou aanspreken.
Na elk antwoord kun je rechtsboven doorklikken naar de volgende vraag. Antwoord in de taal die jij wilt: Nederlands, Frysk of een combinatie van beide!
Dat de friezen yn Fryslân oeral harren memmetaal sprekke kinne en dat bewenners dy't fan bûten Fryslân hjir komme te wenjen besykje moatte om it frysk yn alle gefallen ferstean te kinnen. Foar bûtenlanners is dat miskien noch it dreechste. Dy moatte ek al it nederlânsk leare.
fielt as thús
De 2 talen zijn van mijn land. Ik spreek er echter meer.
Om't ik njonken it Frysk noch fjouwer moderne Jeropeeske talen sprek — tankzij datzelfde Frysk.
Der soe mear aksie fan de provinsje komme kinne
- om de minsken dúdlik to meitsjen dat se yn alle gefallen it rjocht hawwe om yn it Frysk to begjinnen mei in petear. It is net minderwurdich as ûnbeleefd. I heart ta jins identiteit, krekt as jo geslacht en gender.
- Twaddens kin de provinsje soargje dat der op skoallen mear tiid oan Frysk praten, lêzen en skriuwen bestede wurd, en dat it ek troch de ynspeksje kontrolleare wurd
Troch ûndernimmers en ynstânsjes it fiele te litten dat it Frysk mearwearde hat yn de kommunikaasje.
En ferhalen op te heljen fan minsken dy't har echt heard fiele yn dizze moaie taal!
Myn ferhaal: doe't ik yn skieding wie, siet ik op in bepaald stuit by de notaris foar de skiedingsakte. Ik hearde de notaris Frysk praten mei de sekretaresse en ik frege: kin de beyhanneling fan de akte ek yn it Frysk? Dat koe en dêr wie ik tige wiis mei. It wie foar my treastryk. It makke it momint better te dragen.
Dat jouwt my in bredere horizon, Frysk fielt tichterby
Nederlands
Twataligens is in mearwearde foar my
Yn it Frysk kin ik my it beste yn uterje.