Samenwerken in plannen
Geef jouw taal de ruimteWat betekent tweetaligheid voor jou?
Fryslân bloeit door tweetaligheid. Jouw inbreng is belangrijk om Nederlands en Fries ook in 2051 samen te laten bloeien. De antwoorden worden gebruikt voor het toekomstplan van Provinciale Staten. Je hoeft niet alle vragen te beantwoorden; kies de vragen die jou aanspreken.
Na elk antwoord kun je rechtsboven doorklikken naar de volgende vraag. Antwoord in de taal die jij wilt: Nederlands, Frysk of een combinatie van beide!
It betsjut foar my dat ik my útdrukke kin yn myn memmetaal en yn it Nederlânsk. Mar it Frysk makket my tot wa't ik bin: in Fries. Ik bin Nederlanner, mar yn earste plak fiel ik my in Fries en it Frysk heart by myn identiteit. Ik bin grutsk om in Fries te wêzen en de Fryske taal te sprekken, ferstean en te lêzen. De Fryske taal soarget derfoar dat jo drekt in spesjale bân hawwe mei oare Frysktaligen. Ek as jo se net kenne; it fielt as thúskomme.
In rykdom en sa pak ik alle bekende foardielen dy’t it mei him meibringt mei
Hiel belangryk, ik sil altiid it frysk brûken bliuwe. Der neist it Nederlânsk
ik vind het helemaal prima, hoort bij deze streek
Fielt hiel fertroud.
Bin 80 jier en hoopje dat oer 80 jier der noch altyd frysk sprutsen wurd
Mei myn famylje en freonnen wurdt allinnich mar frysk sprutsen
Frysk
Ik bin Frysk opvoed troch myn âlders. Frysk is dus myn Memmetaal en dêr bin ik tige grutsk op. Myn âlders binne fan miening dat ik 't Hôllansk bûten de doar en op skoalle lere soe en dat is hielendal goed kaam. Ik kin hast krekt sa makkelik Frysk as Hôllansk prate. Dochs tink ik yn 't Frysk.
Ik gean no nei in soarchbourkerij en dêr is in berne-opvang dy't ek twataligens is. Dat fyn ik tige wichtich. In oar foarbyld is dat ik oppas wie by in gesin dy't de bern sels trijetalig opvoeden. Ingelsk, Hôllansk en Frysk. Hiel goed foar de taalûntwikkeling fan bern. Ik wol 't allinich mar tajuiche!
By ús yn de famylje en by de measte freonen prate twataligens. Myn freon koe oant syn 4e jier net hearre. Dêrom moasten syn âlders en broers fan de artsen Hôllansk mei him prate. Syn Heit fûn dat lêstich en is yn syn puberteit wêr Frysk praten gong. Eltsenien praat Hôllansk mei him, mar ik bin drekt yn Frysk begong ek mei skriuwen fan kaarten, sms, app, mail. 'T giet nei 2 jier steeds better!
As ynwenner fan Fryslân is it hiel goed de Fryske taal en kultuer so folle moochlik te brûken en te hearen. It jouw in thúsgefoel en in gefoel fan verbining mei it lân de stêd en mei de minsken. De tael is neffens my it haadyngrediïnt fan us kultuer